Swartbûnte stirnzen
| Swartbûnte stirnzen | ||
| bûnte stirnzen | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | wilstereftigen (Charadriiformes) | |
| famylje: | seefûgels (Laridae) | |
| skaai: | swartbûnte stirnzen (Onychoprion) | |
| Wagler, 1832 | ||
Swartbûnte stirnzen (Onychoprio) foarmje in fûgelskaai (Chlidonias) yn 'e famylje seefûgels (Laridae).
De soarten yn it skaai ha allegear swarte boppedielen en in ljochte ûnderkant. Alhoewol't it skaai al yn 1832 beskreaun waard troch Johann Georg Wagler, waard it oant koart ferlyn opnommen yn it tige grutte skaai Sterna (Bridge et al., 2005).
Trije fan 'e fjouwer soarten libje yn 'e tropen, útsein de Aleoetenstirns dy 't yn it hege noarden fan 'e in Grutte Oseaan libbet. Se bringe it grutste part fan harren libben boppe see troch en komme allinnich oan lân om te brieden. It binne op 'e grûn lûdroftige fûgels en se briede mei hûnderten oant tsientûzenen pearkes yn koloanjes. De nêsten binne faak net mear as ienfâldige kûltsjes yn it sân of op in flakke rots.
Se jeie troch flugge dûkbewegings op lytse fiskjes en folle it dieet oan mei ynsekten op it wetteroerflak of lytse kreeften.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai wurdt yn 4 soarten ûnderferdield:
| Ofbyld | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Fersprieding | Status/ Trend |
|---|---|---|---|---|
| Onychoprion aleuticus | Aleoetenstirns | East-Sibearje en West-Alaska, oerwinteret yn Súdeast-Aazje | kwetsber | |
| Onychoprion fuscatus | bûnte stirns | Pantropyske seeën tusken likernôch 25° noarder- en suderbreedte | net bedrige ûnbekend[2] | |
| Onychoprion anaethetus | leiestirns | Reade See, Perzyske Golf, Stille Oseaan, westlike Yndyske Oseaan, Karibysk gebiet en West-Afrika | net bedrige ûnbekend[3] | |
| Onychoprion lunatus | brilstirns | tropyske Stille Oseaan | net bedrige | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
