Springe nei ynhâld

Sulverdo

Ut Wikipedy
Sulverdo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaihôfdowen (Columba)
soarte
Columba argentina
Bonaparte, 1855
IUCN-status: krityk

De sulverdo (Columba argentina) is in fûgel yn it skaai hôfdowen (Columba) út de famylje fan dowen (Columbidae).

Sulverdowen binne 34 oant 38 sm grutte sulvergrize dowen. De primêre dekfearren en haadslachpinnen binne swart en de sturt is sulvergriis mei oan 'e ein in brede swarte bân. Wyfkes binne wat donkerder as it mantsje en minder sulvergriis. De fûgel kin betiizge wurde mei de twakleurige muskaatdo, mar dy is wyt yn stee fan sulvergriis en in oar opfallend ferskil is in oare tekening fan it swart op 'e sturt.

De soarte libbet yn mangrovebosken en kustbosken yn leechlân en heuvels fan eilannen foar de kust fan Sumatra. Ut en troch binne der ek waarnimmen yn 'e selde habitats fan Sumatra en Borneo.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alhoewol't der net in soad bekend is, liket de fûgel te migrearjen tusken eilannen op syk nei iten. Oer it briedgedrach is fierder ek net in soad bekend. In lechsel bestiet út ien aai.

De soarte wurdt troch BirdLife International op basis fan in pear waarnimmingen as krityk klassifisearre, itjinge delkomt op in rûsde populaasje fan minder as 50 folwoeksen eksimplaren. Sulverdowen binne tsjintwurdich yn it grutste part fan it oarspronklike ferdwûn. De redenen foar de eardere delgong fan 'e fûgel binne net dúdlik. It ferneatigjen fan it biotoop sil sûnder mis in negative ynfloed hân ha en ek de yntroduksje fan net-lânseigen rôfdieren lykas ferwyldere katten sil ynfloed hân ha. Nei alle gedachten komme sulverdowen allinnich noch op 'e Yndonezyske eilannen Siberut, Simeulue en in pear omlizzende eilannen foar.

Oant 2008 tochten wittenskippers dat de soarte útstoarn wie, mar yn 2008 waard de soarte by it eilân Masokut yn 'e Mentawai-arsjipel waarnommen. De ôfbylden dy't doe nommen binne, befêstigen it bestean fan 'e fûgels. Dêrnei waard yn 2011 foar it earst wer fûgels waarnommen by Tanahbala op 'e Batû-eilannen, dêr't ek oare seldsume dowesoarten oantroffen waarden. Yn 2016 waarden by in ynvintarisaasje twa Sulverdowen yn in bistetún op Nias ûntdutsen.

De populaasje is nei alle gedachten grutter as tocht wurdt, mar streuperij bliuwt in bedriging. De sulverdo wurdt somtiden tagelyk mei de folle mear foarkommende twakleurige muskaatdo fongen. Undersikers publisearren yn it tiidskrift Nature Conservation oer de hannel yn 'e bedrige soarte en identifisearren teminsten tsien sulverdowen, dy't op sosjale media te keap oanbean waarden mei belangstelling út Súd-Koreä en Katar. De sulverdo is yn Maleizje en Yndoneezje in beskerme fûgel en op it besit en fangen stiet in boete of finzenisstraf.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: