Springe nei ynhâld

Sulverkopmiuw

Ut Wikipedy
sulverkopmiuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaikopmiuwen (Chroicocephalus)
soarte
Chroicocephalus novaehollandiae
Stephens, 1826
IUCN-status:

De sulverkopmiuw (Chroicocephalus novaehollandiae) is is de meast foarkommende miuw fan Austraalje. De fûgel wurdt oer it hiele kontinint fûn, mar benammen oan of tichteby de kust. Hy is lytser as de grousnaffelmiuw (Larus pacificus), dy't ek yn Austraalje libbet.

De sulverkopmiuw moat net betize wurde mei de sulvermiuw (Larus argentatus). De sulvermiuw is folle grutter en komt net yn itselde ferspriedingsgebiet foar.

De kop, it lichem en de sturt fan in folwoeksen sulverkopmiuw binne wyt en de wjukken binne ljochtgriis mei swarte punten dy't wyt spikkele binne. Folwoeksen fûgels hawwe in lingte fan 40–45 sm. Harren wjukspanwiidte is 90 oant 100 sm. Folwoeksen fûgels hawwe felreade poaten en in felreade snaffel, dy't yn 'e briedtiid helderder wurdt of as se âlder wurde. Om it each sit in opfallende reade eachring.

Jonge fûgels hawwe brune patroanen op 'e wjukken en in donkere snaffel.

Ofbylden sulverkopmiuwen

De soarte waard foarhinne tradisjoneel yn it skaai Larus pleatst, lykas in soad oare miuwen, mar wurdt no ta it skaai Chroicocephalus rekkene. De Hartlaubmiuw (C. hartlaubii) fan Súd-Afrika waard eartiids soms as in ûndersoarte fan 'e sulverkopmiuw beskôge.

Der wurde trije ûndersoarten erkend:

Fersprieding en habitat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sulverkopmiuwen wurde yn alle steaten fan Austraalje waarnommen en ek yn Nij-Seelân en op Nij-Kaledoanje. It is in soarte dy't in soad foarkomt by minsklike bewenning en op strannen; se hawwe harren goed oanpast oan 'e stedske omjouwing en binne faak yn 'e omkriten fan winkelsintra en stoartplakken te sjen. Troch harren súksesfolle oanpassing oan it stedske habitat is de populaasje yn gebieten mei minsklike aktiviteit tanommen, wêrby't it net beskikber wêzen fan briedplakken de iennige beheinende faktor foar populaasjegroei is.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fûgel yn Nij-Seelân.

De sulverkopmiuw yt fan natuere wjirm, fisk, ynsekten en kreefteftigen, mar it is in súksesfolle allesiter. It is bekend dat se fan minsken iten stelle as se dêr gelegenheid ta krije.

It brieden bart fan augustus oant desimber, meastentiids yn grutte koloanjes op eilannen foar de kust. It nêst wurdt op 'e grûn makke en bestiet út plantemateriaal. De nêsten sitte tusken leech strûkguod, tusken rotsen en op keunstmjittige konstruksjes lykas dammen. In nêst bestiet meastal út ien oant trije aaien. Faak wurdt der twa kear bret; beide âlders bouwe it nêst en se briede en fuorje de piken ek tegearre.

De IUCN klassifisearret de sulverkopmiuw as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: