Springe nei ynhâld

Swartbúkstirns

Ut Wikipedy
swartbúkstirns
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaiwytstirnzen (Sterna)
soarte
Sterna acuticauda
Gray, JE, 1831
IUCN-status: bedrige

De swartbúkstirns (Sterna acuticauda) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae) en de ûnderfamylje stirnzen (Sternini). De fûgel is in bedrige soarte dy't oarspronklik yn Súd- en Súdeast-Aazje foarkomt.

Fûgel yn 'e briedtiid.

De 32 oant 35 sm lange fûgel is likernôch like grut as de wytstirns en hat der ek wat hâlden en dragen in soad fan. Hy is griis fan boppe en hat in swarte mûtse en nekke. Yn 'e briedtiid wurdt it grize boarst nei de búk ta jimmeroan donkerder oant hast swart. Fierder hat de fûgel yn 'e briedtiid in oranje snaffel. Bûten de briedtiid binne it boarst en de búk ljochter en hat de snaffel in swarte tip.

De fûgel kaam oarspronklik yn in grut gebiet foar yn súdlik en súdeastlik Aazje, mar dat is hjoed-de-dei beheind ta Yndia mei lytse populaasjes fan mooglik net mear as 30 fûgels yn Pakistan, Nepal en Bangladesj. Earder waard tocht dat de soarte yn Birma útstoarn wie, mar dêr komt noch in tige lytse populaasje foar. Yn Sina (Yunnan), Noardwest-Tailân, Laos, Kambodja en Fjetnam is de soarte útstoarn. It is in stânfûgel dy't op sânflaktes en sânige eilannen yn grutte rivieren libbet.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel foerazjearret boppe swietwetter en rysfjilden en yt ynsekten en lytse fisken. Se briede fan febrewaris oant maaie, faak mei oare stirnzesoarten, mar net yn koloanjes fan 'e eigen soarte. It nêst is in yn it sân makke kûltsje net fier fan it wetter. In lechsel bestiet trochstrings út trije aaien. De briedgebieten lizze oant 730 m boppe de seespegel en net oan 'e kust.

De grutte fan 'e populaasje waard yn 2022 troch BirdLife International op 800 oant 1600 fûgels rûsd. De oantallen nimme noch jimmeroan ôf troch it ferlies fan habitat as gefolch fan fersmoarging, it yn kultuer bringen fan briedgebieten, de oanlis fan dammen, fersteuring, predaasje en it sammeljen fan aaien. De fûgel stiet dêrfandinne as bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: