Springe nei ynhâld

Susanne Albrecht

Ut Wikipedy
Susanne Albrecht
krimineel
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSusanne Albrecht
skûlnammeIngrid Jäger,
Becker
nasjonaliteit Dútsk
berne1 maart 1951
berteplakHamburch
wurkpaad
organisaasjeRote Armee Fraktion
misdieterrorisme,
moard
straf1991: 12 jier
statusfrijlitten
Eftergrûn
opliedingpedagogy,
sosjology,
psychology
beropDosinte,
Oersetster,
Laborante

Susanne Albrecht (Hamburch, 1 maart 1951) is in earder Dútsk terroriste. Sy wie lid fan de saneamde twadde generaasje fan de Rote Armee Fraktion (RAF).

Albrechts heit wie in abbekaat yn Hamburch. Nei it ôfsluten fan de middelbere skoalle begûn hja oan in stúdzje pedagogy, sosjology en psychology oan de Universiteit Hamburg. Yn har stúdzjetiid wie hja aktyf yn de kreakbeweging en yn in "Komitee tsjin folterjen" dat protestearre tsjin de omstannichheden dêr't de RAF-leden ûnder finzen hâlden waarden.

Op 30 oktober 1974 naam Albrecht diel oan de besetting fan it kantoar fan Amnesty International yn Hamburch. Oan dizze besetting diene ek Ralf Baptist Friedrich en Christian Klar mei. Yn 1976, neidat sy har earste steatseksamen foar it ûnderwiisfak ôflein hie, waard sy lid fan de RAF, krekt as oare dielnimmers oan de besetting by Amnesty.

Albrecht spile in wichtige rol by de moard op de bankier Jürgen Ponto op 30 july 1977: Albrechts heit wie in stúdzjefreon fan Jürgen Ponto. Susanne Albrecht kaam oankundige, op besite yn it selskip fan Brigitte Mohnhaupt en Christian Klar. Mohnhaupt en Klar skeaten Ponto dea.

Yn 1978 en 1979 siet Albrecht yn in Palestynsk trainingskamp yn Jemen. Op 25 juny 1979 wie sy, tegearre mei Werner Lotze en Rolf Clemens Wagner, yn it Belgyske Obourg ferantwurdlik foar in oanslach op de doetiidske oerbefelhawwer fan de NAVO, generaal Alexander Haig. Haig rekke by dizze oanslach net ferwûne, mar trije liifwachten wiene minder gelokkich.

Yn 1980 ferliet Albrecht as "Aussteiger" de Bûnsrepublyk en reizge fia Praach nei de DDR. Sy krige hjir fan de geheime tsjinst Stasi in nije identiteit. Albrecht gie ûnder de namme Ingrid Jäger yn Cottbus wenjen. Hjir wurke se oan de hegeskoalle as oersetster Ingelsk en boaske mei in wittenskipper, dy't letter ferklearre dat hy neat fan Albrechts ferline wist. Yn dy tiid hiet se Becker, krige in bern en wurke as laborante. Yn har nije wenplak Köthen waard sy ûntmaskere doe't it ZDF yn 1986 oer Albrecht berjochte. De Stasi liet har nei East-Berlyn ferhúzje.

Op 7 juny 1990, nei de fal fan de Berlynske Muorre waard sy yn de Berlynske wyk Marzahn troch de Folkspolizei oanhâlden. By har proses makke Albrecht gebrûk fan in kroantsjûge regeling. Yn 1991 waard hja ta 12 jier finzenisstraf feroardiele, dêr't hja in part fan útsiet. Yn 1996 waard hja frijlitten. Dernei wurke sy ûnder in oare namme as learares Dútsk foar migrantebern yn de stêd Bremen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    • Wikipedy:DE