Suite Française (film út 2015)
Suite Française is in Britsk-Frânsk-Belgysk-Amerikaanske romantyske histoaryske oarlochsfilm út 2015 ûnder rezjy fan Saul Dibb, mei yn 'e haadrollen Michelle Williams en Matthias Schoenaerts. De titel betsjut "Frânske Suite"; in suite is in type komposysje fan klassike muzyk. Yn it Ingelsk klinkt de titel as Sweet Française, dat "leave Fransêze" betsjutte soe. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Irène Némirovsky. It ferhaal giet oer in jonge Frânske frou, dy't ûnder de besetting fan Frankryk oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch fereale rekket op 'e Dútske ofsier dy't by har en har skoanmem ynkertiere is. Fan 'e filmkritisy krige Suite Frânçaise oer it algemien positive resinsjes. Yn 'e bioskopen flopte de film lykwols en kaam er net út 'e kosten.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1940 giet it libben op it Frânske plattelân yn it doarp Bussy gewoan troch wylst fierder nei it noarden ta de Dútske ynfal yn folle gong is. It iennichste dat de doarpsbewenners dêr yn 't earstoan fan merke is de ôfwêzigens fan 'e jongemannen, dy't allegearre oproppen binne foar it Frânske Leger. Sa ek Gaston, de man fan Lucile Angellier, in rike jonge frou út 'e klasse fan grutgrûnbesitters. Hja is dêrtroch yn 'e filla fan 'e Angelliers efterbleaun mei har bazige skoanmem, frou Angellier, en de âldere húshâldster Marthe en de man. Frou Angellier mei har skoandochter net lije en fynt it net nedich om dat feit ûnder stuollen of banken te stekken, dat de sfear yn 'e hûs is net oangenaam. De fysike gefolgen fan 'e oarloch wurde pas merkber foar de ynwenners fan Bussy as de earste flechtlingen út Parys it doarp berikke.
Op in sneintemiddei giet Lucile mei har skoanmem by de pachters lâns om 'e pacht te ynjen, in putsje dêr't se in grouwéligen hekel oan hat. Guon pachters, lykas de famylje Joseph, kinne it jild suver net opbringe, mar frou Angellier is ûnferbidlik, en telt wat der ûntbrekt op by de pacht fan 'e folgjende moanne. Op 'e weromweis komt de auto fan frou Angellier fêst te sitten yn in ferkearsopstopping feroarsake troch in wol suver einleaze stream flechtlingen út it noarden. Wannear't in pear Dútske Junkers Ju 87 "Stuka"-dûkbommesmiters in loftoanfal op 'e warleaze staasje útfiere, ûntkomme Lucile en har skoanmem mar nauwerneed oan 'e dea troch yn 'e langgerzige greide njonken de wei beskûl te sykjen. Lucile rêdt dêrby it libben fan Anna, in jong famke dat mei har mem Leah Parys ûntflechte is. By in letter besyk oan it doarp kriget Lucile in mâle blik tawurpen fan 'e jonge Celine Joseph. It docht bliken dat har skoanmem, sûnder har dêr wat oer te fertellen, de famylje Joseph nei de skuorre fan harren pachtpleats ferhuze hat, wylst se de huzinge foar de dûbele priis ferhiert oan Leah en Anna.
Nei de Frânske kapitulaasje komt Bussy yn beset gebiet te lizzen. It nijs berikt de Angelliers dat Gaston yn in Dútsk kriichsfinzenekamp sit en foarearst net wer thús komme sil. In Dútsk regimint wurdt yn it doarp legere en de soldaten wurde op slach ynkertiere by de ynwenners. De Angelliers krije op dy manear earste luitenant Bruno von Falk oer de flier, in aristokratyske ofsier mei goede manearen, dy't it syn gastfrouwen sa maklik mooglik besiket te meitsjen yn in ûnnoflike sitewaasje. Lucile besiket him te negearjen, mar rekket bekoare troch syn freonlik en kalm hâlden en dragen. Hy blykt in komponist te wêzen, en se foarmje in bân troch syn pianomuzyk, mei't Lucile ek pianospilet.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Underwilens is in oare Dútske luitenant, de sadistyske Kurt Bonnet, ynkertiere yn it pleatslik château, by de boarchgreve fan Montmort, dy't ek de boargemaster fan Bussy is. De waanwize boarchgrevinne fynt soks in mislediging foar minsken fan harren stân en stiet der by har man op oan om der wat oan te dwaan. Dat de boarchgreve set mei in kistke djoere sigaren nei de majoar ta, de Dútske befelfierend ofsier yn Bussy, en bepraat dyselde om it château te frijwarjen fan ynkertiering. Fan gefolgen moat Bonnet ferkasse nei de húshâlding fan in pachter fan 'e boarchgreve: de earme boer Benoît Labarie en dy syn tsjeppe jonge frou Madeleine.
Benoît is ôfkard foar it leger om't er jierren lyn by in motorûngemak syn skonk raar brutsen hat en dêrtroch no noch altyd oer de side giet. Bonnet begjint fuortendaliks de boer te narjen mei syn lichaamlike beheining troch ûnfatsoenlike fragen te stellen dy't Labarie wol beäntwurdzje moat omreden fan 'e macht dy't Bonnet as lid fan it besettingsleger oer him hat. Tagelyk beslút Bonnet dat er Madeleine hawwe wol en begjint er har lestich te fallen. Hy hat gjin idee hoe gefaarlik oft er libbet, want Benoît hat dan wol syn jachtgewear ynlevere doe't de Dútsers dat daliks nei harren oankomst yn Bussy feroarderen, mar hy hie twa jachtgewearen, wêrûnder ien dêr't er nea in fergunning foar oanfrege hie, sadat de Dútsers neat ôfwitte fan it bestean fan it wapen. As Bonnet mei in oare Dútske ofsier te swimmen giet yn in poel, leit Benoît mei syn gewear tusken de reiden en hâldt harren letterlik yn it fizier. As it derop oankomt, doar er it lykwols net oan om te sjitten, fanwegen alle swierrichheden dy't dat net inkeld foar him mar ek foar Madeleine en harren bern opsmite soe.
Lucile en Bruno groeie stadichoan fierder nei-inoar ta, eat dat troch de oare doarpsbewenners net ûnopmurken bliuwt. Lucile har skoanmem hat der frijwat argewaasje fan en feecht har der ferskate kearen de mantel om út, mar it minske kin net de hiele dei efter Lucile oanrinne om te sjen wat se docht. As Benoît Labarie derfan heart, is er lykwols bliid. Hy freget Lucile om Bruno te bepraten wat oan Bonnet te dwaan. Bruno seit dat er dwaan sil wat er kin, mar hy en Bonnet binne fan gelikense rang, dat hy kin de man neat opdrage, en krekt as wannear't in âlder of ûnderwizer him mei narjen op 'e skoalle bemuoit, kin it der ek wolris minder fan wurde. Syn yngripen hat yndie net it winske resultaat: Bonnet set de hakken yn it sân en is skandalisearre dat in Dútsk ofsier it opnimt foar in minderweardich ras as de Frânsen. Hy risselwearret om in formele klacht oer Bruno yn te tsjinjen.
As se in kear in eintsje ôfsnijt troch de pleatslike bosk, trappearret Lucile in pearke dat dêr efter in beam seksuele omgong hat. It binne Celine Joseph en in Dútske soldaat. Se ferriedt har oanwêzigens troch op in tûke stean te gean dy't mei in lûde krak brekt. Wannear't Lucile fuortrint, komt Celine har efternei, mei't se benaud is dat Lucile har yn it doarp bekendmeitsje sil as moffehoer. Lucile hat, fanwegen har eigen gefoelens foar Bruno, eins hielendal (noch) gjin oardiel oer wat Celine docht en wa't se mei omslacht. Mar Celine is benaud en byt raar fan har ôf. Se seit dat Lucile earst mar ris nei harsels sjen moat, want har man Gaston hat al jierren in oerhuorrige relaasje dêr't sels in dochter út berne is, en it hiele doarp wit dat útsein Lucile. As se dat befêstige kriget, is Lucile raar gesteld. Se is djip kwetst troch wat se sjocht as it ferrie fan har man, mar se is poerrazen dat frou Angellier en de oare doarpsbewenners it al dy tiid foar har geheim holden hawwe. It houlik, dat eins troch har heit foar har beävensearre wie doe't him troch de dokters oansein wie dat er net lang mear te libjen hie, is dus dochs net sa perfekt as Lucile miende. Se begjint te beseffen dat se eins mear hold fan it byld dat se fan Gaston hie as fan 'e man sels.
