Springe nei ynhâld

Swartbúktangare

Ut Wikipedy
Swartbúktangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiholsnaffeltangaren (Ramphocelus)
soarte
Ramphocelus melanogaster
Swainson, 1838
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Swartbúktangare (Ramphocelus melanogaster) is in sjongfûgel út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is ien fan 'e njoggen soarten yn it skaai holsnaffeltangaren (Ramphocelus), wêrfan't de mantsjes in wyteftich oant blaugriis plak op 'e ûndersnaffel ha (by wyfkes is dat folle minder).

De fûgel liket in soad op 'e sulverbektangare, mar ferfangt dy soarte yn 'e rivierdellings yn útrinners fan 'e eastlike Andes. Mantsjes ûnderskiede har troch de felreade flanken en stút. Wyfkes fan beide soarten binne hast allyk, al is it read fan 'e swartbúktangare meast feller en de kiel donkerder.

De soarte is endemysk yn Perû en bestiet út twa ûndersoarten:

  • Ramphocelus melanogaster melanogaster: it noardlike diel fan Sintraal-Perû.
  • Ramphocelus melanogaster transitus: it eastlike diel fan Sintraal-Perû.

It natuerlike biotoop fan 'e soarte is subtropysk of tropysk fochtich bosk en degradearre earder oerwâld.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrfandinne as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: