Springe nei ynhâld

Sudereilânpoarperhin

Ut Wikipedy
Suderlânpoarperhin
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftkraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famyljeralfûgels (Rallidae)
skaaipoarperhinnen (Porphyrio)
soarte
Porphyrio hochstetteri
Meyer, 1883
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

    
Fersprieding fan 'e soarte, ynklusyf opfanglokaasjes.

De Sudereilânpoarperhin of de Sudereilântakahe (Porphyrio hochstetteri) is in net-fleanende ralfûgel, dy't ta itselde skaai heart as de yn Europa foarkommende poarperhin (P. Porphyrio). Yn it Maoary hjitte de fûgel takahe.

Juvenyl.

De fûgel hat in lingte fan 63 sm en in gewicht fan 3 kilo. De soarte is folle grutter as de gewoane poarperhin. It is in grienblauwe fûgel mei in oliifgriene oant blauwe rêch. De fûgel hat in grutte reade snaffel mei in read skyld boppe de snaffel. De koarte en foarse poaten binne read. Mantsjes en wyfkes binne gelyk, mar wyfkes binne krekt wat lytser. Jonge fûgels ha in doffere kleur.

De fûgel kaam eartiids foar yn bosken en gersgebieten, mar it gebiet is no beheind ta de alpine gerslannen. As de snie falt sakket de fûgel ôf nei bosk en strûklân. De soarte libbet op it Sudereilân, dêr't er yn it Murchison -berchtme yn it súdwesten foarkomt. Yn 2018 waard in twadde populaasje stifte troch it frijlitten fan fûgels yn it Nasjonaal Park Kahurangi. Yn 2023 waarden op 'e nij fûgels loslitten yn 'e regio Otago en om in grutte populaasje mooglik te meitsjen waarden yn 2025 nochris fûgels yn 'e omkriten loslitten.[1]

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Twa folwoeksen fûgels mei twa jonge fûgels.

De fûgels binne monogaam en ha it nêst op 'e grûn tusken it gers, itjinge de aaien en jonge fûgels kwetsber meitsje foar predaasje. De soarte leit meastentiids twa aaien en de fûgel kin oan 'e ein fan it earste jier begjinne te brieden, mar meast foar it earst yn it twadde jier. Se wurde likernôch 18 jier âld yn it wyld en 22 jier yn finzenskip.

De fûgel yt sied, gers en ynsekten en blêd fan gerssoarten fan benammen de Chionochloa.

Lykas oare net-fleanende Nij-Seelânske fûgels hat de soarte slim te lijen hân fan ynfierde bisten lykas harten en ynfierde harmelingen, rotten en katten. Mar de fûgel waard ek swier bejage troch de Maoary en waard pas yn 1847 foar it earst beskreaun op basis fan fossile bonken. Yn 1850 waard foar it earst in libbene fûgel fongen en letter noch in pear. Nei't yn 1898 noch in fûgel fûn wie en de fûgel dêrnei net mear sjoen waard, waard oannommen dat de soarte útstoarn wie. Yn 1948 waard dochs wer in lytse populaasje ûntdutsen yn it súdwesten yn it Nasjonaal Park Fiordland fan it Sudereilân. Dy populaasje telde doe 250 oant 300 fûgels. Yn 'e jierren dêrnei rûnen de oantallen fierder tebek. Yn 1985 waard úteinset mei it grutbringen fan 'e fûgel yn finzenskip. De oantallen namen doe wer stadichoan ta en fluktuearren foar in hiel skoft tusken 100 en 160 fûgels. Yn 2007-2008 waard de soarte troffen troch de pest en sakke de populaasje mei 40% oant in djiptepunt fan 80 fûgels yn 2014.

Troch de bestriding fan ynvasive predatoaren en aktyf natuerbehear nimt it oantal fûgels ta. Yn 2023 waard de populaasje op likernôch 500 fûgels rûsd.[2] De oantallen nimme fierder ta mei trochstrings 10% yn it jier (2025), mar sûnder de beskerming fan minsken oerlibbet de soarte net. Dêrfandinne stiet de soarte as bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: