Blaupoatgint
| blaupoatgint | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Sula nebouxii | ||||||||||||
| Milne-Edwards, 1882 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De blaupoatgint (wittenskiplike namme: Sula nebouxii) is in fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e tropenginten (Sula). Dit bist komt foar boppe de Stille Oseaan, yn in brede stripe by de tropyske en subtropyske dielen fan Noard-, Midden- en Súd-Amearika lâns. De blaupoatgint ken men maklik werom oan syn opfallende fel blauwe poaten. Dizze soarte lit mar in bytsje seksuele dimorfy sjen. Blaupoatginten libje fan fisk, dy't se fange troch út 'e loft wei yn see te dûken. Se briede yn koloanjes op eilannen út 'e kust fan it fêstelân. Likernôch de helte fan 'e wrâldpopulaasje briedt op 'e Galapagoseilannen. De IUCN klassifisearret de blaupoatgint as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blaupoatgint waard foar it earst yn 1882 wittenskiplik beskreaun troch de Frânske biolooch Alphonse Milne-Edwards. Hy joech dizze fûgel de wittenskiplike namme Sula nebouxii, wêrfan't it soartspesifike diel in earbetoan is oan 'e dokter, natoerûnderiker en ûntdekkingsreizger Adolphe-Simon Neboux (1806–1844). De neiste sibbe fan 'e blaupoatgint is de humboldtgint (Sula variegata). De beide soarten diele ekologyske en biologyske skaaimerken dy't derop wize dat se noch mar relatyf resint útinoar groeid binne. In genetysk ûndersyk út 2011 berekkene dat dy opspjalting tusken 1,1 miljoen en 800.000 jier lyn plakfûn hawwe moat.

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e blaupoatgint beslacht in brede stripe fan 'e eastlike Stille Oseaan, by de kust lâns fan noardwestlik Meksiko nei it suden ta, fia de Middenamerikaanske lannen (Gûatemala, El Salvador, Hondoeras, Nikaragûa, Kosta Rika en Panama) en fierders Kolombia, Ekwador en Perû nei it uterste noardwesten fan Sily. It omfettet ek de eilannen foar de kust en teffens eilannen dy't wat fierder út 'e kust lizze.
Wat de briedkoloanjes oangiet, likernôch de helte fan 'e wrâldpopulaasje fan 'e blaupoatgint briedt op 'e Galapagoseilannen, in fier yn 'e Stille Oseaan lizzende, ôfhandige arsjipel dy't bestjoerlik ta Ekwador heart. Oare briedkoloanjes binne sitewearre op 'e eilannen Lobos de Tierra en Lobos de Afuera foar de kust fan noardwestlik Perû, Santa Clara en La Plata foar de kust fan Ekwador, de Peareleilannen foar de súdkust fan Panama, de eilannen yn 'e Golf fan Fonseca foar de kust fan Hondoeras, de Tres Marías foar de kust fan sintraal Meksiko en de krektlyk ta Meksiko hearrende eilannen yn 'e Golf fan Kalifornje.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blaupoatgint hat trochinoar in totale lichemslingte fan 81 sm, mei in gewicht fan 11/2 kg. Der bestiet yn dizze soarte in bytsje seksuele dimorfy yn 'e sin dat it wyfke justjes grutter is as it mantsje. De wjukken binne lang en einigje yn in punt. De eagen binne giel en sitte mear nei foarren ta as by de measte fûgels, wat de blaupoatgint in binokulêr gesichtsfermogen jout mei treflike djiptepersepsje. De snaffel is griis oant swart en tige puntich, en bûcht oan 'e útein in lyts bytsje nei ûnderen ta. De noasters sitte by de blaupoatgint, lykas by alle gintfûgels it gefal is, oan 'e binnenkant fan 'e snaffel. Dat is in oanpassing dy't foarkomme moat dat by it dûken seewetter yn 'e noas kringe kin.

De poaten binne oergrut yn ferhâlding ta it lichem. Se binne tarist mei swimfluezzen tusken de teannen en hawwe in felle blauwe kleur dy't in rol spilet by it oanlûken fan pearingspartners en feroarsake wurdt troch it dieet fan 'e fûgels. De krekte tint kin útinoar rinne fan in bleek turkwaze fia in fel himelsblau oant in djip akwamaryn. By mantsjes en juvenilen is de kleur fan 'e poaten ornaris in bytsje ljochter as by wyfkes. It fearrekleed is brún op 'e wjukken, de rêch en de sturt, wyt op 'e bealch, it boarst, de kiel en it gesicht, en ljochtbrún mei wite spikkels dertrochhinne op 'e kop en yn 'e nekke. De humboldtgint (Sula variegata) sjocht der net wanlyk út, mar kin maklik fan 'e blaupoatgint ûnderskaat wurde troch syn grize poaten.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blaupoatginten libje trijefearn fan it jier op see, en komme inkeld oan lân om te brieden. Dat dogge se op dreech tagonklike rotseftige plakken of middenmank de bestjurre brokken fan âlde lavastreamen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kommunikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blaupoatginten meitje skelle en mearwurdliddige gjalpen en kriten en tinne fluitsjende lûden. Soms smite mantsjes de kop yn 'e nekke en fluitsje nei in oerfleanend of foarbywaggeljend wyfke. Hoewol't de uterings fan dizze fûgels foar it minsklik ear net faninoar te ûnderskieden binne, kenne blaupoatginten harren partner oan 'e rop werom.
Jeien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blaupoatginten bringe fierwei it grutste part fan it jier op see troch. Dêr jeie se troch út 'e loft wei it wetter yn te dûken om fisk te fangen. Dat dogge se yn 'e regel fan 10–301/2 m en bytiden sels fan hichten oant 100 m. Dêrby kin de faasje wêrmei't se it wetter reitsje oprinne oant 97 km/h. Se kinne dêrtroch yn ien kear oant 25 m djip yn see trochkringe. Om 'e krêften ferneare te kinnen dy't opwekke wurde troch de klap fan it reitsjen fan it wetter, beskikke blaupoatginten oer spesjale luchtpûden yn 'e plasse, dy't as in soarte fan kjessentsjes de harsens beskermje. Ek sitte de noasters oan 'e binnenkant fan 'e snaffel om foar te kommen dat it wetter yn 'e noas kringt.

Ienris ûnder wetter hat de blaupoatgint it fermogen om fisken te efterfolgjen en dochs noch te fangen ek al hied er by de dûk net fuortendaliks ien te pakken. Dat docht er troch syn wjukken en mei swimfluezzen tariste poaten te brûken om te swimmen. De proai wurdt ornaris al opfretten wylst de fûgel noch ûnder wetter ferkeart. Blaupoatginten kinne allinnich jeie of yn pearen, mar almeast dogge se it yn groepkes fan in stik as tolve fûgels. Wannear't ien fan 'e fûgels dan in gaadlike iezing fisken gewaarwurdt, bringt er dat oer oan 'e oaren, wêrnei't de leden fan 'e groep tagelyk de see yn dûke. It jeien fan mantsjes en wyfkes ferskilt wat, yn 'e sin dat de lytsere mantsjes better oanpast binne om yn ûndjipper wetter te fiskjen, wylst de gruttere en swierdere wyfkes djipper yn see trochkringe kinne en dêrom better oanpast binne oan fiskjen yn djippere wetters.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blaupoatgint is opportunistysk wat de fuortplanting oangiet. Mei't de wikseling fan 'e seizoenen yn 'e tropen en subtropen suver gjin ynfloed op 'e fuortplantingssyklus hat, fynt dy net ien kear yn 't jier plak, mar ien kear yn 'e 8–9 moanne. By de balts rint it mantsje wakker te keap mei syn blauwe poaten en "dûnset" er om yndruk te meitsjen op it wyfke. Dêrnei presintearret er nêstmateriaal oan har sadat der gjin twifel oer bestean kin wat er fan har wol, om te besluten mei noch wer in dûnske dat de oandacht op syn poaten fêstiget. De balts omfettet ek it saneamde "loftwizen", wêrby't it mantsje de kop omheech docht en mei syn snaffel nei de loft wiist, wylst er syn wjukken en sturt oplichtet. Wyfkes kieze de mantsjes út mei de felst kleure poaten om mei te pearjen. Om't de kleur fan 'e poaten wat langer wat minder fel wurdt neigeraden dat de fûgel âlder wurdt, betsjut dat dat wyfkes oer it algemien mei jongere mantsjes pearje, dy't fruchtberder binne en, om't se yn 'e krêft fan har libben steane, better by steat binne om har oandiel oan 'e opfieding fan 'e piken te leverjen.
It nêst bestiet by blaupoatginten út in keal, ûndjip dobke yn 'e rotsige ûndergrûn, dat krap beklaaid wurdt mei wat plantaardich nêstmateriaal. It kin wêze dat in pearke him twa of wol trije nêstplakken ta-eigenet en dy ek ferdigenet, oant de fûgels in pear wiken foar it begjin fan 'e briedtiid in foarkar foar ien dêrfan ûntwikkelje. Mei't by blaupoatginten de natale fersprieding (d.w.s. hoefier't se nei it útfleanen fan it nêst fan oarsprong ôfdwale) tige beheind is, fynt it brieden plak yn tichtbefolke koloanjes fan hûnderten fûgels op in klútsje. It foardiel dêrfan is dat jonge fûgels sûnder ûnderfining diele yn deselde geunstige omstannichheden dy't har âlden by steat steld hawwe om mei súkses piken grut te bringen. Blaupoatginten binne ornaris monogaam binnen ien briedseizoen, hoewol't se yn in folgjend briedseizoen in oare partner hawwe kinne. Mar soms komt ek polygyny foar, wêrby't ien mantsje mei twa of mear wyfkes pearet. It is sels (by útsûndering) waarnommen dat ien mantsje en twa wyfkes ien en itselde nêst diele.

De blaupoatgint is ien fan mar twa soarten gintfûgels dy't mear as ien aai per briedseizoen lizze. It giet by dizze soarte út 2–3 aaien, wêrby't 80% fan 'e lechsels út 2 aaien bestiet. De aaien wurde om 'e 4–5 dagen lein, mar it brieden begjint fuortendaliks nei't it earrste aai lein is. Dat betsjut dat de aaien ek om 'e 4–5 dagen útkomme. Dy asyngroane briedstrategy soarget derfoar dat ien fan 'e piken altyd âlder en grutter is as syn nêstgenoaten. Yn tiden fan krapte eigenet de âldere en gruttere pyk himsels alle fretten ta en ferhongerje de oare pyk of piken (of wurde deapikt troch de grutste pyk). Dat liket wreed, mar it bewissiget dat der altyd teminsten ien pyk grutbrocht wurde kin ynstee fan dat alle piken omkomme.

De briedtiid bedraacht by de blaupoatgint 41–45 dagen. Om't gintfûgels gjin briedplak hawwe (in keal plak op 'e bealch dêr't de aaien direkt yn kontakt komme mei de hûd fan 'e briedende âlderfûgel) pleatst de briedende fûgel ynstee syn waarme, want goed trochblette swimfluezzen boppe-op 'e aaien. It brieden wurdt troch it mantsje en it wyfke om bar dien. Dêrby geane se hieltyd mei de kop nei de sinne ta sitten (en draaie dus geandewei de dei fan it easten nei it westen). It nêst wurdt dêrtroch omjûn troch in râne fan dong. Yn 'e regel komme fan 'e 2–3 aaien mar 1–2 út. De piken wurde fuorre troch sawol it mantsje as it wyfke, dy't om bar op jacht geane. By weromkomst op it nêst stekke de piken har snaffel yn 'e snaffel fan 'e âlderfûgel, dy't dan (in diel fan) 'e heal fertarre fisk út syn mage opkoarret. De piken fleane út mei 90–108 dagen. Wyfkes binne mei 1–6 jier geslachtsryp, en mantsjes mei 2–6 jier. De libbensferwachting fan in blaupoatgint bedraacht likernôch 17 jier.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blaupoatgint is in spesjalisearre fisksliner; hy bejaget benammen lytsere fiskesoarten dy't yn iezings swimme, lykas sardines, ansjofisken, makrielen en fleanende fisken. Dêrnjonken steane ek pylkinketfisken op it menu, en ies en ôffal dat efterlitten is troch minsken wurdt ek wol opfretten. De opfallende kleur fan 'e blauwe poaten fan 'e blaupoatgint wurdt feroarsake troch karotenoïde pigminten yn 'e farske fisk dy't er fret.

Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blaupoatginten hawwe net folle natuerlike fijannen. Piken binne wol kwetsber foar rôffûgels en grutte miuwen en oare rôfsuchtige seefûgels, en teffens foar slangen lykas de Ekwadoraanske molkeslang (Lampropeltis micropholis).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blaupoatgint hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Nettsjinsteande dat waard by in ûndersyk mank de briedkoloanje op 'e Galapagoseilannen yn 2014 in delgeande trend yn 'e populaasje fêstlein. Ornitologen binne bang dat dy delgong bliuwend is foar de langere termyn, mar der moatte elts jier gegevens oangeande de populaasjesgrutte sammele wurde om mei wissichheid konkludearje te kinnen dat it net om in normale fluktuaasje op it mêd fan 'e populaasjegrutte giet.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 2 (stân fan saken yn 2020) erkende ûndersoarten fan 'e blaupoatgint (Sula nebouxii):
- de Amerikaanske blaupoatgint (S. n. nebouxii) Milne-Edwards, 1882) (de nominaat; de Pasifyske kust fan it fêstelân fan Amearika fan noardwestlik Meksiko oant noardwestlik Sily, ynkl. eilannen flak foar dy kust)
- de Galapagosblaupoatgint (S. n. excisa) Todd, 1948) (de Galapagoseilannen)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Fûgelsoarte
- Tropengint
- Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Golf fan Kalifornje
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn de Galapagoseilannen
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Sily

