Swarte reager
| Swarte reager | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Egretta ardesiaca | ||||||||||||
| Wagler, 1827 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De swarte reager (Egretta ardesiaca) is in fûgel út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). It is ien fan 'e soarten yn it skaai lytse reagers (Egretta).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De 42 oant 66 sintimeter fûgel is hast hielendal swart oant donkergriis fan kleur. Op 'e kop sit in túf fan lange, smelle fearren. De snaffel en poaten binne lang en swart, mar ûnder by de teannen wurde de teannen felgiel en yn 'e briedtiid kin it giel sels ferkleurje nei read. De eagen hawwe in giele oant donkerbrune iris.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swarte reager komt foar yn Afrika besuden de Sahara en op Madagaskar. It ferspriedingsgebiet rint fan Senegal yn it westen oant Etioopje en Eritreä yn it easten en fierder hielendal nei it suden oant Súd-Afrika.
De fûgel is meast in stânfûgel, mar lokaal migrearje se ôfhinklik fan 'e rein en it wetterpeil. De swarte reager hâldt fan ûndjip, stilsteand of stadich streamend wetter, lykas marren en puollen, mar ek yn mangroves. De fûgel ûntbrekt yn it Kongobekken en yn drûge woastyngebieten.
De fûgel is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling is yn ûndersoarten.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel is tige bekend fanwegen syn jachttechnyk: hy rint stadichoan troch ûndjip wetter en spriedt dan ynienen syn wjukken yn in rûne foarm as in paraplu om 'e kop hinne. De punten fan 'e fearren reitsje it wetter hast oan, wêrtroch't der in folsleine sirkel fan skaad ûntstiet. Dat docht de reager om fisken te lokken dy't in skadich plak sykje tsjin de sinne of oan rôffûgels ûntkomme wolle. In oar foardiel foar de reagers is dat troch de paraplu de skittering fan 'e sinne ferdwynt en it foar de reager ienfâldiger wurdt om de proai te lokalisearjen.
Alhoewol't se faak allinnich jage, binne it ek sosjale fûgels. Se wurde geregeldwei yn groepen fan 50 oant wol 200 fûgels sjoen op plakken dêr't in soad iten is.
De fûgels briede yn grutte groepen oant wol hûnderten nêsten, faak yn selskip fan oare reagers, ibissen of ielguozzen. In wyfke leit trochstrings 2 oant 4 aaien. De aaien hawwe in opfallende donkerblauwe oant griisblauwe kleur. Beide âlden briede de aaien yn likernôch 25 dagen út en fersoargje de jongen. De piken sitte by it útkommen yn griis dûns en hawwe in wite túf op 'e kop. Sadree't de jongen útflein binne, begjinne se fuortendaliks mei it oefenjen fan harren ferneamde jachttechnyk.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt troch de IUCN op 'e Reade list klassifisearre as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje wurdt op 25.000 oant 100.000 fûgels rûsd. Hoewol't de fûgel yn grutte dielen fan Afrika algemien foarkomt, wurdt der yn regio's lykas Súd-Afrika in lichte delgong yn 'e waarnimmings rapporteare. Op Madagaskar is de tebekgong fan 'e soarte foars en dêr wurdt de fûgel yntusken as bedrige beskôge. Minsken foarmje foar de swarte reager de grutste bedriging.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Lytse reager
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe

