Suspicion (film út 1941)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Suspicion
Filmklapper.png film
Suspicion (1941 poster).jpg
makkers
regisseur Alfred Hitchcock
produsint Alfred Hitchcock
Harry E. Edington
senario Samson Raphaelson
Joan Harrison
Alma Reville
basearre op Before the Fact fan Francis Iles
kamerarezjy Harry Stradling sr.
muzyk Franz Waxman
filmstudio RKO Pictures
distribúsje RKO Pictures
spilers
haadrollen Cary Grant
Joan Fontaine
byrollen Nigel Bruce
sir Cedric Hardwicke
dame May Whitty
Auriol Lee
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 14 novimber 1941
foarm langspylfilm
sjenre romantyske psychologyske skriller
taal Ingelsk
spyltiid 99 minuten
budget en resultaten
budget $1,1 miljoen
opbringst $1,8 miljoen
prizen 1 × Oscar

Suspicion is in Amerikaanske romantyske psychologyske skrillerfilm út 1941 ûnder rezjy fan Alfred Hitchcock, mei yn 'e haadrollen Cary Grant en Joan Fontaine. De titel betsjut "Wantrouwen". De film is basearre op 'e roman Before the Fact, fan Francis Iles, út 1932. It ferhaal giet oer in jonge Britske frou dy't fereale rekket op in man en mei him útnaait en trout, mar dan ûntdekt dat er in beroaide, ligende liddichgonger is dy't ferslave is oan gokken. Meitiid begjint se te fermoedzjen dat er ek noch in moardner is, en dat er fan doel is har út 'e wei te romjen. De filmkritisy wiene doedestiden ferdield oer Suspicion, hoewol't de film no tige heech wurdearre wurdt. Yn 'e bioskopen die de film it wol goed. Joan Fontaine wûn foar har rol yn Suspicion yn 1942 de Oscar foar bêste aktrise.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1938 moetet de bleue, boekige jonge frou Lina McLaidlaw yn in trein yn Ingelân de knappe playboy Johnnie Aysgarth. Hja rekket smoarfereale op him en binnen in pear wiken ferliedt er har derta om mei him út te naaien. Se trouwe temûk, mei't dúdlik is dat har rike heit, generaal b.tsj. McLaidlaw, dêr poer op tsjin is en der nea syn tastimming foar jaan soe. Nei in wielderige houliksreis nei de Frânske Riviêra keare se werom nei Ingelân. Se lûke yn in lúkse filla dêr't se betsjinne wurde troch in tsjinstfamke en in kokkinne.

Neitiid ûntdekt Lina lykwols al rillegau dat Johnnie gjin baan en gjin ynkommen hat, en der ynstee in gewoante fan makket om alles mei liend jild te beteljen. Hy wie fan doel om no op har heit om te ponglúzjen, mar dat wurdt neat. Nettsjinsteande dat is Lina der wol fan oertsjûge dat Johnnie wier fan har hâldt, want hoewol't har famylje it goed dwaan kin, binne se net superryk, dat as it him poer en allinnich om in frou mei jild te dwaan wie, hied er wol in bettere kar meitsje kinnen. Se bepraat him om foar it earst yn syn libben betelle wurk te dwaan, dat hy himt in baan oan by it makelderskantoar fan in neef fan him, kaptein b.tsj. George Melbeck.

Njonkelytsen kriget Lina foar it ferstân dat Johnnie oanhâldt mei al syn jild dertroch te bringen mei gokken, dêr't er ferslave oan is. Om in skuld ôf te beteljen hat er boppedat twa antike stuollen ferkocht, famylje-erfstikken dy't sy fan har âlden as houliksgeskink krigen hie. Beaky, in sympatike mar naïve freon fan Johnnie, besiket Lina gerêst te stellen troch har op it hert te drukken dat je in protte wille belibje kinne mei har man, dy't in tige fermaaklik leagner is. Koarte tiid letter blykt Johnnie lykwols £2.000 wûn te hawwen by it wedzjen op hynsteracen, en in diel fan dat jild brûkt er om Lina har stuollen werom te keapjen fan 'e antyksaak dêr't er sa oan oerdien hie.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn 'e moannen dy't dêrop folgje, trappearret Lina Johnnie op mear leagens. Op in dei ûntdekt se dat er al wiken lyn troch Melbeck ûntslein is om't er foar £2.000 fan 'e saak fraudearre hat. Melbeck hat tasein dat er gjin oanjefte by de plysje dwaan sil as it jild werombetelle wurdt. Dat is foar Lina de drip dêr't de amer fan oerrint, dat as se thúskomt, skriuwt se Johnnie in brief wêryn't se útleit dat se sa net mear libje kin en dat se by him wei giet. Fuort nei't se it brief skreaun hat, ferskuort se it lykwols wer, mei't se sa fan him hâldt, dat se him net ferlitte kin.

Dyseldichste deis komt der in tillegram mei it nijs fan it ferstjerren fan Lina har heit. Johnnie hopet op in flink beërf, mar as se nei de begraffenis by de notaris sitte, docht bliken dat Lina har hjoeddeistige talage fan £500 yn 't jier hâldt en dêropta inkeld it portret fan har heit kriget. Dat falt Johnnie al raar ôf, en hy jit himsels in boarrel yn en toast it skilderij ta wylst er tajout dat de âldman him te glêd ôf west hat.

Neitiid bepraat Johnnie Beaky om in tige djoer lânspekulaasjeplan fan sines te finansieren. Lina is bang dat er Beaky oplichtsje wol, en as se op foto's sjocht dat it om in stik grûn fuort oan 'e kliffen oan 'e kust fan Kent giet, wurdt se benaud dat Johnnie, dy't troch harren joint venture sizzenskip oer Beaky syn bankrekkens krigen hat, syn maat fan it klif smite wol om mei syn jild dwaan te kinnen wat er wol. As Lina yn bedutsen bewurdings, dy't de ûnnoazele Beaky net begrypt, him dúdlik besiket te meitsen dat er fan 'e oerienkomst mei Johnnie ôfsjen moat, seit Johnnie har letter ûngesâlten it mannewaar om en hjit har om har tenei net wer mei syn saken te bemuoien. Letter beslút er lykwols fan it hiele plan ôf te sjen. As Beaky dêr in reden foar witte wol, nimt er him mei nei de kliffen ta, en Lina frezet it slimste, mar de beide mannen komme ûnskansearre wer thús mei it ferhaal dat Beaky op in hier nei mei de auto by it klif delriden wie, mar dat Johnny him op it lêste momint rêden hat.

As Beaky neitiid ôfset nei Parys, beselskippet Johnnie him oan Londen ta. Letter wurdt Lina thús opsocht troch in pear resjersjeurs fan 'e pleatslike plysje, dy't ynljochtings oer Beaky sykje foar de sjândarmery yn Parys. It docht nammentlik bliken dat Beaky yn in restaurant omkommen is doe't in ûnbekende man dy't dêr by him wie, him oanfitere om in oan 'e râne ta folle glês konjak leech te drinken. Doe't Beaky moannen earder by harren útfanhûze, wie Lina der tsjûge fan hoe't er himsels mei ien lyts slokje konjak al suver wat oandie, om't er beslist net oer dat guod koe. Johnnie wist dat ek. No't se dit nijs kriget, fermoedet Lina daliks dat de ûnbekende man dy't by him wie nimmen oars wie as Johnnie. Dat hâldt se lykwols stil foar de plysje, en as Johnnie letter thúskomt en de plysje opskillet om harren fragen te beäntwurdzjen, hâldt er út dat er yn Londen bleaun is doe't Beaky ôfsette nei Parys.

Net folle letter komt Lina út in tillefoantsje fan in fersekeringsmaatskippij dat foar Johnnie komt as er der net is, oan 'e weet dat er in libbensfersekering foar har ôfsletten hat. Se begjint no sa súntsjesoan te fermoedzjen dat Johnnie fan doel is har foar it fersekeringsjild te fermoardzjen. Dat fermoeden wurdt in oertsjûging as se ûntdekt dat er harren freondinne Isobel Sedbusk, in skriuwster fan detektiveromans, befrege hat oer in net werom te finen soarte fergif. As er har dy jûns foar it op bêd gean in glês molke bringt, fertrout se de boel net en lit se it stean. De oare deis besiket Lina Johnnie wiis te meitsjen dat har mem har frege hat om in pear dagen by har te útfanhûzjen. Dat is net wier, mar se siket in ferlechje om by him út 'e buert te kommen. Johnnie stiet derop om har sels by har mem ôf te setten en ûnderweis dêrhinne riidt er mei sa'n domdryste faasje by de kliffen lâns, dat Lina deadseangsten útstiet. As yn in bocht har portier ynienen iepenfljocht en Johnnie de hân nei har útstekt, mient se dat er har út 'e auto triuwe wol en dûkt se fuort foar syn hân.

Dêrop set Johnnie de auto stil en easket fan har dat se him fertelt wat der oan 'e hân is. Se hâldt en draacht har de ôfrûne tiid hieltyd aparter en niiskrekt wie se suver út 'e auto flein om't se syn hân ûntwiek doe't er har fêstgripe woe. Yn it dêropfolgjende petear docht bliken dat Lina de sitewaasje folslein ferkeard ynskat hat. Johnnie fertelt har dat er yn Liverpool wie doe't Beaky yn Parys ferstoar, mei't er besocht om jild te lienen mei Lina har libbensfersekering as ûnderpân, sadat er Melbeck werombetelje koe. Hy fertelt ek dat er fan doel wie om selsmoard te dwaan nei't er har by har mem brocht hie, mar hy is no ta de konklúzje kommen dat soks wat is dat inkeld lefferts dogge. Dat hy hat besletten om syn ferantwurdlikheden ûnder eagen te sjen, sels as dat betsjut dat er foar fraude feroardiele wurde sil ta in finzenisstraf. No't har eangst delbêde is, bewissiget Lina Johnnie dat se de takomst tegearre temjitte gean sille, wat der ek barre mei.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Joan Fontaine yn Suspicion, mei op 'e eftergrûn Cary Grant.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Lina McLaidlaw Aysgarth Joan Fontaine
Johnnie Aysgarth Cary Grant


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Gordon "Beaky" Cochrane Thwaite Nigel Bruce
generaal McLaidlaw sir Cedric Hardwicke
Martha McLaidlaw dame May Whitty
Isobel Sedbusk Auriol Lee
Helen Newsham Isabel Jeans
Ethel, it tsjinstfamke Heather Angel
kaptein George Melbeck Leo G. Carroll
Reggie Wetherby, Lina har dûnspartner Reginald Sheffield
dokter Bertram Sedbusk Gavin Gordon
ynspekteur Hodgson Lumsden Hare
resjersjeur Benson Vernon Downing
treinkondukteur Billy Bevan
notaris Aubrey Mather
butler Burton Leonard Carey
fotograaf Clyde Cook
resepsjonist fan 'e Hogarth Club Alec Craig
frou Fitzpatrick Constance Worth

De cameo fan regisseur Alfred Hitchcock, in fêst barren yn it meastepart fan syn films, fynt yn Suspicion plak as de film likernôch 47 minuten oan 'e gong is. Hitchcock spilet in man dy't by in brievebus yn it doarp in brief op 'e post docht.

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de Amerikaanske filmstudio RKO Pictures de filmrjochten op 'e roman Before the Fact, fan Francis Iles, út 1932, yn 'e hannen krige, waard yn novimber 1939 Nathaniel West oannommen as senarioskriuwer. Hy wurke gear mei Boris Ingster om it ferhaal út it boek om te wurkjen ta in filmskript. Dêr wiene se likernôch sân wiken mei dwaande, wêrby't West him talei op 'e karakterisearring fan 'e personaazjes en de dialooch, wylst Ingster der in rinnend ferhaal fan makke. Oarspronklik wie it de bedoeling om dat de ferfilming in B-film wurde soe mei George Sanders en Anne Shirley yn 'e haadrollen.

Cary Grant en Joan Fontaine yn Suspicion.

Doe't RKO letter Alfred Hitchcock as regisseur oanstelde, hie dy lykwols al syn eigen, sterk ôfwikende senario, dat skreaun wie troch syn assistinte Joan Harrison en syn frou Alma Reville y.g.m. Samson Raphaelson. It skript fan West en Ingster waard sadwaande nea ferfilme. Mei de komst fan Hitchcock koe it ek net mear ta mei twadderangs akteurs, dat doe waarden foar de haadrollen Cary Grant en Joan Fontaine oanlutsen.

As produsinten wiene Hitchcock sels en Harry E. Edington by it projekt belutsen. RKO stelde in budget foar de film besikber dat $1,1 miljoen bedroech. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Harry Stradling sr. en de filmmuzyk waard fersoarge troch Franz Waxman. De opnamen fan Suspicion fûnen folslein yn 'e studio's fan RKO yn Hollywood plak en duorren fan 10 febrewaris oant 24 july 1941.

Ferskillen mei it boek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Suspicion hie neffens de roman fan Francis Iles eins de stúdzje fan in moardner wêze moatten, sjoen troch de eagen fan syn úteinlike slachtoffer. Mar om't soks net by it 'heldhaftige' imago fan filmstjer Cary Grant paste, besleat RKO dat it mei it oarspronklike ferhaal net ta koe. Filmhistoarikus William L. De Andrea skreau dêroer yn 1994 yn syn Encyclopedia Mysteriosa: "[D]e studio, RKO, joech befel ta in oare ein, dy't Hitchcock oanlevere, wêrnei't er dêr lykwols de rest fan syn libben oer klage." It grutste ferskil mei it boek fan Iles is sadwaande dat Johnnie Lina yn it boek úteinlik fermoardet, mar yn 'e film net. It boek is lykwols as gehiel folle tsjusterder as de film, mei't Johnny yn it boek ek yndirekt ferantwurdlik is foar de dea fan Lina har heit.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Suspicion waard fersoarge troch RKO Pictures. De film gie op 14 novimber 1941 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Joan Fontaine mei har Oscar foar bêste aktrise op 'e útrikking fan 'e Oscars yn 1942. By har stiet Gary Cooper, dy't de Oscar foar bêste akteur wûn.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Suspicion krige yn 1941 oer it algemien mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mei't de measten it in tuskenbeiden prestaasje fan Hitchcock fûnen. Fral de ein fan 'e film waard sjoen as in swaktebod, hoewol't Philip K. Scheuer fan 'e Los Angeles Times fûn dat it feit dat de ein "abrupt" wie, fan gefolgen hie dat er ek "effektyf" wie. Anno 2021 hat Suspicion op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, lykwols in goedkarringspersintaazje fan 97%, basearre op 33 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Sels de notoire bemuoisucht fan 'e studio kin de feardichheid en prikeljende spanning net ferminderje fan [dizze film], in snoade presintaasje foar Joan Fontaine har senuweftige moed en de oanlis foar ûntrêstging fan Alfred Hitchcock." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Suspicion in goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 4 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Suspicion brocht yn 'e bioskopen yn 1942 yn 'e Feriene Steaten $1,8 miljoen op. Ofset tsjin it budget fan $1,1 miljoen betsjut dat in winst fan $700.000, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Der wurdt rûsd dat de film in skjinne winst hie fan $440.000, wat foar 1941 hielendal net ferkeard wie.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1942 waard Suspicion nominearre foar trije Oscars, wêrûnder de Oscar foar bêste film en dy foar bêste orizjinele filmmuzyk. Joan Fontaine wûn mei har rol as Lina de Oscar foar bêste aktrise. Hja wûn ek de priis foar bêste aktrise fan 'e New York Film Critics Circle. Yn 1948 wûn Suspicion de Japanske Kinema Junpo-priis foar bêste bûtenlânske film.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.