Frou Michaud, in goede bekende fan frou Angellier, dy't foar de Dútske ynfal halje-trawalje nei Súd-Frankryk flechte wie, komt werom yn Bussy. Hja hat in list mei persoanlike besittings dy't yn 'e panyk fan har flecht thús efterlitten binne, mar har filla is no yn gebrûk as in soartemint kazerne foar Dútske soldaten. Dêrom freget se Lucile, dy't ommers sa goed kin mei de Dútske luitenant dy't by de Angelliers ynkertiere is, oft sy ek mei "har" luitenant nei de filla fan 'e Michauds kin om it spul op te heljen. Lucile fielt har frijwat oplitten, mar se docht wat har frege wurdt en set mei Bruno nei de filla ta. Dêr blykt dat de soldaten de boel yn 'e hûs suver ôfbrutsen hawwe. Bruno flokt en skelt harren út en makket dêrmei fluch regaad. Lucile keart werom mei in kroadfol besittings fan 'e Michauds dy't min ofte mear ûnskeind bleaun binne. Dêrfoar moat se lykwols mei Bruno troch it doarp rinne, sadat alle doarpelingen sjogge dat Bruno har in geunst ferlient en wol betinke kinne (miene se) wat sy dêrfoar weromdocht. Sa komt Lucile iepentlik bekend te stean as moffehoer en hellet se har de fijannigens fan har doarpsgenoaten op 'e hals.
Te neare nacht trappearret de boarchgrevinne fan Montmort har pachter Benoît Labarie by it stellen fan in pear fan 'e hinnen fan it château. Dêr hat er ferlet fan om syn wiif en bern itende te hâlden no't oeral krapte oan is. De moeting rint út op in haatlike konfrontaasje, wêrby't Labarie de boarchgrevinne warskôget dat se mar better hoopje kin dat de Dútsers de oarloch winne, want as Frankryk wer frijkomt, sille de minsken mei kollaborateurs lykas har ôfweve. De ûntstelde en poerrazene boarchgrevinne giet nei har man en fertelt him dat Benoît harren hinnen stelt. Har man seit dat er dêr dan wol in reden foar hawwe sil en dat se it mar gewurde litte moatte. De boarchgrevinne seit dat Benoît in yllegaal jachtgewear by him hie, mar har man seit dat it heale departemint sokke wapens ferburgen hâldt, hysels ynbegrepen. Dêrop liicht de boarchgrevinne dat Benoît syn wapen op har rjochte hat en drige hat har dea te sjitten. As er dat heart, set de boarchgreve nei de Dútske majoar ta om in boekje oer Benoît iepen te dwaan.
In Dútske patrûlje giet nei de pleats fan 'e Labaries om Benoît te arrestearjen, mar hy sjocht harren oankommen en giet om syn jachtgewear, dat er ferstoppe hat yn 'e golle, ûnder it hea. Dêr leit it lykwols net mear, om't luitenant Bonnet it fûn hat en him dêr opwachtet. Bonnet hâldt Labarie ûnder skot mei syn pistoal en de boer belies, mar dan oerspilet Bonnet syn hân troch te sizzen dat hy wol om Madeleine tinke sil wylst Benoît yn in Dútske konsintraasjekamp suchtet. Dêrop falt Benoît him oan en de beide mannen wrakselje om it pistoal. Dat giet ôf en de kûgel deadet Bonnet. Ear't de Dútske patrûlje him oppakke kin, ûntsnapt Benoît nei de bosk ta.
No't in Dútsk ofsier deadien is, begjinne de Dútsers yn Bussy in syktocht nei de dieder dêr't alle soldaten foar ynset wurde. De spile freonlikheid ferdwynt en by hûssikings wurdt alles oer de kop helle en rjochtsje de soldaten moedwillich fernielings oan. Op 'e pachtpleats fan 'e famylje Joseph ûntdekke de Dútsers dat Leah, de flechtlinge út Parys, falske papierren hat en dat se eins in Joadinne is. Hja wurdt oppakt en slim tramtearre om te fertellen wêr't har dochterke Anna is, mar se hâldt har stil. Nei't de Dútsers ôfset binne, komt Anna werom, dy't yn 'e bosk oan it boartsjen wie. Celine Joseph, de 'moffehoer', stiet dan foar in dilemma. Se hatet Leah en har dochter om't dy de wente fan 'e Josephs yn 'e huzinge fan 'e pleats oernommen hawwe en se hâldt fan 'e Dútske soldaat dêr't se mei omslacht. Mar by de hûssiking hat se it wiere gesicht fan 'e besetter sjoen. Wol se in jong famke oan sokke lju oerleverje?
De majoar jout de doarpsbewenners it ultimatum dat Benoît binnen 48 oeren fûn of oanjûn wurde moat of himsels oanjaan moat, oars folgje der represailles. It docht bliken dat it regel is dat yn sa'n gefal fiif boargers stânrjochtlik eksekutearre wurde moatte, mar de majoar hat de hân oer it hert strutsen, sa seit er, en hat besletten dat mar ien persoan fusillearre wurde sil. En dat is de boargemaster, dy't ommers ferantwurdlik is foar it dwaan en litten fan syn mienskip. Sa wurdt de boarchgreve fan Montmort oppakt en fêstset yn ôfwachting fan 'e útkomst fan 'e syktocht.
Underwilens komt Madeleine by Lucile om har om help te freegjen foar Benoît, dy't beskûl fûn hat yn in jachthutte yn 'e bosk. Lucile seit dat se har net helpe kin en Madeleine jout har yn wanhoop ôf. Nei't se fuort is, nimt Lucile yn ôfwêzigens fan har skoanmem klean fan har man Gaston mei en set by tsjuster nei de bosk ta, dêr't de Dútsers in klopjacht hâlde. Mei har bekendheid mei it terrein slagget it har de Dútsers te ûntrinnen en de jachthutte berikken. Se jout Benoît de klean fan har man om foar syn eigen ûnder it bloed sittende dracht te ferwikseljen en smokkelet him nei de filla fan 'e Angelliers ta, dêr't se him ferstoppet yn in romme ynboude kleankast. Wannear't har skoanmem letter thúskomt, fertelt Lucile wat se dien hat. Frou Angellier is net bliid mei it nijs. Lucile is bang dat se Benoît it gat fan 'e doar wize sil, mar ynstee liedt se Benoît nei in sekuerder skûlplak ta, dat har pake yn 'e Earste Wrâldoarloch boud hat foar as de need oan 'e man komme soe. Dêr fine de Dútsers him net as se de filla fan 'e Angelliers trochsykje.
As de 48 oeren om binne sûnder dat Benoît Labarie boppe wetter kommen is, wurdt de boarchgreve fan Montmort nei it doarpsplein brocht. Foartiid kriget de boarchgrevinne koart de tiid om ôfskie fan har man te nimmen. Sy is no ien en al berou, mei't se goed foar it ferstân hat dat sysels it keatling fan foarfallen yn beweging set hat dat ta dit momint laat hat. De majoar draacht de lieding oer de eksekúsje oer oan Bruno. Dy is der hast mislik fan, mar folget it befel op. De boarchgreve komt foar it fjoerpeloton en Bruno jout him neitiid it (ûnnedige mar gebrûklike) genedeskot. Suver fuort neitiid krije de Dútsers befel om earnewêr oars hinne, dat se risselwearje om Bussy te ferlitten.
De Angelliers en Benoît beriede har ûnderwilens oer hoe no fierder. Benoît seit dat er kontakten yn Parys hat en dat er fan doel is te besykjen om dêrhinne, om him by de Frânske ûndergrûnse te jaan. Frou Angellier faget dat idee fan tafel, mei't in mankepoatsjende man dy't socht wurdt Parys nea helje sil. Dan slacht Lucile foar om Benoît dêr yn 'e auto hinne te smokkeljen. Dêrfoar is hja in reispas fan 'e Dútsers nedich. Se giet dêrfoar nei Bruno, dy't wol trochhat dat der wat oan 'e hân is, mar sa oermanne is troch skuldgefoelens oer de eksekúsje dat er docht wat Lucile fan him freget en in reispas foar har beävensearret. Syn ordonnâns fermoedet lykwols dat Lucile Benoît ferberget en docht in bryfke by de reispas yn mei de ynstruksje oan 'e Dútske soldaten by de kontrôlepost om har auto yngeand te trochsykjen.
Lucile nimt ôfskie fan frou Angellier. It wurdt mei gjin wurd sein, mar it is foar allebeide folslein dúdlik dat Lucile net weromkomme sil. Mei Benoît ferburgen yn 'e kofferbak set se ôf. Frou Angellier giet wer yn 'e hûs en set nei de souder ta, dêr't, sa blykt no, it jonge Joadske famke Anna ûnderdûkt sit. Underwilens fertelt de ordonnâns oan Bruno wat er dien hat. Dêrop set Bruno Lucile op 'e motor efternei.
As Lucile by de kontrôlepost arrivearret, langet se sûnder euvelmoed de reispas oer oan 'e tsjinstdwaande Dútske soldaat. Dy makket it kefert fan 'e pas iepen en fynt it bryfke fan 'e ordonnâns. Dêrop wurdt de soldaat ûnfreonlik, rjochtet syn gewear op Lucile en befellet har út te stappen en de doarren en kofferbak fan har auto iepen te dwaan. Sadree't se de kofferbak iependocht, sjit de bewapene Benoît de soldaat dea. De oare soldaat komt oandraven en sjit Benoît del, mar Benoît sjit him ek dea. Op dat stuit arrivearret Bruno op 'e motor. Lucile rjochtet in pistoal op syn holle, mar kin harsels der net ta bringe om him dea te sjitten. Bruno stiet krektlyk yn twastriid, mar komt op 't langelêst ta in beslút. Hy helpt Lucile om 'e slim ferwûne Benoît op 'e efterbank fan 'e auto te tillen en lit har gean.
Yn in voice-over fertelt Lucile dat se mei Benoît Parys berikte en dat er úteinlik genies fan syn skotwûne. Tegearre joegen se har by it ferset en holpen sa om 'e Dútsers te ferslaan. Bruno seach se nea werom, en letter hearde se fia-fia dat er sneuvele wie. Mar, sa seit se, miskien dat er ek wol gewoan weiwurden wie yn 'e gaos fan 'e oarloch, krekt sa't dat mei harsels bard wie. Se is him nea fergetten en eltse kear as se op 'e piano it muzykstik Suite française spilet, dat er har kado dien hat, bringt de muzyk him wer by har werom as wiene se noch altyd byinoar.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Lucile Angellier (en fertelster) | Michelle Williams |
1e luitenant Bruno von Falk | Matthias Schoenaerts |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
frou Angellier | Kristin Scott Thomas |
Benoît Labarie | Sam Riley |
Madeleine Labarie | Ruth Wilson |
1e luitenant Kurt Bonnet | Tom Schilling |
Celine Joseph | Margot Robbie |
de boarchgreve fan Montmort | Lambert Wilson |
Marthe | Clare Holman |
Leah | Alexandra Maria Lara |
de boarchgrevinne fan Montmort | Harriet Walter |
majoar | Heino Ferch |
Denise Epstein | Eileen Atkins |
baas Joseph | Eric Godon |
frou Joseph | Deborah Findlay |
frou Michaud | Diana Kent |
Anna | Themis Pauwels |
Bruno syn ordonnâns | Niclas Rohrwacher |
Maurice Michaud | Simon Dutton |
pastoar Bracelet | Nicolas Chagrin |
frou Perrin | Bernice Stegers |
Dubois | Paul Ritter |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Suite Française waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan 'e Frânske skriuwster Irène Némirovsky. Hja wie in Joadinne dy't de roman yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn it geheim skreau. It wurk bleau ûnfoltôge doe't Némirovsky yn 1942 oppakt waard troch de nazys, dy't har yn Auschwitz fermoarden. Har mei de hân skreaune manuskript lei sechstich jier ûnfermoede yn in koffer, oant it úteinlings ûntdutsen waard troch har dochter Denise Epstein-Dauplé. Yn 2004 waard it sadwaande tige postúm dochs noch publisearre, en it ûntjoech him ta in wrâldwide bestseller. Epstein-Dauplé sei dêroer, yn in neiskrift dat oan 'e ein fan 'e film yn byld brocht wurdt: "It is in bûtengewoan gefoel om ús mem wer ta libben brocht te hawwen. It lit sjen dat it de nazys net echt slagge is om har te fermoardzjen. It is gjin wraak, mar it is al in oerwinning."
De filmrjochten op 'e roman fan Némirovsky waarden yn 2007 troch útjouwerij Éditions Denoël ferkocht oan 'e Frânske filmstudio TF1 Films Productions. Suite Française waard regissearre troch Saul Dibb nei in senario fan himsels en Matt Charman. As produsinten wiene Romain Bramons, Andrea Cromwell, Michael Kuhn en Xavier Marchand by it projekt belutsen foar de filmstudio's TF1, Entertainment One, BBC Film, The Weinstein Company en Qwerty Films. Suite Française wie dêrmei in Britsk-Frânsk-Belgysk-Amerikaanske ko-produksje.
Len Blavatnik, Christine Langan, Charles Layton en de bruorren Bob en Harvey Weinstein hiene it algemien tafersjoch oer it filmprojekt yn harren hoedanichheid as útfierende produsinten. Foar Suite Française wie in budget beskikber fan €15 miljoen, wat omrekkene delkaam op likernôch $20 miljoen. Neffens de Britske krante The Daily Telegraph wie it dêrmei "in grutte film neffens Jeropeeske (mar net neffens Amerikaanske) mjitstêven". De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Eduard Grau. De filmmuzyk waard fersoarge troch Rael Jones, mar it muzykstik Suite française dat Bruno von Falk yn 'e film skriuwt, waard komponearre troch Alexandre Desplat.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar Suite Française setten op 24 juny 2013 útein en duorren oant en mei 27 augustus fan dat jier. Der waard acht wiken lang filme op lokaasje yn Belgje, yn it doarp Virton yn 'e provinsje Lúksemboarch en op ferskate plakken yn 'e provinsjes Henegouwen en Waalsk-Brabân. Dêropta waard der acht dagen film yn it Frânske doarp Marville, yn it departemint Meuse.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Suite Française waard yn Frankryk fersoarge troch UGC Distribution, yn it Feriene Keninkryk (en Kanada en Spanje) troch Entertainment One, yn Belgje troch Kinepolis Film Distribution en yn 'e Feriene Steaten (en Latynsk-Amearika, Austraalje, Ruslân en Dútslân) troch The Weinstein Company. Der wie in besletten fertoaning fan 'e film yn it ramt fan 'e American Film Market (AFM) op 5 novimber 2014, en dat is wêrom't de IMDb 2014 oanhâldt as jier dat Suite Française útbrocht is. Mar soks wurdt ornaris rekkene neffens de earste publyk tagonklike fertoaning, en dat wie de wrâldpremiêre, dy't op 10 maart 2015 yn Parys holden waard. De film iepene dêrnei op 12 maart yn 'e bioskopen yn Itaalje, op 13 maart yn it Feriene Keninkryk, op 1 april yn Frankryk en op 15 april yn Belgje. Yn 'e Feriene Steaten kaam Suite Française net yn 'e bioskoop.
It byhearrende soundtrackalbum, dat opnommen wie yn 'e Abbey Road Studios yn Londen, ferskynde op 16 maart 2015 by platemaatskippij Sony Classical. Suite Française waard op 27 july 2015 útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Suite Française oer it algemien positive resinsjes. Yn it Britske tydskrift Empire omskreau Anna Smith de film as "goed". Neffens har tilden "poerdeeglike aktearprestaasjes de út en troch soap-eftige ferhaalline" nei in heger nivo "yn dizze semy-súksesfolle ferfilming". Guy Lodge skreau yn it Amerikaanske tydskrift Variety dat er Suite Française "wat muf mar âlderwetsk genotfol" fûn. Neffens him koe "de romantyske alluere fan dizze knaphandich makke, oprjocht aktearre […] triennelûker" net bedoarn wurde troch "twifelige besluten by it skriuwen fan it senario".
Yn The Hollywood Reporter stelde Leslie Felperin fêst dat de film mear as genôch "stevige produksjewearden, poerbêste akteurs en healyntellektuele smaakfolheid" hie, "mar amper siel, piid of oprjochte hertstocht". Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian mocht net oer Suite Française, dat er mar 2 fan 5 stjerren taparte. Hy kwalifisearre it as "swak, sûkerswiet en frij fan hertstocht". Emma Dibdin fan Digital Spy joech de film 3 fan 5 stjerren. Neffens har wurke Suite Française folle better as in protrettearring fan "in mienskip yn fluks" ynstee fan as "in nearzige românse", mei't "de ferskowende loyaliteiten fan doarpelingen en soldaten eskalearje ta in ridlik meislepende trêde akte".
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Suite Française in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 45 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] komt syn histoaryske românse op in tige lykmoedige wize benei, wat – yn 'e mande mei de sterke aktearprestaasjes fan 'e talintfolle cast – in meislepend resultaat opsmyt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Suite Française in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 8 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Suite Française brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $9,3 miljoen op. Ofset tsjin it budget fan $20 miljoen betsjut dat in ferlies fan $10,7 miljoen, dêr't de marketingkosten noch oerhinne komme.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Suite Française waard yn 2017 (doe't de film yn 'e Feriene Steaten foar it earst op 'e tillefyzje kaam) nominearre foar de Emmy Award foar bêste muzykkomposysje foar in minysearje, tillefyzjefilm of tillefyzjespecial.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Suite Française
- (in) Ynformaasje oer Suite Française yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Britske oarlochsfilm
- Britske romantyske film
- Britske histoaryske film
- Frânske oarlochsfilm
- Frânske romantyske film
- Frânske histoaryske film
- Belgyske oarlochsfilm
- Belgyske romantyske film
- Belgyske histoaryske film
- Amerikaanske oarlochsfilm
- Amerikaanske romantyske film
- Amerikaanske histoaryske film
- Romantyske oarlochsfilm
- Histoaryske romantyske film
- Histoaryske oarlochsfilm
- Ingelsktalige film
- Frânsktalige film
- Dútsktalige film
- Film fan Entertainment One
- Film fan BBC Film
- Film fan The Weinstein Company
- Film fan Saul Dibb
- Film út 2015
- Film oer de Twadde Wrâldkriich yn Jeropa en Afrika
- Film oer in besetting
- Film oer it ferset yn de Twadde Wrâldkriich
- Film oer kollaboraasje yn de Twadde Wrâldkriich
- Film oer famyljerelaasjes
- Film oer in militêr
- Film oer in komponist
- Film oer muzyk en muzikanten
- Film oer in ûnmooglike leafde
- Film oer ferskil yn maatskiplike klasse
- Film mei in Frânsk tema
- Film basearre op in literêr wurk