Springe nei ynhâld

Swarte protter

Ut Wikipedy
swarte protter
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaiprotters (Sturnus)
soarte
Sturnus vulgaris
Temminck, 1820
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De swarte protter (Sturnus unicolor) is in fûgel yn it skaai protters (Sturnus) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).

Ofbyld fan in swarte protter wêrfan't de lange kielfearren goed te ûnderskieden binne.

Folwoeksen swarte protters ha in soad fan gewoane protters, mar binne mei in lingte fan 21 oant 23 sm krekt wat grutter. Se binne donkerder en ha in oalje-eftich swart fearrekleed, dat yn it ljocht in poarperen of griene glâns kriget. De fearren binne yn 'e maitiid en simmerdeis hielendal sûnder plakjes en winterdeis ferskine der allinnich hiele lytse feale plakjes oan 'e ein fan 'e fearkes. In oar ferskil mei de gewoane protter is dat de fearren op 'e kiel twaris sa lang binne as dy fan 'e gewoane protter. Dy fearren binne fral goed te sjen as de fûgel sjongt. De poatsjes binne rôze en simmerdeis is de snaffel fan mantsjes giel mei in blau-eftige basis en fan wyfkes giel mei in rôze-eftige basis. Winterdeis is de snaffel fan beide skaaien swarteftich. Jonge fûgels binne brún en donkerder as jonge, gewoane protters en se ha in swarteftige snaffel en brune poatsjes.

De soarte is te finen by bewenning troch minsken, yn tunen, yn hôven en op klippen as dêr in mooglikheid is om te brieden. De swarte protter is op it Ibearysk Skiereilân en oan 'e noardwestlike kust fan it Afrikaanske kontinint in stânfûgel. Se komme ek op 'e eilannen Sisylje, Sardynje en Korsika foar. Yn it noarden grinzget it fespriedingsgebiet oan dat fan 'e gewoane protter.

De swarte protter sjongt helder. It lûd is net skerp en fol mei tsjirpende en fluitsjende toanen, somtiden mei imitaasjes fan oare fûgels en lûden út de omjouwing. Harren sang klinkt fjoerich en ritmysk en wurdt faak werhelle.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Swarte protters ite fan alles, mei in foarkar foar in ferskaat fan wringeleaze dierkes en plantaardich materiaal. Se ite in soad ynsekten, larven, slakken, spinnen en wat se mar fine op it lân of op oare plakken. Ek ite se fruchten en beien, fral bûten de briedtiid.

Jonge swarte protter.

De briedtiid is meast fan april oant july en it nêst wurdt yn beamholtes boud, yn holtes fan gebouwen en yn bosken of parken. Ek nêstkasten wurde brûkt. It binne koloany- of semy-koloanybrieders. In lechsel bestiet yn 'e regel út fjouwer oant seis blaugriene aaikes. De ynkubaasjetiid duorret 12 oant 14 dagen. De jongen wurde mei ynsekten fuorre, sadat se troch de dierlike proteïne rap groeie kinne. Nei it útfleanen bliuwe de âlders en de jonge fûgels faak noch in skoft byinoar.

De swarte protter is in sosjale fûgel, dy’t faak yn groepen foarkomt. As de fûgels by it skimerjen harren sammelje om nei de sliepplakken te fleanen, foarmje se grutte kloften dy't út wol tûzenen fûgels kinne bestean.

In rûzing út 2018 hâld de populaasje op 63.600.000 oant 81.900.000 folwoeksen fûgels. De populaasje wurdt as stabyl beöardiele en op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige klassifisearre. Likernôch 75% fan 'e soarte libbet yn Europa.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: