Sustergroep
In sustergroep, susterkloft of sustertakson, ek wol in adelfotakson neamd (fan it Grykske wurd adelfos, "broer"), beslacht yn 'e taksonomy de neist besibbe groep of it neist besibbe takson fan 'e groep of it takson dêr't men fan útgiet. Sokke groepen/taksons stamje direkt ôf fan in mienskiplike foarâlder. As it dêrby om soarten giet, sprekt men fan in sustersoarte; giet it om in skaai, dan wurdt de term susterskaai brûkt; by in famylje wurdt fan in susterfamylje sprutsen; ensfh. Der kinne yn prinsipe withoefolle sustersoarten wêze dy't fan deselde mienskiplike foarâlder ôfstamje, mar as der mar twa binne, wurde dy in soartepear neamd.
By fylogenetysk ûndersyk nei útstoarne groepen wurde twa soarten allinnich as sustersoarten oantsjut, wannear't se yn in troch kladistyske analyze opstelde stambeam (in kladogram) as inoars neiste sibben út 'e bus komme. Dat wurdt ek dien as it resultaat, de beheinde gegevens yn acht nommen dêr't mei wurke wurde moat, nei alle gedachten in te ienfâldich byld jout fan 'e wurklikheid. As yn 'e fylogeny de kladistyske analyze in polytomy opsmyt, in "kaam" fan mear as twa taksons wêrfan't de krekte graad fan besibskip (noch) net bepaald wurde kin, dan sprekt men krekt net fan sustergroepen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |