Swaarm

In swaarm, swarm of swerm[1] is in sosjale groep bisten, wêrby't de oantsjutting spesifyk ferwiist nei fleanende bisten, lykas fûgels, ynsekten (bgl. bijen, meepsen of sprinkhoannen) of flearmûzen.
Swaarmjen is in foarm fan kollektyf hâlden en dragen, wêrby't de bisten dêr't de swaarm út bestiet, in diel fan har yndividualiteit opjouwe yn ruil foar stipe fan soartgenoaten. Swaarmen bewege har nammentlik faak troch de loft as wiene se ien inkeld superorganisme, ferlykber mei hoe't iezings fisken har ûnder wetter bewege. Dêrby past elts yndividu syn fljochbewegings oan oan 'e leden fan 'e swaarm om him hinne.
De stipe dy't leden fan 'e swaarm dêrfoar weromkrije, nimt de foarm oan fan feilichheid, tsjin oanfallen fan rôffûgels (dy't muoite hawwe om ien yndividu út in swaarm te isolearjen), mar ek tsjin minne waarsomstannichheden by 't winter, of om enerzjy te besparjen op 'e fûgeltrek.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
