Springe nei ynhâld

Swartboarstwilster

Ut Wikipedy
swartboarstwilster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaiswartboarstwilsters (Erythrogonys)
soarte
Erythrogonys cinctus
Gould, 1838
IUCN-status:

De swartboarstwilster (Erythrogonys cinctus) is in fûgel fan it monotypyske skaai swartboarstwilsters (Erythrogonys) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae)

Fûgel yn Lake Wendouree, Ballarat.

De 17,5 oant 19 sm lange fûgel is likernôch like grut as de bûnte wilster. Op 'e kop, boppe it each en yn 'e nekke is de fûgel swart. Oer it boarst hat de fûgel in brede boarstbân, dy't mei in fine streek oanslút op in swarte bân yn 'e nekke. De kiel is wyt en kontrastearret mei it swart dêromhinne. Op 'e flanken hat de fûgel in kastanjebrún plak. De rêch is griisbrún, lykas ek de boppewjukken. De fûgel hat in readrôze snaffel mei in donkere punt en de poaten ha ek in readrôze kleur, mar wurde ûnder de knibbel laaigriis.

De swartboarstwilster komt ferspraat foar yn 'e binnenlannen en kustgebieten fan Austraalje en it sintrale suden fan Nij-Guineä. Syn leefgebiet bestiet út ûndjip wetter by swiet- en brakwettersompen, klaaiputten, slibfjilden by wettersuveringsynstallaasjes en gebieten dy't splis steane. Yn tiden fan drûchte lûke fûgels nei de kusten en briede dêr dan ek.

Swartboarstwilsters ha in grut ferspriedingsgebiet en dêrom allinnich al is de kâns op útstjerren lyts. In rûzing fan 2023 giet út fan 16.700 oant 66.700 folwoeksen fûgels. De soarte komt relatyf algemien foar, mar yn it suden fan West-Austraalje is de fûgel seldsum en op Tasmaanje is it in swalker. Der is gjin oanlieding om te tinken dat de oantallen tebek rinne. Dêrfandinne stiet de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: