Springe nei ynhâld

Swarte kroankraanfûgel

Ut Wikipedy
swarte kroankraanfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftkraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famyljekraanfûgels (Gruidae)
skaaikroankraanfûgels (Balearica)
soarte
Balearica pavonina
Linnaeus, 1758
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

De swarte kroankraanfûgel (Balearica pavonina) is ien fan 'e twa soarten yn it skaai kroankraanfûgels (Balearica) út de famylje fan 'e kraanfûgels (Gruidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 as Ardea pavonina troch Carolus Linnaeus publisearre. Troch it ferlies fan habitat is de soarte in kwetsbere fûgel woarn yn tropysk Afrika.

Kop fan 'e swarte kroankraan.

De fûgel wurdt trochstrings 104 sm grut, weaget sa'n 3,6 kg en hat in spanwiidte fan 1,87 m. Se binne swarteftich mei wite dekfearren op 'e ûnder- en boppewjuk. Op 'e krún hat de fûgel in kroan fan rjochtopsteande goudkleurige fearren en op 'e wangen in readrôze plak.

De swartkroankraan is in Afrikaanske fûgel dy't lokaal foarkomt yn 'e Sahel fan Guinee oant Etioopje. De soarte wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swartkroankraan komt foar yn drûge savannes, mar altiten mei ûndjip wetter mei in soad wetterplanten yn 'e neite. Se briede faak yn wat wietere gebieten. Hy ferskilt fan 'e grize kroankraanfûgel, dy't in foarkar jout oan wietere habitats foar it sykjen nei iten. Beide soarten binne de iennige kraanfûgels dy't yn beammen in nêst bouwe kinne. Lykas alle kraanfûgels yt er ynsekten, reptilen en lytse sûchdieren.

Neffens in rûzing fan 2024 wurdt de populaasje op 44.000 oant 74.000 folwoeksen fûgels rûsd. Bedrigingen foarmje it ferlies fan it habitat troch drûchte, it oanmeitsjen fan lân foar lânbou en bewenning, brannen, fersmoarging en yrrigaasjeprojekten. Dêrfandinne stiet de soarte as kwetsber op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: