Swart reidhintsje
| swart reidhintsje | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Gallinula tenebrosa | ||||||||||||
| Gould, 1846 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
It swart reidhintsje of de swarte reidhin (Gallinula tenebrosa) is ien fan 'e acht soarten yn it skaai reidhinnen (Gallinula) út 'e famylje ralfûgels (Rallidae). De soarte libbet yn Austraalje, Nij-Guineä en Yndoneezje.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It swarte reidhintsje is in middelgrutte fûgel. De fûgel is meast donkergriis oant swart, mei in brunere tint op 'e boppedielen. It skyld op 'e foarholle is read en de snaffel is lykas syn by ús bekende sibbe ek read mei in giele punt. In ferskil is dat it swarte reidhintsje net de wite streek op 'e flanken hat. Ek binne de poaten oranjegiel yn stee fan giel. De sturt is swart en wyt.
Yn 'e hjerst en winter wurdt de kleur fan it skyld op 'e foarholle by wyfkes en jonge mantsjes doffer, wylst it skyld yn it briedseizoen by beide skaaien wer helderder wurdt.
| Swart reidhintsje | Gewoan reidhintsje |
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar Austraalje, Nij-Guineä en Yndoneezje. Guon swalkjende, net-briedende fûgels kinne ek yn Nij-Seelân waarnommen wurde. Yn Austraalje wurde se fral oantroffen yn 'e eastlike steaten Fiktoaria, Nij-Súd-Wales en Queenslân, sa fier noardlik as Cooktown, en ek yn it eastlike diel fan Súd-Austraalje en de súdwestlike punt fan West-Austraalje. De fûgel libbet ek yn dielen fan Tasmaanje en Súd-Austraalje, mar komt dêr net algemien foar.
Der wurde trije ûndersoarten ûnderskieden, dy't wat formaat oanbelanget fan inoar ferskille:
- G. t. frontata: fan súdeastlik Borneo oant Sulawesi, de súdlike Molukken, Lytse Sûnda-eilannen en súdeastlik Nij-Guineä.
- G. t. neumanni: noardlik Nij-Guineä.
- G. t. tenebrosa: Austraalje.
It habitat bestiet út wiete gebieten mei in foarkar foar swietwettersompen en wurdt selden fier fan dy gebieten fûn, útsein as se foerazjearje. Se wurde ek fûn yn stedsparken en faak by opslachmarren en oan iggen fan rivieren. Se hawwe iepen wetter nedich mei wat dekking lykas gers, reid en oare fegetaasje.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgels migrearje net faak oer lange ôfstannen en kinne lang op itselde plak bliuwe. Se kinne nei oare lokaasjes yn it ferspriedingsgebiet migrearje as it iten krap wurdt. Jonge fûgels ferlitte it berteplak yn 'e hjerst en maitiid en wurde faak oantroffen op lokaasjes dy't normaal net faak besocht wurde troch folwoeksen fûgels.
Se briede yn it suden fan Austraalje fan augustus oant jannewaris, dêr't se meast ien kear briede, wylst de noardlike fûgels fan jannewaris oant juny faak twa kear briede. Se bouwe in nêst fan reid of gers oan 'e wetterkant of in pear sintimeter boppe it wetter. In lechsel bestiet út 5 oant 11 matte wite aaien mei readbrune plakjes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2025).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
