Springe nei ynhâld

Sully Prudhomme

Ut Wikipedy
René François Armand Prudhomme
Sully Prudhomme, om 1880

Sully Prudhomme (echte namme René François Armand Prudhomme) (Parys, 16 maart 1839Châtenay-Malabry, 7 septimber 1907) wie in Frânsk skriuwer en dichter. Hy wie yn 1901 de earste dy't de Nobelpriis foar de Literatuer krige. Syn ferneamdste gedicht is Le Vase brisé (1865), oer in ûngelokkige leafde.

Prudhomme waard opbrocht yn Parys yn in Roomsk-katolike hûshâlding en die oan it Lycée Bonaparte earst eineksamen yn natuerwittenskippen (baccalauréat scientifique) en dêrnei yn literatuer en klassike talen (baccalauréat de lettres). Nei in koartskoft as yngenieur by de vooruitstrevende firma Schneider yn Le Creusot wurke te hawwen makke er syn rjochtestúdzje dien en wurke, wer in skoftke, as advokaat yn Parys.

Meidat er al jierrenlang dichte, liet er mids jierren tweintich yn him omgean wat er mei syn erfde fermogen dwaan soe en besleat doe om him hielendal te wijen oan de literatuer en de filosofy, wêrby't er besocht de wrâld fan technyk en wittenskip mei dy fan de geast en de skientme te ferbinen.

Yn 't earstoan skreau Sully Prudhomme, syn skriuwersnamme, keunstige sierlike gedichten yn de frijwat koele styl fan de Parnassiens (samle yn Stances et Poèmes, 1865; Les épreuves, 1866; Les écuries d'Augias en Les solitudes, beide 1869). Syn meidwaan oan de Prusysk-Frânske Oarloch yn 1870/71 ferwurke er yn Impressions de la guerre (1872) en La France (1874).

Dêrnei waard waard er mear in dichter fan "poésie personnelle", dat wol sizze gedichten dy't formele elegânsje mei moaie bylden, tinzen en gefoelens yn har ferienigen en b y de lêzers fan dy tiid likegoed yn de smaak foelen as de noflik lêsbere filosofyske essays oer allerhanne tema's dy't er skreau en yn grutte tallen publisearre.

Yn 1881 waard syn skriuwerij beleane mei it lidmaatskip fan de Académie française en syn morele autoriteit yn 1895 erkend mei de beneaming ta Chevalier de la Légion d'honneur (Ridder fan it Earelegioen). Doe't de earste Nobelpriis foar de Literatuer yn 1901 útrikt waard, wie it fansels dat hy him krige, sa ferneamd en wurdearre as er wie yn hiel Europa.

Sully Prudhomme syn lêaste rêstplak is de Cimetière du Père-Lachaise yn Parys.

Poëzy
  • Stances et poèmes (gedichten, 1865)
  • Les épreuves (gedichten, 1866)
  • Les solitudes (1869)
  • Les destins (gedichten, 1872)
  • La justice (gedichten, 1878)
  • Croquis italiens
  • Les vaines tendresses (1875)
  • Le prisme (gedichten, 1886)
  • Le bonheur (gedichten, 1888)
  • Testament poétique
  • Journal intime
  • Réfléxions sur l'art des vers (artikel, 1892)
  • Épaves, (gedichten, postúm 1908)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: