Springe nei ynhâld

Suludolkstekdo

Ut Wikipedy
Suludolkstekdo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaidolkstekdowen (Gallicolumba)
soarte
Gallicolumba menagei
Bourns & Worcester, 1894
IUCN-status: krityk

De Suludolkstekdo (Gallicolumba menagei) of Tawitawidolkstekdo is in ekstreem seldsume, mooglik útstoarne dowesoarte fan it skaai dolkstekdowen (Gallicolumba). De soarte is endemysk op it Filipynske eilân Tawi-Tawi. De soarte waard ûntdutsen op in ekspedysje tusken 1890 en 1892 fan Frank Swift Bourns en Dean Conant Worcester. De wittenskiplike namme ferwiist nei Louis Menage, in sakeman út Minneapolis, dy't dy ekspedysje finansjeel mooglik makke.

De soarte wurdt 25–27 sm lang en liket op 'e Mindanaodolkstekdo (Gallicolumba crinigera), mar ferskilt mei't it plak op it wite boarst helder oranje is en de jiskegrize búk dy't by de anaalstreek yn krêmwyt oergiet. It irisearjende grien yn 'e nekke rint hat hielendal oer it boarst hinne oant hast ûnder it oranje boarstplak troch. De oare boppedielen binne kastanjekleurich mei in djip readfiolette glâns. De iris is sulvergriis, de snaffel by de basis swart en donkergriis oan 'e punt. Tusken mantsjes en wyfkes binne wat fearrekleed oanbelanget gjin ferskillen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer syn libbensstyl is hast neat bekend. Lykas oare soarten yn it skaai libbet de fûgel nei alle gedachten op 'e grûn en fleant er mar koarte ôfstannen.

De soarte is allinne mar fan twa eksimplaren bekend, dy't yn 1891 op it eilân Tawi-Tawi sammele waarden. BirdLife International klassifiearret de fûgel yn 'e kategory critically endangered (krityk), om't útspraken fan ynwenners fan Tawi-Tawi, Siasi, Tandubatu, Dundangan, Baliungan en Simunal út 1995 laten ta de hope dat de fûgel noch bestean kin. Neffens dy útspraken soe de soarte oant de jierren 1970 regelmittich waarnommen wêze. Dy jierren waard de needtastân troch Marcos útroppen en wie der sprake fan in soad jacht en streuperij op dowen en hinnen, dy't in foarse delgong fan 'e populaasje feroarsake.

Yn 1994 waard it lêste primêre bosk op Tawi-Tawi kapt en de rest fan bosk troch houtwinning degradearre. Yn 1996 wiene der sels plannen om it hiele bosk op Tawi-Tawi te ferfangen troch oaljepalmplantaazjes. Yn 2006 wiene der lykwols berjochten dat der noch guon boskresten oerbleaun wiene. It houtkapjen fan it oerbleaune bosk, no beheind ta de rûge berchregio's, waard folge troch ûnkontrolearre delsettingen en lânbougebrûk. Lytsskalige ûntbosking komt noch altyd foar op Tandubatu, Dundangan en Baliungan.

By in besite oan Tawi-Tawi yn febrewaris en juny 2009 waarden gjin waarnimmiingen fan 'e fûgel dien en kontakten mei streupers en bewenners leveren nimmen op, dy't bekend mei de soarte wiene. De oanhâldende boargerkriich tusken it Filipynske regear en it Moro Islamityske Befrijingsfront ha in syktocht nei de do yn 'e ôfrûne jierren opkeard.

Alhoewol't de eilannen Tandubatu, Dundangan, Baliungan noch aardich wat bosk ha, liket it bestean fan 'e fûgel op dy eilannen ûwierskynlik, om't se mei inoar mar 17 km² grut binne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: