Suzanna (rêdingsboat)

Ut Wikipedy
De Suzanna yn de haven fan Lauwersech (2014)

De rêdingsboat Suzanna is ien fan de fiif selsoprjochtsjende skippen fan it type Carlot. It skip waard boud yn 1968 fanwege de KNZHRM (no de KNRM).

De boat hat in lingte fan 20,37m, in breedte fan 4,15 m, in djipgong fan 1,40m en in wetterferpleatsing fan 53 ton. It skip wurdt oandreaun troch twa 8 silinder Kromhout TS motoaren fan 140 hk. it stik.

De Suzanna hat stasjonearre west yn De Helder fan 1968 oant 1998 en op Yslân fan 1998 oant 2008. De boat wurdt troch de KNRM yn de wintermoannen wer ynset as rêdingboat te Lauwerseach. Yn de simmermoannen wurdt de Suzanna brûkt foar promoasje fan it Waadgebiet en de KNRM. Ek kin de boat brûkt wurde foar it ferstruien fan jiske fan ferstoarnen.

De boat leit op Lauwereach en wurdt bemanne troch frijwilligers.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]