Swart-wite túfearn
| swart-wite túfearn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Spizaetus melanoleucus | ||||||||||||
| (Vieillot), 1816 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De swart-wite túfearn of swart-wite toefearn (Spizaetus melanoleucus) is in Amerikaanske fûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) mei in brede fersprieding fan Meksiko oant Argentynje. De soarte rint yn oantallen tebek, mar de wrâldpopulaasje wurdt likegoed as net bedrige beskôge.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swart-wite túfearn is in frij lytse (51 oant 61 sentimeter) en stevich boude earn mei lange, rûne wjukken, in frij lange sturt, in opfallende túf en befearre poaten. De spanwiidte is 110 oant 135 sm. Hy is wyt oan 'e ûnderkant en op 'e kop, mar hy hat in swart eachmasker en in lytse swarte kroan. De boppekant is swart mei wat brunere wjukken en in griiseftige sturt mei trije oant fjouwer swarte bannen. Yn 'e flecht is er fan ûnder wyt mei fine bannen oer de slachpinnen.arre slachpinnen en de sturt. It skerpe lûd fan 'e fûgel wurdt yn ferliking mei oare Spizaetus-earnen, mar komselden heard.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar yn 'e bosken fan súdlik Meksiko oant Brazylje en it noarden fan Argentynje. Earder waard er as ienige soarte yn it aparte skaai Spizastur pleatst, mar nei DNA-ûndersyk is er hjoed-de-dei by it skaai Spizaetus ûnderbrocht.
De wittenskiplike soartenamme melanoleucus komt út it Gryksk en betsjut letterlik "swart-wyt".
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swart-wite túfearn wurdt fûn yn ûnderskate typen boskomjouwings, lykas reinwâld, iepen plakken yn it bosk en boskrânen, meastentiids oant op in hichte fan 1700 meter en hiel inkeld oant 3000 meter. Under de proaidieren binne sawol sûchdieren, reptilen, podden as in ferskaat oan fûgelsoarten waarnommen. It earste beskreaune nêst, dat yn 1972 yn Panama fûn waard, lei op 40 meter hichte boppe de grûn yn 'e kroan fan in reuzebeam út it skaai Cavanillesia (Cavanillesia platanifolia).
Status en bedriging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Hoewol't der oannommen wurdt dat de fûgel yn oantallen tebekrint, is dy delgong net hurd genôch om de soarte as bedrige te beskôgjen. De IUCN kategorisearret de swart-wite túfearn dêrom as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op minder as 50.000 folwoeksen fûgels.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Amerikaanske túfearn
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
