Springe nei ynhâld

Swarte kat

Ut Wikipedy
In swarte kat.

In swarte kat is in kat (Felis catus) dy't in hielendal swarte pels hat. Almeast binne it bisten fan gjin spesifyk ras, mar der binne mear as 22 formeel erkende katterassen dy't in folslein swarte pels hawwe kinne. Ien dêrfan, de Bombaykat, kin allinnich mar swart wêze. De measte swarte katten hawwe eagen mei gouden irissen fanwegen har hege konsintraasje fan it pigmint melanine.

Yn 'e folksmûle wurde katen dy't hast hielendal swart binne, bygelyks mei allinnich in wyt befke, in wyt poatsje of in wite punt oan 'e sturt, ek swarte katten neamd. Mar eins is eltse kat dy't ek mar it lytste bytsje wyt yn syn pels hat, in bûnte kat. Inkeld katten dy't folslein swart binne, kinne strikt nommen foar swarte katten oanmurken wurde. Wol kin it foarkomme dat it swarte hier fan in kat troch sinneljocht ferbleekt ta brún, in proses dat yn 'e kattefokkerij "roastkjen" neamd wurdt.

Der bestie yn it ferline in protte byleauwe om swarte katten hinne. Katten, mar yn 't bysûnder swarte katten, waarden troch in protte lju sjoen as wêzens dy't in bân hiene mei it kwea yn it algemien en de duvel yn 't bysûnder. Yn 'e tiid fan 'e hekseferfolgings waarden swarte katten gauris as de liedgeasten fan heksen beskôge. Tsjintwurdich is fan dat byleauwe net folle mear oer, behalven dat noch wol sein wurdt dat it ûngelok bringt as in swarte kat jins paad krúst. Op 'e Britske Eilannen waarden swarte katten trouwens fan âlds krekt as bringers fan gelok sjoen, in konsept dat ôfkomstich wie út 'e Keltyske kultuer.

Lykwols wurdt wol sein dat swarte katten de lytste kâns meitsje fan alle kleurfarianten fan 'e kat om út in diere-asyl wei adoptearre te wurden. Undersyk nei dy bewearing hat tsjinstridige resultaten opsmiten, en de kwestje is noch net útiten. Yn Noard-Amearika wegerje guon diere-asilen om yn 'e oanrin nei de hjeldei Halloween swarte katten adoptearje te litten, út eangst dat de bisten yn it ramt fan Halloween martele wurde sille of brûkt wurde sille as libbene Halloweenfersiering om nei ôfrin fan it feest dumpt te wurden. Der bestiet lykwols gjin bewiis dat it marteljen fan swarte katten mei Halloween ea bard is. Wannear't der deade katten mei ysbaarlike ferwûnings fûn binne, wiist forinsysk ûndersyk yn 'e regel nei rôfdieren, lykas de prêrjewolf (Canis latrans), of nei grutte rôffûgels, lykas earnen, as de dieder.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.