Swarte readkopwevers
| Swarte readkopwevers | ||
| readsturtmalimbe | ||
| Taksonomy | ||
| ryk | dieren (Animalia) | |
| stamme | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
| boppefamylje: | moskfûgels (Passeroidea) | |
| famylje: | weverfûgels (Ploceidae) | |
| skaai | swarte readkopwevers (Malimbus) | |
| Vieillot, 1805 | ||
It fûgelskaai swarte readkopwevers (Malimbus) heart ta de famylje fan 'e weverfûgles (Ploceidae).
De fûgels fan it skaai hawwe harren fersprieding yn West- en Sintraal-Afrika, dêr't se yn reinâlden en oan boskrânen libje, somtiden ek iepen bosk en sekundêr bosk. Se binne lyts oant middelgrut fan likernôch 12 oant 17 sm. De fûgels ha in swart fearrekleed mei opfallende reade patroanen op 'e kop, kiel en búk. Mantsjes binne meast wat feller yn 'e kleuren as wyfkes.
Swarte readkopwevers libje yn groepkes en binne faak heech yn 'e beammen aktyf en ite ynsekten, spinnen en wat fruchten. It binne echte wevers, dy't hingjende nêsten fan gers, blêd en plantfezels bouwe.
De typesoarte fan it skaai is de readsturtmalimbe (Malimbus scutatus). Dat is fêstlein troch Louis Jean Pierre Vieillot yn 1805, doe't er it skaai beskreau.
| Ofbyld | Wittenskoplike namme | Fryske namme | Fersprieding | Status/Trend |
|---|---|---|---|---|
| Malimbus ballmanni | Golamalimbe | Nastjonaal Park Gola yn Sierra Leöane en yn westlik Libearia, eastlik Libearia oant westlik Ivoarkust en Natuerreservaat Diécké yn Guinee | hast bedrige | |
| Malimbus cassini | Cassini's malimbe | Sintraal-Afrika | net bedrige stabyl[2] | |
| Malimbus coronatus | swarte readkrúnmalimbe | Sintraal-Afrika | net bedrige | |
| Malimbus erythrogaster | readbúkmalimbe | Sintraal-Afrika | net bedrige | |
| Malimbus ibadanensis | Ibadanmalimbe | Nigearia | bedrige | |
| Malimbus malimbicus | túfmalimbe | Afrikaanske tropyske reinwâld | net bedrige | |
| Malimbus nitens | readboarstmalimbe | Afrikaanske tropyske reinwâld | net bedrige stabyl[7] | |
| Malimbus racheliae | Rachels malimbe | westlik Sintraal-Afrika | net bedrige | |
| Malimbus rubricollis | readkopmalimbe | Afrikaanske tropyske reinwâld | net bedrige stabyl[9] | |
| Malimbus scutatus | readsturtmalimbe | West-Afrika | net bedrige stabyl[10]
| |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
