Swalkjende fluitein
Swalkjende fluitein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Dendrocygna arcuata | ||||||||||||
Horsfield, 1824 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich | ||||||||||||
De swalkjende fluitein (Dendrocygna arcuata) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e acht soarten fan it skaai fluiteinen (Dendrocygna).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Swalkjende fluiteinen wurde 55 oant 60 sm lang en ha in spanwiidte tusken 80 en 90 sm. Se wurde trochstrings likernôch 635 gram swier. Der besteane hast gjin ferskillen tusken jerken en sijkes. Sijkes sitte krekt wat minder yntinsyf yn 'e kleuren.
Folwoeksen fûgels ha in donkerbrune oant swarte boppekop en efternekke. It gesicht en de hals is bleekbrún oant readbrún. Oer it gesicht rint in net skerpe eachstreek. It boarst is readbrún en liket troch de donkere fearreseamen skobbich. De rêch en stút binne donkerbrún oant swart; foar in part ha de fearren brede kastanjebrune seamen. De flanken binne kastanjebrun en ha in pear langere, lansetfoarmige fearren. De ûndersturtfearren binne wyt, de búk is kastanjebrún. De iris is readbrún. De snaffel, de poaten en fuotten binne swart. De wjukken binne op 'e skouders readbrún en fierder swart. Fan ûnder binne de wjukken swart.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De swalkjende fluitein hat in grut ferspriedingsgebiet yn tropysk en subtropysk Noard-Austraalje, Yndoneezje, East-Timor, Papoea Nij-Guineä, Maleizje (noardlik Borneo) en de Filipinen. De soarte kaam teminsten noch oant 1959 op 'e Fidzjy-eilannen foar. Eartiids libbe de soarte ek yn Nij-Kaledoanje.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is neffens formaat en wat minder wat kleur oanbelanget yn trije ûndersoarten te ferdielen.
- Dendrocygna arcuata arcuata: komt op in oantal eilannen fan 'e Filipinen en de leechlannen fan Nij-Guineä foar.
- Dendrocygna arcuata australis: is noch regelmjittich te sjen yn it noarden fan Austraalje.
- Dendrocygna arcuata pygmaea: Fidzjy, Nij-Brittanje.
Ien ûndersoarte is ekstreem seldsum en dat is de lytse swalkende fluitein (D. a. pygmaea), dy't op 'e Fidji-eilannen en Nij-Brittanje libbet. By de nominaatfoarm (D. a. arcuata) is it ferspriedingsgebiet net goed bekend. De soarte komt teminsten yn dielen fan it bekende ferspriedingsgebiet talryk foar, lykas in oantal eilannen fan 'e Filipinen en de leechflakten fan Nij-Guineä. De Australyske ûndersoarte (D. a. australis) is meast yn it noarden fan Austraalje noch regelmjittich te sjen, wylst de soarte yn it easten fan it lân tebekrint.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Se briede tusken desimber en maaie op in plak tusken heech gers en net fier fan it wetter. In lechsel bestiet út seis oant fyftjin aaien. De fûgels binne monogaam en se bliuwe in pearke oant ien fan beide stjert. It brieden en it grut bringen fan 'e piken is it wurk fan beide âlders.
Bûten de briedtiid is de swalkjende fluit ein in tige sosjale fûgel en is er yn grutte kloften waar te nimmen, faak besteande út tûzenen fûgels. Mei't de tiid drûger wurdt, wurde ek de groepen grutter. Yn 'e drûge tiid fan 1964 waarden bygelyks yn it Northern Territory kloften sjoen fan wol 40.000 fûgels. Faak binne dêr ek Australyske fluiteinen by. Swalkende fluiteinen kinne goed swimme en dûke faak.

De soarte yt allinne planten en ynsekten wurde yn 'e regel mei fersin meiïten. It iten wurdt dûkend of grondeljend ynnommen.
De fûgels fleane lykas oare fluiteinen mei harren kop djipper as de rêch en hingjende poaten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat lokaal mei in dúdlike tebekgong te meitsjen. Yn dielen (Fidzjy, Nij-Kaledoanje) fan it eardere ferspriedingsgebiet is de fûgel útstoarn. De grutste bedrigingen foarmje it ferlies fan geskikt biotoop troch lânbou en stedsútwreidingen.
De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as net bedrige.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- BirdLife, oproppen 4 febrewaris 2025.
- Ebird, oproppen 4 febrewaris 2025.
- Avibase, oproppen 4 febrewaris 2025.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dit artikel is foar in part in oersetting fan it Dútsktalige artikel. Sjoch foar boarnen en referinsjes: de:Wanderpfeifgans
|