Springe nei ynhâld

Swahilymosk

Ut Wikipedy
Swahilymosk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaimosken (Passer)
soarte
Passer suahelicus
Reichenow, 1904
IUCN-status: net bedrige

De Swahilymosk (Passer suahelicus) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).

Swahilymosk yn Tanzania.

De Swahilymosk is in relatyf kleurleaze grize fûgel mei brune wjukken en in ljochtere rustbrune boppekant en skouders. De fûgel liket in soad op 'e noardlike griiskopmosk, mar hy ûnderskiedt him dêrfan troch de tsjustere ûnderkant, in minder kontrastearjende ljochte kiel en in grizere rêch. Ek liket er op 'e tsjoksnaffelmosk, mar hy is lytser, hat in lytsere snaffel en in ljochtere ûnderkant. De rop is in fleurich tsjirpen en it liet bestiet út soartgelikense noaten.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel komt foar fan súdlik Kenia oant westlik Tanzania, Malawy en noardwestlik Mozambyk en waard earder faak as in ûndersoarte fan 'e gewoane húsmosk behannele en guon dogge dat noch jimmeroan. De fûgel is monotypysk, wat sizze wol dat der gjin ûnderfieling yn ûndersoarten is.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Swahilymosk komt algemien foar op savannes, yn lânbougebieten en om delsettings hinne.

De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: