Stoarmfloed fan 1916

De stoarmfloed fan 1916, Suderseefloed fan 1916 of Jannewarisfloed is in wettersneedramp dy't him yn de nacht fan 13 op 14 jannewaris 1916 yn Nederlân om de Sudersee hinne syn beslach krige.
It ferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 13 en 14 jannewaris 1916 stuts in swiere stoarm op yn Nederlân. [1]Yn de wiken dêrfoar stie der al in krêftige oant stoarmige súdwest- en westewyn en dêrtroch waard in soad wetter út de Noardsee wei tsjin de kust oandreaun en de Sudersee yn. It wetter yn Noardsee en Sudersee stie dêrtroch al 30 -70 sintimeter heger as oars. Op 11 jannewaris wie der ek in stoarm út it noardwesten dy't it wetter fierder opdreau.
Fan 13 jannewaris ôf luts der nochris in stoarm oer, it gefolch fan in legedrukgebiet by Yslân. De wyn kaam út it noardwesten, wêrtroch't noch mear Noardseewetter nei de Nederlânske kust dreaun waard. De stoarm hold lang oan, de wyn bleau yn De Helder achttjin oeren lang op syn minst wynkrêft 8 en maksimaal 10 en by Hoek van Holland waard sân oeren lang wynkrêft 11 metten. [1]
It wetter berikte by floed op ferskate plakken, sawol yn it Suderseegebiet as oan de Noardseekust, in stân fan mear as trije meter boppe NAP. Foar it Suderseegebiet waarden de heechste wetterstannen om fiif oere moarns fan 14 jannewaris hinne berikt. [1] Der waarden rekôrhichtes metten yn Spakenburg, Muiden, Zeeburg en Marken.
De stoarmfloed foel gear mei in ferhege wetterstân yn de bopperin fan de rivieren, ,[2] dêrtroch naam de druk op winterdiken bot ta. Der ûntstiene op tsientallen plakken dykbrekken en der wie op in soad plakken skea oan it binnenberin en de beklaaiïng fan de diken. Yn de provinsje Noard-Hollân foelen 21 deaden, wylst der by ferskate skipsrampen nochris 32 minsken omkamen.
Keninginne Wilhelmina besocht de troffen gebieten.
Yn Fryslân foel de skea ta en kaam allinnich it bûtendyks gebiet by Holwert en Aldlemmer ûnder wetter te stean.
Gefolgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze ramp, yn kombinaasje mei de Ierappelrebûlje feroarsake troch de Earste Wrâldoarloch, late ta de Suderseewet. De fersterking fan 'e diken, dêr't nei de ramp mei útein set waard, waard yn 1926 foltôge. Yn 1932 waard de Sudersee 'betwongen' troch de oanlis fan in 32 kilometer lange dyk, de Ofslútdyk. Foar de fiskers betsjutte dat it ein fan in grut part fan harren fiskerij.
De wettersneed late ek ta de oprjochting yn 1921 fan de stoarmfloedseintsjinst. [3] Yn Noard-Hollân waard it Hoogheemraadschap Noordhollands Noorderkwartier oprjochte, dat it ûnderhâld fan de diken benoarden it Noardseekanaal oernaam fan de lytsere wetterskippen.
- Militêren en boargers waarden ynset om needseewearingen oan te lizzen yn de Anna Paulownapolder. Sekken mei klaai en sân wurde dellein en dêrnei mei ierde bedutsen.
- Oerstreaming by Spijkenisse
- Monumint Wettersneed op it eilân Marken
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kanon fan Nederlân, Watersnood 1916
- Nemokennislink, 1916, de watersnood die Nederland veranderde
- Historiek, Stormvloed 1916 fataal voor de Zuiderzeecultuur
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stoarmfloed fan 1916 fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
