Springe nei ynhâld

Swarte earn

Ut Wikipedy
Swarte earn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifthaukfûgeleftigen (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaiechte earnen (Aquila)
soarte
Aquila verreauxii
Lesson, 1830
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De swarte earn (Aquila verreauxii) is in grutte rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It is in opfallende ferskining dy't foaral foarkomt yn 'e rotsige gebieten fan it súdlike en eastlike diel fan Afrika. De wittenskiplike namme is in earbetoan oan 'e Frânske samler Jules Pierre Verreaux.

Fûgel yn 'e flecht.

De swarte earn is in grutte earn mei in lichemslingte fan 78 oant 88 sm en in wjukspanwiidte fan 1,89 oant 2,09 m. Dêrmei is er krekt wat lytser as de stienearn (Aquila chrysaetos).

It fearrekleed fan folwoeksen fûgels is foar in grut part swart. Karakteristyk binne de wite "V" op 'e rêch en de wite stút. Yn 'e flecht binne der dúdlike wite plakken te sjen op 'e slachpinnen fan 'e wjukken. It sylhûet fan 'e wjukken is apart: de wjukbasis is frij smel, wylst de hânpinnen breed útwreidzje.

Jonge fûgels lykje mear op 'e stienearn mei harren gielbrune nekke, mar se binne te werkennen oan 'e spesifike wjukfoarm en in lytser kopke.

Fersprieding en habitat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earn komt lokaal foar yn Afrika besuden de Sahara en op it súdlike diel fan it Arabysk Skiereilân. Hy libbet yn rotsige berchstreken, op 'e savanne en yn healwoastinen, oeral dêr't syn haadfiedsel foarkomt.

De swarte earn is it naust besibbe oan 'e Afrikaanske haukearn (Aquila spilogaster) en de haukearn (Aquila fasciata). Der wurde gjin ûndersoarten erkend (monotypysk).

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Swarte earn yn Súd-Afrika.

De fûgel is sterk bûn oan rotsrânen. De earn is in spesjalist: syn dieet bestiet foar it grutste part út klipdassen (Procavia capensis). Dêrnjonken yt er ek wol oare sûchdieren, fûgels en skyldpodden.

It nêst kin wol 1,8 meter breed wurde en wurdt meastentiids tsjin 'e rots of yn in grot boud, mar soms ek yn in beam.

De earn leit meastentiids twa aaien. It âldste jong deadet lykwols it jongste hast altiten binnen trije dagen nei it útkommen fan it aai. Dat kaïnisme soarget derfoar dat de âlden al harren enerzjy yn ien sterk jong stekke kinne.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt op dit stuit as stabyl beskôge. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op tsientûzenen yndividuen. Dêrom stiet de swarte earn as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: