Stuart N. Lake
| Stuart N. Lake | ||
![]() | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Stuart Nathaniel Lake | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 23 septimber 1889 | |
| berteplak | Rome (New York) | |
| stoarn | 27 jannewaris 1964 | |
| stjerplak | San Diego (Kalifornje) | |
| etnisiteit | ||
| wurk | ||
| taal | Ingelsk | |
| sjenre | non-fiksje (skiednis) | |
| bekendste wurk(en) | Wyatt Earp: Frontier Marshal | |
| jierren aktyf | 1931 – 1964 | |
| offisjele webside | ||
| Stuart N. Lake yn 'e IMDb | ||
Stuart N. Lake (folút: Stuart Nathaniel Lake; Rome (New York), 23 septimber 1889 – San Diego, 27 jannewaris 1964) wie in Amerikaansk amateur-histoarikus, publisist en senarioskriuwer. Hy krige bekendheid troch syn boek Wyatt Earp: Frontier Marshal, in biografy fan 'e bekende revolverman út it Wylde Westen Wyatt Earp. It boek bliek letter foar in grut part út leagens te bestean.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stuart N. Lake waard yn 1889 berne yn Rome yn 'e Amerikaanske steat New York. Hy studearre ôf oan 'e Cornell Universiteit yn Ithaca (New York) en wurke neitiid jierrenlang as sjoernalist. Sa wied er twa jier lang korrespondint yn it Fiere Easten en wurke er fiif jier op 'e redaksje fan 'e krante The New York Herald. Yn dyselde snuorje wied er ek aktyf as promoater foar it showwrakseljen. Under de kampanje foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 1912 wurke er as p.r.-man foar presidintskandidaat Theodore Roosevelt. Lake tsjinne yn 'e Earste Wrâldoarloch as sersjant yn it sjenykorps fan it Amerikaanske Leger oan it Westfront yn Frankryk, mar waard omreden fan oprûne ferwûnings nei hûs stjoerd nei't er oerriden wie troch in legerfrachtwein.
Biograaf fan Wyatt Earp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1931 publisearre Lake in tige ynfloedrike biografy fan Wyatt Earp (1848–1929), in ferneamde plysjeman en revolverman út 'e tiid fan it Wylde Westen. It boek krige de titel Wyatt Earp: Frontier Marshal ("Wyatt Earp: Marshal oan 'e Amerikaanske frontier"). Lake hie ferskate jierren oan it boek wurke en hie Earp sels, foar syn ferstjerren, noch by ferskate gelegenheden oer syn libben befrege. In oare boarne wie Earp syn frou en letter widdo Josephine.
Neitiid waard by ûndersyk troch renommearre histoarisy fêststeld dat Wyatt Earp: Frontier Marshal foar in grut diel út leagens bestie. Foar in part waarden dy Lake foarkôge troch Josephine Earp yn in besykjen har eigen reputaasje en dy fan har man te behimmeljen. Sa hie Josephine Earp, foar't se har man mette, nei alle gedachten as prostituee wurke en teffens runde Earp sels in skoft in bordeel. Mar de biografy befette ek ûnnedige 'opleukings', lykas de bewearing dat Earp syn favorite fjoerwapen yn 'e tiid fan it Wylde Westen in Colt Buntline west hie, wylst er nei alle gedachten nea sa'n wapen yn besit hân hat. Lake joech letter ta dat er der sels dingen by fantasearre hie en dat er in protte útspraken, dy't yn syn boek opfierd wurde as letterlike sitaten fan Wyatt Earp, út 'e tomme sûgd hie.
Wyatt Earp: Frontier Marshal spile in grutte rol by it húsriem meitsjen fan 'e namme fan Wyatt Earp yn 'e Feriene Steaten. Der waarden twa spylfilms op it boek basearre: Frontier Marshal út 1934 en Frontier Marshal út 1939. Yn 'e lêste film spile filmstjer Randolph Scott de haadrol. Yn 1946 brocht Lake in werfertelling fan syn boek út ûnder de titel My Darling Clementine. Behalven de feroare namme stie dêr frijwol neat nijs yn, en it kin dan suver ek wol as in op 'e nij besjoene werútjefte fan Wyatt Earp: Frontier Marshall beskôge wurde. Op dat boek basearre regisseur John Ford, ek yn 1946, de western My Darling Clementine, wêryn't Henry Fonda de rol fan Wyatt Earp fertolke.
Lettere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lake skreau ek oare skiedkundige teksten oer it Wylde Westen, wêrûnder In the Path of the Padres en Tales of the Kansas Cow Towns. Gauris publisearre er syn wurk yn 'e foarm fan artikels yn The Saturday Evening Post. Troch de ferfilmings fan Wyatt Earp: Frontier Marshal rekke Lake behelle yn 'e filmyndustry fan Hollywood. Hy waard senarioskriuwer, û.o. fan 'e films Wells Fargo (1937), The Westerner (1940) mei Gary Cooper, Winchester '73 (1950) mei James Stewart en Powder River (1953) mei Rory Calhoun.
Lake ferstoar op 27 jannewaris 1964 yn San Diego yn 'e âlderdom fan 74 jier.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
