Springe nei ynhâld

Brandgint

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sula brandi)
brandgint
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftginteftigen (Suliformes)
famyljegintfûgels (Sulidae)
skaaitropenginten (Sula)
soarte
Sula brandi
Stucchi et al., 2015
útstoarn (fossyl)

De brandgint of Brands gint (wittenskiplike namme: Sula brandi) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e tropenginten (Sula). Dizze fûgel libbe yn it Mioseen yn it doetiidske Perû.

Lokaasje en datearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fossilen fan 'e brandgint waarden yn 2015 oantroffen by in opgraving troch Bianucci et al. yn 'e Piscoformaasje, in rotsformaasje oan 'e súdlik-sintrale Pasifyske kust fan Perû. Spesifyk wie de lokaasje 1–2 km súdwestlik fan Cerro Colorado (Spaansk foar Coloradoheuvel), likernôch 23 km bewesten Ocucaje. De grûnlaach wêryn't de fossilen oantroffen waarden, datearre út it Let-Mioseen. Der wurdt sadwaande ornearre dat de brandgint libbe fan likernôch 7,2 miljoen oant 5,3 miljoen jier lyn.

De lizzing fan Cerro Colorado yn Perû
Brandgint (Perû)
Brandgint

De brandgint waard foar it earst yn 2015 wittenskiplik beskreaun troch de Perûviaanske paleöntologen Marcelo Stucchi, Rafael Varas-Malca en Mario Urbina-Schmitt. De wittenskiplike namme Sula brandi is in earbetoan oan harren Amerikaanske kollega Leonard Brand fan 'e Universiteit fan Loma Linda, foar syn wichtige bydragen oan 'e paleöntology fan Perûviaanske wringedieren. It holotype bestiet út in ûnfolslein neurokranium (it diel fan 'e plasse dat de harsens befettet) en de tsjin 'e kop oansittende útein fan 'e snaffel.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De brandgint wie nei alle gedachten like grut as syn hjoeddeistige sibben de brune gint (Sula leucogaster) en de humboldtgint (Sula variegata), dy't in totale lichemslingte fan likernôch 80 sm hawwe. De plasse wie ek like grut as de plassen fan 'e neamde moderne soarten, mar mear ôfplatte. De ferskillen binne lykwols net grut genôch om in oare manear fan foerazjearjen te suggerearjen. Dat betsjut dat de brandgint nei alle gedachten ek jage troch fan hichte ôf yn see te dûken en sa fisk te fangen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: