Suladwerchiisfûgel
| Suladwerchiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ceyx wallacii | ||||||||||||
| Sharpe, 1868 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Suladwerchiisfûgel (Ceyx wallacii) is in fûgelsoarte út 'e famylje iisfûgels (Alcedinidae). De wittenskiplike namme fan 'e fûgel is ferneamd nei de Britske natoerûndersiker Alfred Russel Wallace.
De Suladwerchiisfûgel waard eartiids as ien fan 'e 15 erkende ûndersoarten fan 'e Ceyx lepidus beskôge. Neffens in molekulêr fylogenetysk ûndersyk fan 2013 wiene der gâns wat ûnderlinge ferskillen tusken de ûndersoarten en dêrom krigen tolve fan 'e ûndersoarten, wêrûnder de Suladwerchiisfûgel, de status fan in soarte. Tagelyk krige de Ceyx lepidus de namme fan Molukske dwerchiisfûgel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Suladwerchiisfûgels binne lytse iisfugels mei in oranje snaffel, donkerblauwe boppedielen en in ljochtblauwe streek oer de rêch. Se ha in wite kiel en binne under oranje. Se ha in oranje plak oan 'e basis fan 'e boppesnaffel en in oranje streek oan 'e sydkanten fan 'e nekke.
Fersprieding en biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op 'e Sula-eilannen, in eilannegroep yn Yndoneezje. De fûgel libbet yn 'e ûndergroei fan bosken.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje fan 'e soarte wurdt op 2500-5000 folwoeksen fûgels rûsd (2020). Oannommen wurdt dat de oantallen fan 'e soarte troch it ferlies fan biotoop tebek rinne. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as gefoelich (NT) bedrige klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
