Springe nei ynhâld

Superfulkaan

Ut Wikipedy
Kaart fan bekende superfulkanen op ierde:

██ Fulkanyske eksplosiviteitsyndeks (VEI) 8

██ Fulkanyske eksplosiviteitsyndeks (VEI) 7

Stratofulkaan Aniaksjak yn Alaska
Trochsneed fan in superfulkaan (Long Valley Kaldeara )

In superfulkaan is in fulkaan dy't in útbarsting hân hat mei in fulkanyske eksplosiviteitsyndeks (VEI) fan 8, de grutste registrearre wearde op 'e yndeks. Dit betsjut dat it folume fan ôfsettings foar sa'n útbarsting grutter is as 1.000 kubike kilometer.

Superfulkanen ûntsteane as magma yn 'e mantel yn 'e koarste opstiet, mar der net trochhinne brekke kin. Druk bout him op yn in grutte en groeiende magmapoel oant de koarste de druk net mear befetsje kin en brekt. Dit kin foarkomme by hotspots (bygelyks de Yellowstone-kaldeara) of by subduksjesônes (bygelyks Toba).

Grutte superfulkanyske útbarstings wurde ek faak assosjeare mei grutte stollingsgebieten, dy't enoarme gebieten mei lava en fulkanyske jiske bedekke kinne. Sokke gebieten kinne trochgeande klimaatferoaring feroarsaakje (lykas it begjin fan in lytse iistiid) en soarten mei útstjerren bedriigje. De Oruanui-útbarsting fan 'e Taupo-fulkaan, yn Nij-Seelân (sa'n 25.600 jier werom) hat de resintste VEI-8-útbarsting fan 'e wrâld west.

Besteande superfulkanen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De minsken witte fan seis superfulkanen[1]:

By útwreiding wurde ek krekt wat lytsere fulkanen, mei in fulkanyske eksplosiviteitsyndeks fan 7, ta de superfulkanen rekkene. Dat betsjut dat mear as 100 kubike kilometer oan fulkanysk materiaal frijkomt, lykas Campi Flegrei. De Samalas op Lombok, dy't yn de grutste útbersting fan it Holoseen oant no oan ta west hat, hat nei gedachten ek in fulkanyske eksplosiviteitsyndeks fan 7 west, doe't dy yn 1257 it waar foar jierren feroare.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Oarsaak erupsje superfulkaan fûn (9 jannewaris 2014). Oproppen op 11 maart 202611 maart 2026.