Springe nei ynhâld

Sudereilânreuzemoä

Ut Wikipedy
Sudereilânreuzemoä
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoä's (Dinornithiformes)
famyljereuzemoäfûgels (Dinornithidae)
skaaireuzemoä's (Dinornis)
soarte
† Dinornis robustus
Owen, 1846
IUCN-status:

De Sudereilânreuzemoä (Dinornis robustus) is in útstoarne moä-soarte út it skaai Dinornis, yn it Maoary bekend ûnder de namme moa nunui. It wie ien fan 'e langste fûgelsoarten dy't ea op 'e ierde libbe hat. Se kamen foar op it Nijseelânske Sudereilân. Yn gewicht waard de soarte allinnich troch de swierdere, mar minder lange oaljefantsfûgel fan Madagaskar oertroffen.

Moä's wienen rinfûgels: grutte, wjukleaze fûgels mei in boarstbien, mar sûnder kyl (of boarstbienkaam). De oarsprong fan dizze fûgels wurdt hieltyd dúdliker en der wurdt no fan útgien dat iere, fleanende foarâlden fan dizze fûgels har ferspraten nei it súdlik healrûn, dêr't de measte rinfûgels libben.

Nettsjinsteande it feit dat se geografysk tichter by de kiwy stiene, litte fylogenetyske analyses op basis fan oantroffen DNA sjen dat moä's it tichtst by de Midden- en Súdamerikaanske Tinamû-eftigen stiene. De Sudereilânreuzemoä heart ta it skaai Dinornis en wurdt tegearre mei de nauwe sibbe Dinornis novaezealandiae fan it Noardereilân yn 'e eigen famylje Dinornithidae set.

De Sudereilânreuzemoä wie de grutste moäsoarte. Folwoeksen wyfkes wienen by de rêch oant 2 meter en koene yn totaal 3,6 meter heech wurde. Nettsjinsteande de ûnbidige hichte hat út ûndersyk bliken dien dat Dinornis robustus trochstrings mar 200 kilo woech, mei maksimale rûzings fan om-en-de-by 250 kilo foar wyfkes. Der is mar ien folslein - of foar in part folslein - moä-aai dat oan 'e Sudereilânreuzemoä taskreaun wurdt. Dat aai is yn 'e buert fan Kaikōura fûn en is 240 millimeter lang en 178 millimeter breed.

Ferliking fan 'e seksuele dimorfy tusken de lytsere mantsjes en de gruttere wyfkes.

Sudereilânreuzemoä's hiene in hiel grut liif, mar yn ferhâlding in lytse kop, in eigenskip fan alle rinfûgels. Ut ûndersyk hat bliken dien se net in goed sicht hiene, mar wol goed rûke koene. De poaten fan 'e soarte wiene tinner as by oare moäsoarten, wat betsjutte kin dat se liniger wiene, ek al rûnen se nei alle gedachten stadich en foarsichtich. Opfallend genôch wienen reuzemoä's de ienige grutte rinfûgels dy't in hallux (de earste tean fan 'e poat) hienen. Opfallend is ek dat de moä yn feite gjin wjukken hie.

Reuzemoä's sieten nei alle gedachten hielendal yn 'e fearren, útsein harren kop en in lyts part fan 'e nekke en de poaten. Der binne fearren fan dizze soarte fûn, wêrút bliken docht dat it fearrekleed gewoan brún of licht streekt wie.

Gedrach en ekology

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dinornis robustus en syn sibben wienen frij eksintrike fûgels. Al koene se likernôch 3,6 m heech wurde, se holden harren nekke meastentiids horizontaal ynstee fan fertikaal, lykas ek harren fiere famyljelid, de kiwy.

Kop.

Moä's wiene deidieren en om't Nij-Seelân gjin lânseigen herbivoare lânsûchdieren hie, namen de moä's dat ekologyske plak yn. Reuzemoä's binne ekologysk te ferlykjen mei sjiraffes en oare langhalzige grutte herbivoaren. De fûgels hienen in tige robúste snaffel en fynsten fan in relatyf grutte samling maachstiennen foar it meallen fan iten wize op in tige rizelryk dieet. It measte iten waard socht yn bosk en iepen fjild. Troch fossilearre ekskreminten witte wy dat it dieet fan 'e fûgel bestie út tûken, sied, beien, blêden, blommen, klimplanten, krûden en strûken. Nei alle gedachten friet de fûgel fral fegetaasje dy't troch oare soarten net fertarre wurde koe, wêrtroch't se konkurrinsje mei oare weidzjende bisten foarkamen. Harren snaffel makke it mooglik stengels te snijen en tûken te brekken. Njonken harren snaffel hienen moä's sterkere nekkespieren as oare rinfûgelfamyljes, wat harren mooglik mear krêft joech by it loslûken of losskuorren fan tûken.

Briedende Sudereilânreuzemoä (Christchruch).

Reuzemoä's wienen nei alle gedachten fûgels dy't der lang oer diene om geslachtsryp te wurden. Yn ferliking mei kasuarissen fochten de wyfkes wierskynlik om de mantsjes, om't se folle grutter wienen. It is oannimlik dat fral de mantsjes de piken grutbrochten, om't it wyfke te grut west hat om de aaien mei in tinne skaal út te brieden. Harren briedgedrach is lykwols noch jimmeroan net bekend. Se nêstelen ûnder rotsen fan 'e lette maitiid oant de iere simmer. Der wurdt spekulearre dat de piken streekt wienen, lykas dy fan oare rinfûgels.

Dinornis robustus libbe op it Sudereilân fan Nij-Seelân en ek op Stewarteilân en Native Island. Syn habitat bestie foaral út leechlân (strûken, dunen, gerslân en bosken).

Tegearre mei oare leden fan 'e moäfamylje stoar de Sudereilânreuzemoä út troch jacht fan minsken yn 'e 15e iuw, sawat 200 jier nei de kolonisaasje troch de Maoary.

Yn 2025 makke it Amerikaanske biotechnologybedriuw Colossal Biosciences plannen bekend om de Sudereilânreuzemoä wer ta libben te bringen. It projekt, dat yn gearwurking mei it Ngāi Tahu Research Centre fan 'e Universiteit fan Canterbury útfierd wurdt, hat as doel it genoom fan 'e moä te rekonstruëarjen mei it brûken fan âld DNA en ferlykjende genomika. Colossal Biosciences hat it besykjen beskreaun as in kulturele en ekologyske weropbou, ynstee fan inkeld in wittenskiplik eksperimint. It bedriuw rûsd dat der binnen fiif oant tsien jier in libbensfetbere moä produsearre wurde kin.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: