Strjitten op It Hearrenfean

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Strjitten op It Hearrenfean:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

Omdat It Hearrenfean-Súd yn de njoggentiger jierren omneamd is nei Aldskoat ferwize in tal nammen nei Aldskoat:

A[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Aak – de aak as fartúch mei in platte boaiem en in brede boech
  • Abe Lenstra bûlevard – by it Abe Lenstra stadion
  • Achter de Tsjerke – earder ûnderdiel fan de Rykswei Swol – Ljouwert. Hiet yn 1780 noch "De Cromme Dragte". De N.H. Tsjerke ("Grutte Tsjerke") waard yn 1637 boud yn de foarm fan in Gryksk krús mei in koepeltoer yn de midden. Ferbou yn 1859 en ôfbrutsen yn 1969."De Cromme Dragte" bestie al as feanwetterke yn 1542.
  • Aengwirderwei – nei de Fryske namme Aenjewier, de wei rûn fan It Hearrenfean nei Anjewier
  • A. Kuyperstrjitte – nei Abraham Kuyper, godgelearde en Nederlânsk steatsman.
  • Alde Komerk – it ferlingde fan de Fleismerk en eartiids de foarhof fan Crackstate en besit fan de famylje Crack, letter fan famylje Bouricius fan Idema. Oant 1828 doe’t it pleintsje gemeentlik eigendom waard moat hjir de 'komerk’ west ha. De merkejilden wienen earst foar de famylje Idema. Hjiroer ûntstie letter in protte skeel mei de gemeentes Skoatterlân en Aenjewier. Nei 1897 wie yn de midden in skoftlang in plantsoentsje. De befluorring waaard yn 1907 fernijd, de stoepen waarden yn 1932 oanlein, tagelyk mei de Crackstrjitte.
  • Alde Molewei – oan de wei stie eartiids in mole dy’t ± 1918 ôfbrutsen is.
  • Alde Feanskieding – de wei leit efkes besuden de sleat Alde Feanskieding dy’t nei alle gedachten al sûnt de 16e iuw bestiet.In 'Feanskieding’ is in grins lutsen troch it ûnfergoeven heechfean, wierskynlik in greppel of leech dykje dy’t fan belang waard doe’t de Fryske feanen yn 1550 op kapitalistyske wize eksploitearre waarden. Op guon plakken waard dit de gritenijgrins, hjir tusken Nijehaske en Aldskoat.
  • Alma Tademawei – nei de Fryske skilder Sir Laurens Alma Tadema.
  • Altenaleane - Omtrint 1879 kocht Geerd Bonnes Altena (Boarnburgum, 28 augustus 1846 - Terbant, 16 oktober 1928) in stik grûn op de hoeke fan dizze leane en de Grintwei (no Keninginne Wilhelminawei) en boude dêr in húske dat oant 1 maaie 1026 –doe’t hy nei Terwispel gie- troch him bewenne waard
  • Amelânleane – yn wyk De Ikkers, neamd nei it Waadeilân It Amelân.
  • Ampereleane – sjoch by Aldskoat
  • Anjelierstrjitte – nei de yn ferskate kleuren kweekte snijblom en yn it wyld groeiende anjelier.
  • Antillenstrjitte – nei de Karaïbyske eilannegroep de Nederlânske Antillen.
  • Appelhof – op dit terrein wie foar 1064 in appelhof.
  • Archimedeswei – sjoch by Aldskoat.
  • Arnoldistrjitte – yn it gebiet dat neamd is nei minsken dy’t yn tsjinst wienen of tsjinsten ferlienden oan de Fryske Nassaus. Nicolaas Arnoldi wie ± 1734 opperhofmaster.
  • ArûbastrjitteArûba is in eilân fan de Nederlânske Antillen (earder West-Ynje)
  • Asterstrjitte – de aster as plant dy’t yn de neisimmer en hjerst bloeit.
  • Atalantastrjitte – nei de atalantaflinter.
  • Aureliastrjitte – nei de aureliaflinter
  • Azaleastrjitteazalea is in heidekrûdeftige plant, besibbe oan de rododendron.

B[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Baalder – in baalder is in turfsoarte (baggeldersturf) út de ûnderste feanlagen en op leechfean-wize ûntstien.
  • Badwei - Sûnt de oanlis fan in swim- en baaiynrjochting (yn 1883) – yn de folksmûle ‘de inktpot’neamd fanwege it donkere feanwetter is de namme Badwei bekend. Yn 1931 is der in nij swimbad komd oan de Binnewei by It Oranjewâld.
  • Baggelbak – nei de bak wêryn de laach feankluten smiten waarden, dy’t dan ta feanbrij ferwurke waarden.
  • Bakkerssteech – De tsjintwurdige 'Rodenburgersteeg' fan de "Lindegracht" nei de Tsjerkestrjite waard earder Bakker-steechje neamd.
  • Baron – in aadklike titel, tusken ridder en burchgreve yn; earder titel fan de heechste edelen, fuort ûnder de kening.
  • Baronesse de Vos van SteenwijksingelBaronesse de Vos fan Stienwyk stifte in sikehûs op It Hearrenfean.
  • Baronystrjitte – ferfallen, neamd nei de Barony fan Breda.
  • Barten – In barte is in oer in farwetter lizzende ferpleatsbere brêge sûnder leuning.
  • Bassin’’ – strjitte efter de Wettertoer
  • Begoniastrjitte – in begoania is in keamer- of túnlant.
  • Bellstrjitte – sjoch by Aldskoat.
  • Benzwei – sjoch by Aldskoat
  • Bessemerstrjitte - sjoch by Aldskoat
  • Bûgel – In bugel is in stik feantersark.
  • Boekeleane’’ nei de bûk as beamsoarte. Leane hjit nei 1996 'Sulverlinde'.
  • Beurtskip – nei it frachtskip dat in geregelde tsjinst ûnderhâlde tusken ien of mear plakken
  • Bielzen – in byls is in dwerslizzer foar spoarreels.
  • Binkesstrjitte – nei Rudolf Binkes.
  • Binnewei - in âld binnenpaad dat al yn 1718 bestie.
  • Blausingel – stiet tichtby 'Blau Hûs'.
  • Blaugers – dit gebiet stie winterdeis faak ûnder wetter en yn de healannen kaam de palnt blaugers dan ek in soad foar.
Nij Friesburch oan de Falkenawei. Rjochts de eardere ambachtsskoalle
  • Boargemaster Falkenawei – nei boargemaster Jochum Jacobus Gerardus Sijbrandus Falkena út de earste helte fan de 20e iuw. De wei rint fan de 'Koornbeurswei' yn súdeastlike rjochting en giet by de Keninginne Julianawei oer yn de Tolhûswei. It is in gedielte fan de âlde Rykswei Ljouwert-Swol. Waard eartiids Ferlingde Dracht neamd en waard yn 1828 foar it earste befluorre. Foar de oanlis fan de Koornbeurswei begûn de Boargemaster Falkenawei by de Van Riessenstrrjitte.
  • Boargemaster Kuperusplein – nei Boargemaster Kuperus fan de gemeente It Hearrenfean fan 1946-1963. It plein is yn 1952 oanlein.
  • Boeier – nei it oarspronklik Frânske fartúch de boeier út de 15e iuw; in platboaiem fan sa’n 15 meter mei gaffelseil, fok en kluwer.
  • Bogardwei – Bogard wie yn tsjinst by de Feankompanjy.
  • Bokslide – slide wêrop oer iis turf mei ferfierd waard.
  • BolsterBolster of bonk is de boppeste laach fan it heechfean. It is net geskikt foar turf en wurdt dêrom wol as struisel brûkt. De bonkierde moast weihelle wurde eardat der fean útstutsen wurde koe.
  • Bonêrestrjitte – neamd nei it eilân Bonêre fan de Nederlânske Antillen. (earder West-Ynje).
  • Boskkreek – yn rekreaasjeplan 'Heidemar'. In boskkreek is in natoerlik wetter yn in boskrike omjouwing.
  • Bottelier – in bottelier wie in namme foar de kelder- of proviandmaster.
  • Bouwe van Ensstrjitte – nei fersetsman Bouwe van Ens.
  • Bouwlust – nei de feriening 'Coöperatieve Vereniging Werklieden Bouwlust' dy’t op 8 april 1879 oprjochte waard troch leden fan de Wurkljuferiening. Yn 1882 boude dizze feriening oan de 'Badwei' op It Hearrenfean tsien wenten, dy’t elk sawat f. 1000 kosten. Doe’t alle leden in passende wente hienen waard de feriening wer opheft.
  • Breedpaad – heart ta de âldste dielen fan It Hearrenfean. Koe earder ôfsluten wurde mei twa peallen by de herberch Transvaal (ôfbrutsen hoekhûs 'Breedpad'-'Dracht'). Oarspronklik eigendom fan de Kompanjons (de Twa Miene Roeden lâns de feart. Sjoch ek by: 'Kninepôle’.
  • Brekken – nei de wetternamme De Brekken. Der binne yn Fryslân wol mear Brekkens: yn Wymbritseradeel de Aldegeaster Brekken, de Flakke Brekken, Swarte Brekken, Wite Brekken en fierders de Bombrekken, Grutte Brekken en Lytse Brekken en Tersoalster Brekken.
  • Bremstrjitte – sjoch by Aldskoat
  • Brouwersleane - Yn 1887 boude Jacob Adams Brouwer ( Boppe Knipe, 31 maart 1855It Oranjewâld, 5 juny 1905 op de hoeke fan de letter nei him neamde leane en de ‘Sânwei’ (no 'Keninginne Julianawei') in húske dat him mei de grûn ûngefear f. 450,- koste hat. De grûn hie hy al yn 1879 kocht mei in kollega-timmermansfeint; dizze 'kocht hy út' yn 1887. Hy wie feint by de bekende timmerman Inne Brouwer op It Hearrenfean.
  • Bûtebaan – nei de âlde Thialf iisbaan.
  • Buizerd – flat út 1871/1972 neamd nei de Nederlânske namme foar de rôffûgel mûzefalk.
  • Burchgreve – in burchgreve wie de befelhawwer fan in boarcht of boarch, letter in aadlike titel, leger as greve.

C[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Celsiusstrjitte – sjoch by Aldskoat
  • C. Gerritsmastrjitte – nei Cornelis Gerritsma riedslid yn Skoatterlân
  • Coehoorn van Scheltingawei – it geslacht Coehoorn van Scheltinga hat in soad grytmannen oplevere. Sa wie Menno Coehoorn fan Scheltinga grytman fan Skoatterlân fan 1715 - 1777. Under syn bestjoer waard It Hearrenfean haadplak fan de gritenij, dêrfoar wie Aldskoat it haadplak.
  • Costerwei – sjoch by Aldskoat.
  • CoulonstrjitteAnthony Coulon was wie fan 1709 ôf boumaster.
  • Crackstrjitte – (1932) De gemeente Aenjewier kocht in gedielte fan hotel Jorissen om middels trochbrekken dizze strjitte oanlizze te kinnen. Neamd nei Johannes Sijtzes Crack de stifter fan it gebou Crackstate. Hy hie in soad fertsjinsten foar de gritenijen It Hearrenfean en Aenjewier wêr’t er in soad grûn hie en fan 1636 - 1652 grytman west hat. De Cracks hawwe it mei de Oenema's, de Heloma's, de Scheltinga's, de Lycklama's, de Andringa's, de Kempenaers, de Bienema's en de Bouricius’ iuwenlang foar it sizzen hân yn de feanterij.

D[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Dahliapaad – it bolgewaaks dahlia is in túnplant út Meksiko.
  • Dalhuysenstrjitte - Anton Dalhuysen wie in Ljouwerter fuotballer dy’t 17 jier op it heechste nivo by LAC Frisia 1883 spile (kampioen yn 1925). Yn 1939 waard er fuotbaltrener fan It Hearrenfean. Hy ferstoar op 22 septimber 1945 op 49-jierrige leeftiid oan in slimme longoandwaning.
  • Dalkruid – Nederlânske namme foar de heideplant Twiblêd yn nijbouwyk De Heide.
  • De Ikkers – útwreidingsplan De Ikkers begjin sechtiger jierren. Hearde iuwen ferlyn ta de saneamde Kommanderijikkers.
  • De Dolte – ferfallen strjitnamme en feroare yn Weinmakker om betizing mei jiskelân De Dolten foar te kommen. De Dolte is in namme dy’t eartiids foar dizze streek brûkt waard, ûntliend oan de ynventaris fan Dekema-Cuyck-Foeyts.
  • De Dreef – Dreef betsjut ‘brede lânwei’.
  • Deel - namme fan ferskate wetters yn Fryslân
  • De Fortún – nei mole De Fortún dy’t oan de Molewyk stien hat.
  • De Kavels- ûnoffisjele namme, wie de Kavelstrook (wetterkearing).
  • De Kimen – de kym is it rûne diel fan de skipswand tusken boaiemflak en de hast fertikale wanden.
  • De Klút – In klút is in wetterfûgel op dy’t op sânbanken en sompige greiden foarkomt.
  • De Krimte – fan de Jousterdyk nei de Haskerútgong. De Krimte is in âlde namme foar dizze streek, ûntliend oan de ynventaris fan Dekema-Cuyck-Foeyts.
  • De Kúnder as namme foar de Tsjonger.
  • De Leien – nei de Fryske wetternamme De Leien
  • De Loads as namme foar houten berchplak of wurkplak.
  • De Lûken as houten skotten fan turfskippen om in iepen skip mei of te sluten.
  • De Opslach as namme foar opslachplak.
  • De Passaazje foar oerdekte winkelstrjitte.
  • De Plassebuorskip De Plasse leit ûnder It Hearrenfean. In gedielte fan de eardere gemeente Aenjewier dat nei 1826 drûchmakke is by de polder fan it 4e en 5e Feandistrikt. In diel hjirfan lei al drûch yn 1750 en hiet doe de Terbantster Polder. Op de hegen en eilannen yn "de Plasse" wennen ferskate feanarbeiders. Blikens in opjefte foar de Landstorm wennen hjir al bewenners yn 1814-1816.
  • De Potten nei it Fryske wetter De Potten
  • De Reling - neamd nei de reling as hikwurk om (turf)skippen
  • De Snip - de snip is in fûgel mei in lange smelle snaffel dy’t faak yn wiet ûnegaal greidlân briedt.
  • De Stapeling – in skipsútdrukking foar it stowen fan de lading of fan in skip. Bygelyks fan in dok.
  • De Swurden – in swurd is in (turf)skipsûnderdiel fan lytse binnenskippen. In swurd is bedoeld om it saaien, ôfdriuwen of omslaan fan platboaiems tsjin te gean.
  • De Warring – de warring is de omrin op lytse (turf)skippen.
  • De Werf – in werf is it plak dêr’t skippen boud of opknapt wurde. By De Werf is in soad wettersportaktiviteit.
  • De Wimpel – nei de lange smelle faan oan de mêst fan in (turf)skip.
  • De Ynfeart – in yngong, bygelyks fan in haven.
  • De Zanden – de lannen besuden de Tsjonger waarden sa neamd.
  • Dokter Wumkesleane – nei Geert Aeilco Wumkes, Frysk skriuwer en teolooch.
  • Domela Nieuwenhuiswei - Ferdinand Domela Nieuwenhuis wie sosjalistysk lieder en predikant. Wie fan 1888-1891 lid fan de Twadde Keamer foar it distrikt Skoatterlân.
  • Dopheide – nei de plant skrobberheide mei pearse dopfoarmige blommen.
  • Dotterhof – nei de djerreblom, in plant dy’t in soad foarkomt op lege, sompige grûnen.
  • Dovenettel – de dôvenettel is krektas oare strjitten neamd nei wetter- en moerasplanten.
  • Dracht – de Dracht is de haadstrjitte fan It Hearrenfean, neamd nei in wetterstreamke.
  • Dr. Van Schouwenleane - nei dokter Gabriël van Schouwen.
  • Ds. Kingwei – Neamd nei de geweldleaze strider foar folsleine gelykheid fan negers en blanken yn Amearika, dûmny Martin Luther King.
  • Dûbele rigel – eins it begjin fan de Jousterwei yn De Skâns. De wei wie yn 1715 al oan twa kanten beboud en krige dêrtrch har namme. Om 1533 hinne kaam by de Dûbele Rigel in brêge: it "Bandster Gangholt"

E[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Eastergoa - nei Eastergoa as ien fan de trije goaën yn Fryslân dat bestie út 11 gritenijen en twa stêden, te witten Ljouwert en Dokkum.
  • Edelman - ien fan adel is in edelman
  • Edisonleane – sjoch by Aldskoat.
  • Eeltsje Halbertsmastrjitte - nei de Grouster arts en letterkundige Eeltsje Halbertsma.
  • Eereprijs - Nederlânske namme foar blaublomke as sompeplant.
  • Einekoai – yn in einekoai waarden eartiids wylde einen fong.
  • Egelskop – Nederlânske namme foar de moerasplant dûkel.
  • Ekke de HaanstrjitteEkke de Haan wie sûnt 15 novimber 1934 riedslid fan de gemeente en nei de befrijing yn 1945 waarnimmend boargemaster. Op 29 augustus 1955 waard hy beneamd as boargemaster fan de gemeente Beerta.
  • Els – nei de leafbeam els dy’t yn sompige gebieten groeit.
  • Engelenburchbuorskip by de brêge oer de Engelenfeart oan de Rottumerdyk.
  • Engelenstrjitte – nei gemeentesekretaris en kantonrjochter Jhr. Daniël Engelen
  • Ernst Casimirleane – yn útwreidingsplan ‘Skoatterwâld’, nei Ernst Casimir (1573-1632) greve fan Nassau. Hy die mei oan fjildtochten fan Prins Maurits en sneuvele by Roermond.
  • Ernst Ettemastrjitte – riedslid en wethâlder fan Skoatterlân en It Hearrenfean tusken 1931-1949.
  • Ernst van Harenplein – plein foar de eardere mavo, nei militêr en ferfeanter Ernst van Haren (1623-1701)
  • Eskenhage – nei de esk dy’t by rekreaasjeplan Heidemar in soad foarkomt.
  • Europaleane – om de Europeeske ienheid te toanen. Oan de leane lizze de wylde tunen fan Louis le Roy.

F[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Faandrich – in faandrich is in findeldrager fan in legerûnderdiel.
  • Faleriaanfaleriaan is in plantenamme.
  • Fahrenheitstrjitte – sjoch by Aldskoat.
  • Falk – flatgebou nei de rôffûgel falk
  • Feanslûs – Twadde slûs yn de Skoatterlânske Kompanjonsfeart tusken It Mar en de Knipe, noardeast fan It Hearrenfean. De feart wie bedoeld foar ôffier fan turf en hea yn it 4e en 5e Feandistrikt. De slûs waard boud yn 1850 by de oanlis fan de Kommisjewei – de wei fan It Hearrenfean-De Gordyk, mei yn ferbân me de drûchlizzing fan it 5e distrikt.
  • Feilingstrjitte - foarmet de noardwest begrinzing fan it terrein mei de eardere grientefeiling. De feiling waard brûkt tusken 1955-1967.
  • Fjildskâns – op it plak dêr’t eartiids de fjildskâns La Ronduite stie.
  • Feluweleane – De Feluwe is in diel fan Gelderlân.
  • FenusFenus is in planeet.
  • Fermanjesteech – ferwiist nei in fermanje as tsjerke foar Menisten. Mennisten mochten eartiids gjin tsjerken oan de strjitte bouwe. Mennistetsjerken waarden dan ek faak efter in oare wente of yn in stege boud, of as in kamûflearre wenhûs wêrtroch’t saneamd skûltsjerken ûntstienen. Bekend binne Penjum en Grou. Omdat de tsjerkjes efterôf faak allinnich troch in stege berikber wienen, binne yn mear plakken ‘Vermaningstegen’. De mennistetsjerke waard boud yn 1762/1763 foar in bedrach fan f. 4.423,--. Foarhinne stie hjir al in fermanje, en ek ien oan de Badwei (doe 'Kninepôle'), dy’t gearfoege binne.
  • Fedde Schurerplein – earder Lyceumplein, neamd nei Fedde Schurer
  • Feitssingel – de famylje Feits hie hjir in fellebleaterij. Lambertus Feits (1852 - 1933) wie tusken 1902-1906 boargemaster fan Skoatterlân en ferhuze dêrnei nei Baarn
  • Fiaduktwei - by it fiadukt oer de Ljouwerterstrjitwei.
  • Fjoerflinterstrjitte – nei de fjoerflinter.
  • Fleismerk – hjir waard eartiids op kreamkes fleis ferkocht, yn 1800 wurdt hjir noch oer skreaun, mar der is om 1850 hinne in ein oan komd.
  • Fluezen – 'fluezen' betsjut 'driuwende seadden'. De Fluezen is in mar yn Nijefurd.
  • Fluwielenleantsje – fytspaad as ferbining Wilhelminawei mei Aldskoat.
  • Flylânleane – nei it waadeilân Flylân
  • FoeytsstrjitteFloris Foeyts wie ien fan de Skoatterlânske kompanjons.
  • Fok – wie ûnderdiel fan de âlde Rykswei Ljouwert-Swol. It krige syn namme troch in stik lân dat de foarm fan in skipsfok hie. It lei op de hichte fan rêsthûs 'Mariënbosch'. It yn 1842/43 oan de "Fok" boude gritenijhûs fan Aenjewier is ôfbrutsen yn 1965. Mids 19e iuw waard de Fok 'Alde Tsjerkestrjitte' neamd.
  • Fonteinkrûd – nei de wetterplant bearzerûch.
  • Fortúnpassaazje – mole De Fortún dy’t oan de Molewyk stie.
  • Francijntje de Boersingel – nei de skriuwster Francijntje de Boer .
  • Frederik HindrikleaneFreark Hindrik fan Oranje Nassau (1584-1647) wie in soan fan Willem I fan Oranje Nassau en fan Louise de Coligny en troud mei Amalia fan Solms-Braunfels.
  • Fûgelwyk - wei yn bestimmingsplan De Greiden

G[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • GaasterlânleaneGaasterlân.
  • Gaastrawei – nei Andrys Gaastra, grûnlizzer fan Batavus.
  • Ganzenweide - de strjitten hawwe hjir fûgelnammen, hjir dus Guozzen.
  • Gashâldersplein – nei it eardere gasfabryk
  • Gaswei – nei it eardere gasfabryk
  • Dimpte Molewyk – Lâns de Molewyk waarden earder houtflotten ferfierd nei de houtseachmole. De bewenners fan de Dracht brûkten it farwetter foar ferfier fan turf. De wyk is nei alle gedachten yn de 17e iuw groeven en stiet al op de âldste gritenijkaarten fan 1718.
  • Geerts Willigenplein – wie yn 1542 in stripe grûn en betsjut eins 'de wylgen fan Geert'.
  • Gemeenteplein – plein foar Oenemastate (it eardere gemeentehûs fan Skoatterlân/It Hearrenfean), waard earder ek Van Harenspaad neamd.
  • Generaal – de generaal as fjildhear, kriichsoerste, of offisier fan de heechste rang.
  • Geraniumstrjitte – nei de potplant geranium
  • Golfleane by de golfbaan yn plan Heidemar.
  • Gooilandleane - nei Goailân yn Noard-Hollân.
  • Greve – yn Skoatterwâld, neamd nei greve as aadlike titel
  • Greefskipleane – nei Greefskip as diel fan Oerisel.
  • Griend’’ as Nederlânske namme foar it Waadeilân It Gryn.
  • Groomwei – nei it elemint groom
  • Gruttostrjitte ferwiist nei de skries as greidefûgel mei in rjochte snaffel en hege poaten.
  • Gûverneur – yn Skatterwâld nei de gûverneur of lânfâd, bestjoerder of fertsjintwurdiger fan de keninginne.
  • Gysbert Japixstrjitte – nei de dichter Gysbert Japicx.

H[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Haadbrêge - gebou op de hoeke Dracht/Van Harenspaad, neamd nei de brêge oer de Skoatterlânske Kompanjonsfeart dy’t de Dracht ferbûn mei de Fleismerk.
  • Harckesstrjitte - nei bottelier Inte Harkes (± 1680)
  • Hartoch – nei hartoch as titel fan in legeroanfierder, letter as aadlike titel.
  • Haskerútgong - útgong is in iuwenâlde namme dy’t yn ûnbrûk rekke is (bg. Hoarnsterútgongen)
  • Havikhorst nei hoarst as heech en rûch nest fan in hauk.
  • Hazelaar - nei de beamsoarte hazzenút.
  • Hearenhage – serviceflat, nei de Hearen fan It Hearrenfean.
  • Hearrenfeansk kanaal - kanaal fan de Feanskieding oant It Deel.
  • Heidebuorren – diel fan de Twa Miene Roeden" dêr’t eartiids in heidefjild lein hawwe sil
  • Heidemar - bylâns de 'Rotstergaasterwei'nei it rekreaasjeplan Heidemar.
  • Heremawei – de eardere Stasjonswei waard letter Heremawei neamd.
  • Hearenhof - ferbynt de Hearrewâl mei de Skoalstrjitte
  • ’’Hearrewâl’’ - Hearrewâl is de wâl fan de Hearresleat
  • Hertshooi - Nederlânske namme foar de wylde plant Sint Jânskrûd dy’t neffens it folksleauwe beskermje soe tsjin ûnwaar en brân.
  • Hesselstrjitte – nei Franciscus Hessel, drukker en útjouwer op It Hearrenfean.
  • H. Hebbesstrjitte – neamd nei Hebbe Hebbes, boargemaster fan Skoatterlân.
  • Hiddingastrjitte – nei de famylje Hiddinga, dy’t al foar 1700 yn stikken neamd wurdt en wêrfan de leste ôfstammelingen (yn rjochte line) yn de twadde helte fan de 19e iuw útstoaren en yn Nijskoat begroeven lizze. De famylje eksploaitearre lange tiid de houtseachmole De Fortún oan de Dracht. De famylje hat inkele leden fan de rjochterlike macht oplevere.
  • Hoefblad – nei de wylde plant hoefblêd mei hynstehoeffoarmige blêden.
  • Hofleane – rint nei it tsjerkhof oan de Binnewei.
  • Hofnar - wei yn Skoatterwâld nei de hofnar as midsiuwsk figuer dy’t mei narjen en koartswyl syn master fermeitsje moast.
  • Homanstrjitte – nei Hans Hendrik Homan, túnman fan de Fryske Nassau’s nei 1718.
  • Hondsdraf - Nederlânske namme foar Tongerblom as heideplant.
  • Hoopstede - nei it plak dêr’t de stutsen turf op in heap setten waard of it opslachplak sels.
  • Hopman - yn Skoatterwâld nei hopman as oanfierder, kapitein fan in legerûnderdiel.
  • Hornstrahof - strjitte by de eardere húshâldskoalle S.K. Hornstraskoalle, oprjochte troch S.K. Hornstra (1889-1961) dy’t ek earste foarsitter wie. Letter waard Hornstra kassier fan de Boerelienbank yn Aldskoat.
  • Houtdraaier - nei de ambachtsman dy’t draaid houtwurk makke.
  • Huismanstrjitte - by it Abe Lenstrastadion. Neamd nei eardere boargemaster en gemeentesekretaris fan It Hearrenfean en foarsitter fan SK It Hearrenfean. Hendrik Huisman (Boalsert, 19031986) wie fan 1942 - 1947 sekretaris fan de gemeente it Hearrenfean. Hy wie foarsitter fan de fuotbalferiening fan 1940 - 1947. Yn 1947 waard hy boargemaster fan Weststellingwerf. En kaam dêrnei op 1 febrewaris werom as boargemaster fan It Hearrenfean en soe dit bliuwe oant 1 febrewaris 1969.

I[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Iepenleane – nei de iperenbeam.
  • Ikeleane – hjir wie eartiids de yngong nei it Sportpark, letter Abe Lenstra Stadion.
  • Ikkersplein – kaam yn it plak fan de nammen Amelânplein en Feluweplein yn wyk De Ikkers.
  • Yndustrywei – nei it yn 1954/55 oanleine en yn 1958 útwreide yndustryterrein dêr’t earder de tunen leinen fan it bûten 'Jagtlust' yn Aldskoat (ôfbrutsen yn 1875). Dit bûten waard it lêst bewenne troch Mr. O.R. van Andringa de Kempenaer, lid van de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal (stoarn op 8 augustus 1868 yn Neuwnahr).
  • It Beaken - nei in earder ferieningsgebou dat op de hoeke Sieverstjitte/Minckelerstrjitte stie.
  • It Bûtlân - wenwyk besuden It Mar as namme foar ûnbemeald lân.
  • It Dokdok as ôfslútbere of driuwende bak om skippen op te knappen.
  • It Foardek – ûnderdiel fan in (turf)skip
  • It Helmhout – ûnderdiel fan in (turf)skip
  • It Kylblok – in kylblok is in helpstik by it fêstsetten fan in skip yn in dok.
  • It Mar – nei buorskip It Mar
  • It Rûm – nei it ûnderdiel fan in (turf)skip.
  • It Ven – de wetterplasse dy’t ûntstie troch sânwinning yn rekreaasjegebiet De Heide. In fen is in natuerlik marke mei helder wetter.
  • Izerwei - op it yndustryterrein nei it metaal izer

J[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jacob Hepkemastrjitte – nei útjouwer en stifter fan de ‘Hepkema’s Courant’ Jacob Hepkema.
  • James Wattleane – sjoch Aldskoat
  • Jan Gijse Weeninkstrjitte - ferfallen strjitte neamd nei Jan Gijse Weenink, in bekend houtkeaper en houtseachmoolner. Jan Gijse Weenink wie berne yn Sutfen op 14 juny 1828. Yn 1870 gie er werom nei syn berteplak.
  • Jan Mankesleane – nei keunstskilder en grafikus Jan Mankes
  • Jan Sluyterplantsoen - waard yn 1963 omneamd yn Presidint Kennedyleane. It is neamd nei skilder Jan Sluyters.
  • Jan van der Heijdenwei – sjoch by Aldskoat
  • J.H. Jurresstrjitte – nei Johannes Hendrikus Jurres (1875 - 1946), skilder en grafikus.
  • J.H. KruisstrjitteJan Harm Kruis, (Lúnbert, 26 maart 1904Haskerdiken, 14 april 1945), wie feehâlder en lid fan de Nederlânske Binnenlânske striidkrêften. Sneuvele ien dei foar de befrijing by de Heabrêge op Haskerdiken. Sjoch ek by 'Sieger van der Laanstrjitte’.
  • Jiskelânpaad – nei it jiskelân dat eartiids by It Mar lei.
  • Jister – in jister is in ôffrede stik lân dêr’t de kij molken wurde.
  • Jisterplein slút oan by de 'Jister'.
  • Johan Willem Frisoleane – nei steedhâlder Johan Willem Friso (1687-1711), prins fan Oranje.
  • Jol – in jol is in iepen roei- en sylboat mei in spitse stjûne en platte efterkant.
  • Jonker – in jonker is de âldste soan fan in edelman, of yn it algemien in jonge edelman.
  • Jonkmanplein – nei fuotballer Henny Jonkman (offisjeel Hendrik Jonkman) (1919-1982) fan it kampioensalveal fan fuotbalklup It Hearrenfean. Hy waard yn it seizoen 1940/41 oanfierder doe’t fuotbalklub VAC opgie yn It Hearrenfean en bleau dit oan syn ôfskied yn 1952.
  • Joris in’t Veldstate – wensintrum fan de Humanistyske Hûsfesting Alderein nei Mr Joris in 't Veld.
  • Jousterwei – fan dit spoar yn it ferlingde fan de Dûbele Rigel rjochting De Jouwer. De wei stiet al oanjûn op de kaart van Schotanus/Halma fan 1718 mar sil grif folle âlder wêze as ûnderdiel fan de âlde wei De Jouwer-De Gordyk.
  • J.P. EngelmanstrjitteJan Pelletier Engelman wie boargemaster fan Skoatterlân,
  • Jupiter – nei de planeet Jupiter
  • Jutte – ûntliend oan de feanterij. In jutte is in soarte houten skeppe, wêrmei’t de feanbrij út de bak skep waard en oer it lân útsmiten waard.

K[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kalmoeshof – nei de moerasplant kalmuswoartel
  • Keamenier – in keamenier is de froulike liiftsjinster fan in foarstlike dame.
  • Kamperfoelykamperfoelje is in slingerplant mei wytgiele blommen.
  • Kaptein – de kaptein as haadman of befelfierder fan in legerûnderdiel.
  • Karst de Jongwei nei soasjalistysk riedslid en Frysk deputearre Karst de Jong.
  • Karturf – Karturf is earste soarte turf.
  • Kastanjeleane – nei de beamsoarte kastanje
  • Kattebosk – wei yn De Greiden oant de Alde Feanskieding. De Kattebosk is in yn 1996 rûge moerasbosk dat yn de folksmûle Kattebosk neamd waard.
  • Keestrastrjitte – nei Jan Keestra, gemeente-sekretaris fan Skoatterlân.
  • Kelvinpaad – sjoch by Aldskoat.
  • Kempenaerssingel – nei deputearre Onno Reint van Andringa de Kempenaer (1801 - 1868)
  • Kemphaanstrjitte – nei de snipfûgel hoants. De mantsjes drage yn de maitiid in brede kleurde halskraach; bekend om spegelgefjochten.
  • Keningin Julianawei - fan it Tolhûs nei de Bieruma Oostingwei yn It Oranjewâld. De wei hiet earder ‘Strjitwei’. Foar de ûntwikkeling fan bungalowpark 'Wâldseam’ rûn de wei rjochttroch oant de Krukmansleane/De Blocq van Scheltingawei yn It Oranjewâld. De wei moat de oarspronklike âlde ‘wardyk’ (leidyk) west hawwe dy’t it wetter fan de moerassen yn It Mar opkeare moast. Yn 1840 waard der as earste in wei op oanlein troch Mr. Lollius Adema, offisier fan justysje op It Hearrenfean en doe wenjend op de pleats 'Meerzicht'. It rykstolhûs, dat stie yn de tún fan 'Blau Hûs' is yn dat jier ferpleatst nei de tún fan Wouda oan dizze wei. De wei waard ± 1910 ferhurde en waard doe Nije Strjitwei neamd. De wei stiet noch net op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718, op dy fan Eekhof fan 1848 stiet er neamd as 'De nieuwe weg'.
  • Keningin Wilhelminawei - hiet foar 1948 'Grintwei' en waard yn 1931/32 ferbrede en krige in asfaltbeton-dek en waard dêrtroch yn de folksmûle 'de geruisloze' neamd. Yn 1962 waard de wei eastlik trochlutsen by de 'Keningin Julianawei'. De wei wie de âlde ferbining mei It Oranjewâld en stiet as lânwei al oanjûn op in kaart fan 1680. De namme waard ynearsten 'Prinses Wilhelminawei' wol de juste namme nei har ôftreden, mar omdat men fûn dat ien dy’t in libben lang keninginne west hie ek sa neamd wurde moast waard de namme Prinses yn 1963 feroare yn Keninginne.
  • Ketting – dearinnende strjitte fan de Boeier yn noardwestlike rjochting oer it troch de Engelenfeart en it saneamde ‘djippe gat' omsluten skiereilân. Nei it graven fan de Engelenfeart (yn 1840), dy’t de Feanskieding mei de Tsjonegr ferbynt, waard oan it begjin tol heft. Dêrta waard sawat op dit plak oer de feart in ketting spand om de feart of te sluten.
  • Kievitstrjitte – nei de Nederlânske namme foar de ljip as greidefûgel.
  • Kimslide – Kimslide of blokken wêrmei de kim fan it skip op de helling steund wurdt.
  • K.J. Hornstrawei – nei Klaas Jeltes Hornstra earmfoud en mei-oprjochter fan de molkfabryk yn Aldskoat.
  • K.J. VisserstrjitteKlaas Jans Visser (1880 - 1939) wie riedslid fan Aenjewier en direkteur fan it bûterfabryk yn Lúnbert.
  • Klamp – in klamp is in dwers oer oare planken fêstmakke planke om se ta ien gehiel te ferbinen.
  • Klynlân – oare namme foar ‘fean’ of ‘turflân’.
  • Kliviastrjitte – de klivia is in keamerplant mei fraaie blêden.
  • Kninepôle – Ien fan de âldste stikjes fan It Hearrenfean, it gebiet ten suden fan de Feanskieding efter it Breedpaad. Al yn 1662 is sprake fan d’Conijnebergh, letter ek wol Konijneberg, Konijnenpolder, of Konijnen-burgerpolder.
  • Koekoeksteech – hjiroan wenne sjouwerman Tiemen Koekoek, (offisjeel Jacob Joustra) (*De Lemmer, 15 novimber 1845) dy't op 11 maaie 1906 nei De Haach ferfarde. De stege stiet al oanjûn op de âldste kadastrale kaart (1832).
  • Kolfbaan sjoch by Aldskoat.
  • Kolk – de eardere slûskolk tusken de Haaadbrêge en de Garstenbrêge oan it Van Harenspaad en ûnderdiel fan de eardere Skoatterlânske Komopanjonsfeart. Fermoedlik groeven yn 1552 (oant it fean)
  • Kolkleane – nei boargemaster Johannes Kolk.
  • Kommandeurstrjitte - De strjitte leit yn in âldste diel fan It Hearrenfean, dat foar de feanûntginning (en dus foar it ûntstean fan It Hearrenfean) de namme Kommandeursikkers hie. Dizze wienen eigendom fan it kleaster yn Aldskoat (1299 - 1580). It kleasterhaad fan sa’n konvint droech de titel fan Kommandeur.
  • Kompanjonsstrjitte – De Kompanjons wienen yn it earstoan de hearen Van Dekema, Cuyck en Foeyts, dy’t yn 1551 in oerienkomst oangienen foar it ôfgraven fan fean yn it eardere Skoatterlân. (De Skoatterlânske Kompanjons).
  • Koolsingel – ferfallen paaad dat neamd is nei de famylje Kool van Heerens en benammen notaris Wesselius Balster Kool van Heerens
  • Kool van Heerensstrjitte – nei notaris Kool van Heerens.
  • Koolwitjesstrjitte - nei de koalflinter.
  • Koornbeurswei – nei loazjemint/kofjehûs 'De Koornbeaurs' dat fan 1877-1982 op de hoeke Dracht/Koornbeurswei stie.
  • Korenbloemstrjitte – sjoch by Aldskoat.
  • Korfleane - yn 1978 ferfallen strjitnamme fan de Molestrjitte nei de Grifformearde tsjerke. Ungefear yn 1903 ferkocht Herman Korf de Jong, in stik lân foar bouterreintjses oan ferskate Hearrenfeansters. Dizze Korf de Jong (Sleat, 1870- De Haach, 1956) wenne sels oan de Stasjonsstrjitte. In foarhinne lânwei yn east-It Hearrenfean mei popelieren waard yn de folksmûle ek wol Korfleane neamd.
  • Kornelis de Wildestrjitte – nei De Wilde dy’t fan 1923 ôf riedslid fan Aenjewier wie en sûnt 1934 fan It Hearrenfean (1949-1962).
  • Kostverloren – fan de Ljouwerterstrjitwei nei en lâns it wenweinkamp en de wenskippenhaven oant de Hearrensleat. De namme komt fan in stik lân dêr’t mei in soad skreppen net folle bedijd waard. De namme komt foar it earst foar yn 1594 by in ferkeaping fan 'gelegen in den dorpe bandt, genaampt d'Swaech alias Costverloren'. De namme Sweach is ferdwûn.
  • Kraaiheide – nei de Nederlânske namme foar beikeheide. Beikeheide of Kraaltsjeheide is in strewel wêrfan de beien in soad iten wurde troch krieën en wylpen dy’t sa de siedden ferspriede.
  • K.R. Poststrjitte – rint sûnt 1932 fan de Fok nei Rykswei 32. De trambaan lans de oarspronklike strjitte fia in brêge oer de Hearresleat waard oanlein yn 1930. Nei de oarloch waard se opheft. Foar 1930 rûn de trambaan oer it Stasjonsplein-Stasjonsstrjitte-Stasjonsbrêge- Fok- Achter de Tsjerke-Fleismerk-Lindegracht-Heidebuorren-It Mar nei De Gordyk. Neamd nei Klaas Rienks Post.
  • Krugersdoarp – ferfallen wei fan de Molestrjitte/Propstrasingel/Feitssingel. Oannomd wurdt dat de beaneaming ûntstien is yn de tiid fan de Transvaalske Oarloch, al binne de huzen yn de strjitte dêrfoar boud. De no ôfbrutsen huzen binne boud mids 19e iuw troch Lambertus Feits, dy’t in fellebleaterij en learloaierij hie oan de no tichtsmiten Molewyk. It wienen allegear wenten foar syn wurknimmers.
  • Kûfurd - nei de wetternamme De Kûfurd.
  • Kûperkûper as tûne- en fettenmakker.
  • Kurasaustrjitte – nei it eilân Kurasau fan de Nederlânske Antillen.
  • Kwartelstrjittekwartel as skouwe, hineftige fûgelsoarte.

L[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lakei – in lakei as liif- en livreifeint, keamertsjinner
  • Lanenburch – in âld buertsje oan de Tsjerkestrjitte. Hiet earder yn Skoatterlân al sa en is yn 1959 foar it grutste part ôfbrutsen. Oan dizze arbeidersbuert sil tusken 1750 en 1800 in man mei de namme Lanenburch wenne hawwe. Sûnt ± 1963 bestiet de strjitte net mear.
  • Lanenburchpassaazje - ferbiningswei tusken Tsjerkestrjitte en Lytse Tsjerkstrjitte, neamd nei Lanenburch.
  • Lângreve - lângreve as aadlike titel.
  • Lariks – nei de liere, in nuddelbeam dy’t winterdeis syn nuddels falle lit.
  • Lark – in lark is in iepen, tige plat sylboatsje.
  • Lavindelpaad – nei de plant lavindel.
  • Lawei – in lawei is in soarte tiidsein dat yn de feanterij brûkt waard. As de koer omheech wie wie it wurktiid, en at der skoft wie gie de koer del.
  • Leeuwentand – Nederlânske namme foar hynstebitter, dy’t op de heide foarkomt.
  • Leienhof – hofke oan ‘’De Leien’’
  • Leeljestrjitte – nei de leelje as plantesoarte.
  • Lepelaarstrjitte – Nederlânske namme foar de Leppelbek, in op in earrebarre lykjende fûgel dy’t yn sompige gebieten tahâldt.
  • Lier – in liere wurdt brûkt om skippen op de helling te lûken.
  • Liifwacht – nei in persoan dy’t oaren beskermje moat.
  • Lindegracht - diel fan de ‘twa miene roeden’ lâns de Skoatterlânske Kompanjonsfeart en ien fan de âldst bewenne stikken fan It Hearrenfean. De strjitte leit tusken de skutkolk oan de eardere slûs by de Haadbrêge en de eardere Garstengrêge. Fan 1800-1828 stie it earste offisjele gemeentehûs fan Skoatterlân oan de Lindegracht (dêrfoar die men gemeentesaken ôf yn in kafeeseal), te witten it pân westlik oan de Skoalstege. Yn 1828 waard it Oenemahûs kocht en waard dit gemeentehûs. De tegelstoepe waard yn 1928 oanlein en yn 1967/68 wizige en oars betegele en ta fuotgongersgebiet makke.
  • Lindeleane - nei de Nederlânske namme foar linebeam
  • Ljouwerterstrjitwei - gedielte fan de âlde Rykswei It Hearrenfean-Ljouwert. Wurdt yn 1540 al neamd en slingere doe omraken. Yn 1827 wurdt de wei befluorre. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 stiet de wei oanjûn as 'De Haskerdijken'.
  • Lobeliapaad – nei it moerasplantsje wetterlobelia.
  • Luitenant – in luitenant is in plakferfangend haadman of befelhawwer fan in legerûnderdiel.
  • Luitzen Wagenaarstrjitte – nei dûmny en skriuwer Luitzen Wagenaar (It Hearrenfean, 1854Middelburch, 1910). Hy wie predikant yn Wûns (1881), te Heech (1883), wêr’t hy yn 1887 de doleânsje (ôfskieding fan de N.H. Tsjerke) yn Fryslân befoardere hat. Yn 1888 waard hy griformeard predikant yn Ljouwert, yn 1893 te Arnhim en yn 1897 te Middelburch. Hy skreau in toanielstik (Tjerk Ages). En ûnder oare Het réveil en De Afscheiding (1880), De Hervormer van Gelderland Joh. Fontanus (1898), Us Heit (1903) en Fan Striid en Oerwinning.
  • Lyceumplein – yn 1968 omneamd yn Fedde Schurerplein.
  • Lyceumstrjitte – nei it eardere Lyceum dat hjir stie.
  • Lysterbeileane – nei de beamsoarte lysterbei.
  • Lytse Tsjerkestrjitte – wie in sydstrjitte fan de Tsjerkestrjitte op it gebiet fan de eardere gemeente Aenjewier. De grins tusken Skoatterlân en Aenjewier rûn op It Hearrefean sawat midden yn de Tsjerkestrjitte. It no oerbleaune diel fan de Lytse Tsjerkestrjitte waard yn 1932 oanlein.

M[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Magnesiumwei – nei it metaal magnesium.
  • Majoar – nei majoar as legerrrang heger as kapitein, kommandant fan in grutter legerûnderdiel.
  • Mangaanwei – nei it metaal mangaan
  • Marconistrjitte – sjoch by Aldskoat.
  • Markys – nei markys as aadlike titel.
  • Marktwei – in diel fan de âlde rykswei Meppel-It Hearrenfean, it stik Blau Hûs-Skoatterlânskewei yn Aldskoat.
iisklup De Volharding oan de Marktweg
  • Marotstrjitte - Daniël Marot wie hûs- en túnarsjitekt fan de Fryske Nassaus.
  • Mauritsleane – nei Maurits fan Oranje Nassau (1567-1625) soan fan Willem I fan Oranje Nassau en fan Anna fan Saksen.
  • Meerkoetwei – De Nederlânske namme foar de wetterfûgel markol.
  • MeinesstrjitteAnne Meines wie de earste boargemaster fan Skoatterlân.
  • Melchior de Grotestrjitte - Melchior de Grote wie as kommandeur fan it kleaster yn Aldskoat ien fan de grûnlizzers fan It Hearrenfean.
  • Merkuriusstrjitte - op bedriuwenpark de kavels lizzende wei dy’t nei de planeet Merkurius neamd is. De wei leit foar in part yn Terbant.
  • Middelseepaad - nei de âlde namme Middelsee foar Iselmar.
  • Minkelerstate - kompleks oan de Minckelerstrjitte.
  • Minckelerstrjitte – rûn earder lâns it gasgabryk en it âlde begraafplak. Neamd nei Johan P. Minckelers (1748-1824), apteker en ûntdekker fan it stienkoalgas. Hy bestudearre ferstienings yn de Sint-Pitersberch yn Limburch.
  • Mobolisaasjewei – de wei waard yn de mobilisaasjejierren 1914 - 1918 mei slakken ferhurde en waard ek wol Kavelstrook neamd. Dizze wei waard yn 1935 oanwiisd as doarpsgrins tusken It Mar, Tsjalbert en Lúnbert. It paad stiet al oanjûn op de gemeentekaart fan Aenjewier fan Eekhof fan 1854 (lâns de 'Buitendijksche Achtervaart').
  • Molepaad - oan de westkant fan mole Welgelegen, eartiids ek Molereed neamd.
  • Molestrjitte – ferbining fan de Dracht nei de Dimpte Molewyk. Dizze ‘Molestege’ komt al foar op de âldste kadasterkaart (1832). Stiet ek op in primitive kaart fan 1780, ûnder de namme 'Rogmolensteeg'. Op bedoelde kaart stiet ek de mole oanjûn.
  • Montferlandleane – nei Montferlân by Arnhim/Nymwegen
  • MoarreDe Moarre is in wetter yn de Súdwesthoeke
  • Morsestrjitte – sjoch by Aldskoat
  • Mr. Halbe Binnertsstrjitte’’ – nei steatelid, Earste Keamerlid en abbekaat Halbe Binnerts
  • Munnikspetten – Yn it ta gelegenheid fan it 100-jierrich bestean de Polder fan it 4e en 5e Feandistrikt útjûne tinkboek waard omtinken jûn oan de muotsen fan it eardere kleaster yn Lúnbert, dy’t al oan feangraverij dienen. Bûten de Monnikesleat fan Lúnbert nei it Alde Deel wize de eartiidske feanplassen tusken Terbant en de Fok nei de Munnikspetten.
  • Munnikstrjitte – ferbining tusken de Dracht en de Dimpte Molewyk. De âlde namme Munnikstege hat lang bestien. Hy wie neamd nei de bekende ferfeanter Hindriks Munniks (1751-1817), dy’t yn Terbant ûnder oare de Munnikspetten grave liet (op it plak fan de eardere Thialf-iisbaan oan de Thialfwei op It Hearrenfean). Munniks wie yn de Frânske tiid lid fan de 'Municipale Ried'. Hy wenne op it hoekhûs fan de Munnikstege (letter troch de firma Keizer ferboud). By syn ferstjerren wie hy ek lid fan de gritenijried.
  • Munt ien fan de trije flats op De Greiden, yn de folksmûle de 'DRie Gebroeders' neamd. Neamd nei de moarasplant munt.

N[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Naardermarstrjitte – nei it wetter Naardermar yn Noard-Hollân.
  • Narcisleane - nei de Nederlânske namme foar it bolgewaaks titelroas
  • Natriumweinatrium is in skiekundich elemint.
  • Nijbuorren - rint lâns de Skoatterlânske Kompanjonsfeart en hiet om 1850 hinne Nijbuorsterwâl. Is ûntstien út de Twa Miene Roeden, dy’t troch de kompanjons oan elke kant fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart ûnfergraven lieten foar it weiferfier. In roede wie sawat 4 meter.
  • Nije Fjildwei - wie al bekend ûnder dizze namme omdat er oanslút op de Nije Fjildwei yn Nijehaske.
  • Nijehaske'- útwreidingsplan tusken Feanskieding, Jousterwei, Haskerútgongen en it Nije Kanaal. Al yn 1542 stienen hjir al inkele húskes.
  • Nijeleane - oanlein yn it ramt fan de ruilverkaveling De Feanpolders, doe’t ek de Sechtjinroeden oansluten is op de Pastorijesingel.
  • Nijstrjitte – fan de Heidebuorren nei de K.R. Poststrjitte. It stik Lindegracht-Tsjerkestrjitte is yn 1850-1853 oanlein (by de oanlis fan de grutte wei It Hearrenfean-De Gordyk en fierder), wêr’t de earste turfwyk nei it noarden gie (de Premierswyk). Hjit wie in slúske wêrfan by rioelearingswurk yn 1958 stikken fan foar it ljocht komd binne. De strjitte is yn 1938 trochlutsen nei de K.R. Poststrjitte dy’t doe noch Hearestrjitte hiet.
  • Nikkelwei nei nikkel as skiekundich elemint.

O[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Omwei – oanlein foar fytsen tusken It Hearrenfean en de Aenjewierwei.
  • Oranje Nassauleane – haadstrjitte yn útwreidingsplan 'Skoatterwâld'.

P[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Paazje - in paazje is in edelknaap as persoanlike tsjinner fan in persoan fan hege rang.
  • Papaverstrjitte – sjoch by Aldskoat.
  • Parallelwei – rint fan de Skoalstrjitte oant de Dûbele Rigel en waard om 1870 hinne oankocht troch Haskerlân nei oanlis fan it spoar Meppel-Ljouwert. Mei de bebouwing is earst yn 1901 goed begûn. De oaniensluten bebouwing mei lytse húskes krige yn de jierren 1901-1904 har beslach, de stoepe is yn 1930 oanlein.
  • Parkwei - liedet nei rekreaasjepark ‘Ten Woude’.
  • Pascalpaad- sjoch Aldskoat
  • Pastorijdwersstrjitte - ferbûn eartiids de Pastorijsingel (letter Sinneblomstrjitte) en de Nijstrjitte. Yn 1953 omneamd yn "Pastorijstrjitte’.
  • Pastorijleane - fan de 'Sinneblomstrjitte’ yn noardlike rjochting nei de Van Beyma thoe Kingmawei. De leane rûn yn âld-Aenjewier earst fan de Pastorijdwersstrjitte oan de Aenjewierwei yn Terbant. De brêge (Spekbrêge) en slûskolk waarden yn 1946 weihelle en tichtsmiten. Nei dizze feroarings wie de leane in stik langer. Mei de oanlis fan Rykswei 32 wie der earst noch in oergong foar fytsers oer de snelwei, mar dy waard letter fanwege it gefaar ôfluten. De eastlike Pastorijleane koe allinnich noch oer de Voormeerwei en de Bûtesingel berikt wurde en run mei in wannel/fytsbrêge oer de A7 troch nei Terbant. De earder tige rike Pastorije fan Aenjewier hie hjir in soad eigendomen lizzen. De leane bestie al yn 1850. It slúske mei de brêge op de hoeke mei de Van Beyma thoe Kingmawei waard opromme yn 1940 en ferfongen troch in dûker. It gebou op dy hoeke waard yn 1847 boud as (Dianeij)earmhûs en waard letter ferplegings- en sikehûs, fabryk fan houtetn meubels en baarnde yn 1995 finaal ôf.
  • Pastorijsingel – Fan Sechtjinroeden nei de Aenjewierwei ûnder Tsjalbert. Op de gemeentekaart fan Eekhof fan 1854 komt de no ferfallen wei foar mei as oantsjutting 'reed en voetpad'.
  • Pastorijstrjitte - sjoch ek Pastorijleane.
  • Paul Krugerkade - ferbynt de Alde Komerk mei it Geerts Willigenplein. Hiet yn Aenjewier earst it Achterom. Doe’t it kafee op de hoeke de namme Paul Kruger krige, om 1900 yn de tiid fan de Boereoarloch, ûntstie ek de namme Paul Krugerkade. De wyk lâns de kade waard yn 1936 tichtsmiten.
  • Piperstrjitte – sjoch by Aldskoat.
  • Pfeifferstrjitte - yn Skoatterwâld, ferwiidt nei Simon Pfeiffer dy’t ± 1696 opsjenner wie.
  • Pier Panderstrjitte – Nei Pier Pander (1864-1919), de byldhouwer dy’t ek de Pier Pander timpel yn Ljouwert en it Van Maasdijk-monumint op It Hearrenfean makke.
  • Piet van der Hemstrjitte – nei keunstskilder Piet van der Hem.
  • Pijlkruidhof - Nederlânske namme foar de wetterplant snoekeblêd
  • Pim MulierleanePim Mulier wie sportpionier en sjoernalist.
  • P.J. Troelstrawei – nei Pieter Jelles Troelstra, steatsman en skriuwer.
  • Pleinwei - nei it Boargemaster Kuperusplein
  • Poelen – nei buert mei puollen as wetternamme.
  • Polderdyk - oer de polderdyk lâns de Hearresleat.
  • Pompmakkerpompmakker is in âld berop.
  • Popmasteech – nei de brân fan simer 1997 begûn Popma in needwinkel yn wat earder de Bakkersstege neamd waard.
  • Populier – Nederlânske namme foar de beam pompelier.
  • Pream – in pream is in fartúch mei in platte boaiem foar ferfier fan fee, dong en turf.
  • Presidint KennedyleaneJohn F. Kennedy waard yn 1963 deasketten, wêrnei’t in moanne letter de strjitte nei him neamd waard as diel fan de Europaleane. Yn de midden fan de leane waard, op inisjatyf fan keunstner en filosoof Louis le Roy, in plantsoen oanlein dêr ’t de natoer syn gong gean koe. Nei inkele jierren fûn de gemeente dat it te wyld waard en begûn flink te snoeien. Begjin 1997 keas de gemeente in tuskenfoarm as nije behearsfoarm. Der is allinnich sprake fan 'minimale yngrepen', it ferkear mei gjin hinder ûnderfine.
  • Primulastrjitte – de primula as plantesoarte.
  • Prinsewei - tagongswei nei de Koningshof fan de Oranje Nassauleane foar de Stadionwei oer.
  • PropstrasingelAlbert Hindrik Propstra, (It Hearrenfean, 10 novimber 1833 – dêre, 10 jannewaris 1866) wie nôtkeapman oan de Fok op de hichte fan it Posthûs en wenne oan de Stasjonsstrjitte. Hy wie eigener fan de âlde pleats oan dizze singel. De pleats waard letter troch de firma Jager en Wierda ta graazje ferboud.

R[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Rak – in rak as rjocht stik farwetter.
  • Ratelaar – Nederlânske namme foar kletterbeam.
  • Réaumurstrjitte – sjoch by Aldskoat
  • Rekreaasjepark Ten Woude – Troch de oanlis fan de wenwyk is fan it park net folle oer. Op it plak fan it swimbad en kuorbalfjilden binne huzen komd. Ynearsten wie it de bedoeling om in park, natoerbad, midgetgolfbaan, tennisfjilden, ferkearstún en kuorbalfjilden oan te lizzen. De namme komt fan de útspanning Ten Woude oan de boargemaster Falkenawei. It wurdsje Ten betsjut hjir ‘nei’,’yn de rjochting fan’
  • Rekreaasjeplan Heidemar – tusken De Rotstergaastwei, De Zanden en plan De Heide oan de westkant fan It Hearrenfean.
  • Reinbôge - paad tusken fjouwerkant "Boeier", "Tsjalk", "Lark" en 'Aak'. In reinbôge is in syljacht mei in gaffeltúch. It klasseteken is in heale sirkelbôge boppe in nûmer.
  • Regint – in regint is in bestjoerder of in bewâldfierder.
  • Reagerstrjitte – de reager is in leadgrize fûgel mei swarte tekening. Hat in lange snaffel en lange poaten, fleant mei stadige wjukslach en ynlutsen hals.
  • Rembrandtleane – nei de skilder Rembrandt van Rijn
  • RenaustrjitteIsaak Renau wie om 1704 hinne tesaurjer yn tsjinst fan de Oranje.
  • Rintmaster – in rintmaster moast foar syn hear de rinten, pachten of hieren ynje. Ek wol: behearder fan in lângoed.
  • Ridder - In ridder wie ien dy’t troch ridderslach opnomd waard yn de ridderstân, of lid fan in ridderoarder.
  • Ryksstrjitwei – oarspronklike net-offisjele namme fan wat no Tolhûswei en Marktwei is. Nei alle gedachten waard de hiele wei fan Ljouwert-Wolvegea eartiids sa neamd. No bekend Ljouwerterstrjitwei, Fok, Achter de Tsjerke, Fleismerk, Dracht, Boargemaster Falkenawei, Tolhûswei, Marktwei en Wolvegeasterwei.
  • Rodenburgerstege – nei Albert Rodenburg (Snits, 23 septimber 1910 – It Hearrenfean, 22 oktober 1898). De stege hiet ek wol Bakkerssteechje en komt al foar op de âldste kadastrale kaart fan 1832.
  • Roede – de roede wie yn de feanterij in mjitstôk fan ± 4 meter (12 foet) om it fean mei op te mjitten. Der waard alle kearen in kante roede fean opsmiten, dus 16 m², tagelyk ynhâldsmjitte foar turf, sa’n 1300 stiks.
  • Roerdompleane – Nederlânske namme foar reiddomp, in reagereftige fûgel dy’t yn sompige gebieten tahâldt. Nimt by gefaar in saneamde pealhâlding oan en is dan tusken de reiden hast net te ûnderskieden.
  • Rolklaver – Nederlânske namme foar de plantesoarte tôchklaver.
  • RomkessteechPetrus Harings Romkes ( It Hearrenfean, 22 augustus 1842 – dêre, 22 febrewaris 1922 ) wie boer op de noardlike hoeke fan de stege. Hy wie ien fan de lêste boeren fan de Dracht. De stege stiet al oanjûn op de âldste kadastrale kaart fan 1832.
  • Rotstergaastwei – de wei nei Rotstergaast en Rottum komt al foar op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718, mar is grif folle âlder.
  • Rottumerwei – oarspronklik it Rotsterfuotpaad nei Rottum dat yn 1859 ferbrede en ferbettere waard.
  • Roazestrjitte – nei de plantesoarte roas.

S[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • SabastrjitteSaba is ien fan de eilannen fan de Nederlânske Antillen yn it Karaïbysk gebiet. Earder West-Ynje.
  • SallandleaneSallân is in diel fan Oerisel.
  • Sandenleantsje – fytspaad bylâns de Rottumerdyk.
  • SânwâldenleaneSânwâlden is ien fan de trije kertieren wêryn eartiids it net-steedlike gebiet ferdield wie. In yn de eartste helte fan de 15e iuw ûntstean ferbûn fan sân dielen (Utingeradiel, Aenjewier, Easterseesterlân, Muiderlân-Lemster-trijegea mei in stik fan Gaasterlân, Haskerlân, Skoatterlân en Doanjewerstâl. Nei 1500 útwreide mei Gaasterlân, East- en Weststellingwerf en Opsterlân. Sûnttiids foarmen de Sânwâlden in folweardich kertier yn de steatsrjochtlike yndieling fan Fryslân. Foar 1500 waarden de Sânwâlden mar sa no en dan troch Eastergoa en Westergoa by de miene Fryske saken belutsen.
  • Saskiaflat – oan de Rembrandtleane. Saskia fan Uylenburgh wie de earste frou fan Rembrandt en de mem fan syn soan Titus.
  • Saturnus – op yndustryrterrein De Kavels, neamd nei Saturnus as planeet.
  • Savorin LohmanstrjitteAlexander F. de Savornin Lohman (1837 - 1924) wie in Nederlânsk steatsman.
  • Scheerling - Nederlânske namme foar de wetterplant giftskerm (ek: giftich piipkrûd)
  • Sechtjinroeden – wei fan de Feanslûs nei Rykswei 43. De wei (wetter?) komt al foar op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718, ûnder de namme ‘De Sesthien Roeden’. Op de kaart fan Schotanus fan 1687 komt de Sechtjinroedenfeart foar, as lizzend op de grins fan Opsterlân en Aenjewier. De namme is fermoedlik yn de earste tiid fan it ûntstean fan de Van Dekema-Cuyck- en Foeyts-feankompanjy ûntstien, dus yn de twadde helte fan de 16e iuw.
  • Setfjild - in setfjild is it gedielte fan it lân wêrop de feanbrij dy’t út de mingbak mei de’jutte' smiten waard, earst neidat rûchte (drûch gers, rûch hea of âlde reidstâlen) oer it fjild struid waard, sadat de baggelspeesje net oan de grûn fêstplakte.
  • Sitroenflinterstrjitte – nei de sitroenflinter
  • Skâns – neamd nei de Terbantsterskâns dy’t op it krúspunt fan de wegen It Hearrenfean—Ljouwert en De Jouwer-Tsjalbert.
  • Skippershof – wengebiet oan de Hearrewâl, hjir wennen yn 1749 wol 21 skippers en 19 skippersfeinten.
  • Scholeksterstrjitte – nei de Nederlânske namme foar de strânljip.
  • Semlerstrjitte – E. Semler wie yn 1799 rintmaster fan de Fryske Nassau’s.
  • Seringepaad – Nederlânske namme foar nageltsjebeam.
  • Servetsteech – betsjutting ûnwis, al yn 1832 wurdt de stege neamd op de âldste kadastrale kaart (1832). Soe oan de westside fan de Dracht west hawwe moatte.
  • Siebengawei – nei Jelle Pieters Siebenga, boer en mei-oprjochter boerelienbank Aldkoat en omkriten.
  • Sieger van der Laanstrjitte – nei skoalmaster en fersetsman Sieger van der Laan. By de oanlis yn 1927 - waard se 'Ferlingde Dekemaleane' neamd. De sleat lâns de wei waard yn de tritiger jierren tichtsmiten.
  • SieverstrjitteBernhard Sievers (1811-1881), fan Dútske komôf, hie in izerhannel oan de Fleismerk en letter oan de Dracht. Yn 1827 wie hy ien fan de oprjochters fan de 'Friesche Maatschappij tot onderlinge verzekering van schepen'. By de oprjochting fan de Keamer fan Keaphannel op It Hearrenfean. Yn 1859 wie hy de earste foarsitter. Fan 1872-1880 wie hy wethâlder fan Skoatterlân. Waard de earste direkteur fan it lokale gasfabryk.
  • Sinneblomstrjitte – nei de sinneblom.
  • Sint Eustatiussttrjitte – neamd nei it Antillen-eilân Sint Eustatius yn it Karaïbysk gebiet.
  • Sjollemastrjitte – nei keunstskilder Dirk Piebes Sjollema.
  • Skoalsteech – de âldste skoalle fabn It Hearrenfean (1640) stie yn dizze steech oant 1907. De skoalle waard doe ferpleatst nei de saneamde Wanneltún efter it Haringspaad (letter Van Harenspaad). Oan de Skoalsteech sieten ek de sopsiederij en it spinhûs. It spinhûs stie ûnder lieding fan in spinbaas wêr’t earmelju yn de gelegenheid steld waarden om wat te fertsjinjen. It skoalgebou is yn 1968 ôfbrutsen by in buertsanearing.
  • Skoalstrjitte – fan de Hearrewâl rjochting Stasjonsplein.
  • Skoatterpaad – sjoch by Aldskoat.
  • Skou – nei it Fryske skipstype skou, in boat mei platte foar- en efterstjûne.
  • Skrynmakker – in skrynmakker is in makker fan kisten en oare meubels.
  • Smelleken - Nederlânske namme fan de stienfalk.
  • Sparrenhof – nei de Nederlânske namme foar spjirrebeam.
  • Speenkruid - Nederlânke namme foar bûtergieltsje
  • Sparwer – de sparwer is in rôffûgel.
  • Spitterspitter is de namme fan de man dy’t feanbrokken útspitte en yn de baggelbak die.
  • Spuonturfspuonturf is de bêste hurde turfsoarte, wêrfoar speesje yn de bak oanlinge waard en hat in wat oare foarm as bagelturf. Spuonturf is fjouwerkant en langhalich.
  • Spoarsingel – rint njonken it spoar Ljouwert-Swol.
  • Stadionwei – rint lâns it Abe Lenstra Stadion.
  • Stâlmaster – in stâlmaster hâldt tafersjoch op de stâlen, meastentiids yn opdracht fan in foarstlik persoan.
  • Stasjonsplein – waard troch de NS oanlein tagelyk mei de bou fan it stasjon yn 1868/69 op in stik lân dat Steatsspoar kocht hat fan de famylje Hendrik Taconis foar f. 17.000,--.
  • Stasjonsstrjitte – rint fan de Hearrewâl (Stasjonsbrêge) nei de Trambaan. De strjitte waard oanlein by de oanlis fan it spoar Meppel-Ljouwert. Hjirfoar waard oankocht de 'De Morgenstond' fan Lubbert Egberts Smilde. Dizze werf wie op it plak fan it âlde belestingkantoar. It meitsjen fan de Spoarbrêge, as tagong nei de Stasjonsstrjitte, hat hiel wat swierrichheden oplevere mei de Skoatterlânske Kompanjons omdat dizzen de frije trochfeart troch harren eigen Hearresleatnet behinderje woenen. De Kompanjons lieten sels skuttingen slaan om de brêge, doe’t der oan wurke waard. In proses oer dizze saak is troch in minlike skikking ta in ein brocht. Op 16, 25 maaie en 8 juny 1883 gie de gemeente Haskerlân in oerienkomst oan mei de Nederlânske Tramwei Maatskippij oer it lizzen fan reels en it riden mei 'trammen' oer de tagongswei en de baskulebrêge yn Nijehaske. De ried fan de eardere gemeente Skoatterlân hie yn 1881 in konsesje ferliend oan de "N.T.M." 'tot de aanleg van een stoomtram door Heerenveen, 't Meer en Beneden-Knijpe'.
  • Stjerrekroas – nei de wetterplant stjerrekroas.
  • Stevinstrjitte – sjoch by Aldskoat.
  • St. Maartenstrjitte – nei it eilân Sint Maarten yn it Karaïbysk gebiet. Earder West-Ynje.
  • Struikheide – Nederlânske namme foar biezemheide yn rekreaasjeplan Heidemar.
  • Surinamesingel – nei Suriname as it eardere oerseeske diel fan Nederlân.
  • Sulverweisulver is in skiekundich elemint.
  • Swannedrift - nei de swannen dy’t by de oanlis fan bestimmingsplan De Greiden in soad yn dit wiete gebiet sieten.
  • Swartesteech – steech dy’t al op de âldste kadastrale kaart fan 1832 oanjûn stiet. Soe betsjutte kinne dat de steech tsjuster wie.
  • Swette – nei De Swette as Fryske wetternamme.
  • Syklamenstrjitte – nei de keamerplant syklaam.
  • Sylroede – in sylroede is in wetter nei de syl (slûs) ta.
  • Suderstrjitte – hiet eartiids Koartewei.

T[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Taconishof – nei Albert IJnze Marie Taconis (It Hearrenfean, 11 july 1900 – dêre, 15 july 1964). Feanster histoarikus, dy’t in soad artikels skreaun hat yn pleatslike blêden. Jierrenlang lid fan de strjitnammekommisje en yn de kariljonkommisje.
  • Taksus – in taksus is in beamsoarte.
  • Tammingastrjitte - Boldewijn Tamminga wie om 1680 hinne oerstâlmaster fan de famylje Fryske Nassaus.
  • Terschellingerstraat – Nederlânske namme foar it eilân Skylge
  • Tesselstrjitte – nei it waadeilân Tessel
  • Thialfwei – nei de iisklup Thialf. Yn 1892 kocht de Keninklike Iisklub Thialf in stik lân fan de famylje De Blocq van Scheltinga en lei hjirop de iisbaan oan. Dêrfoar waard riden op hierde stikken lân. Der wie lykwols min te kommen. Nei drege ûnderhannelingen slagge it om tastimming te krijen om in paad oan te lizzen oer de grûn fan de famyljes Woltman en Jacob Hepkema. De wei waard letter trochlutsen nei de Van Beyma thoe Kingmawei.
  • Thorbeckestrjitte – nei Jan Rudolf Thorbecke (1798 -1872), Nederlânsk liberaal steatsman.
  • Tinwei - nei it metaal tin
  • Tjepkemastrjitte – rint lâns 'Tjepkema's mole' (de mole 'Welgelegen'). De strjitte is neamd nei nôtmoolner Johannes Tjepkema (Froubuorren, 1845 – It Hearrenfean, 1923). De mole is yn 1950 mei subsydzje restaureard en die letter tsjinst as elektryske nôtmealderij (Fa. Y. Kuiper).
  • Tjerk Bottemastrjitte – nei skilder en grafikus Tjerk Bottema.
  • Toellântoellân is lân dêr’t in brune feaneftige grûnlaach yn sit.
It Tolhûs, links de Julianawei rjochting It Oranjewâld
  • Tolhûswei - in diel fan de âlde rykswei Ljouwert-Swol fan de Boargemaster Falkenawei oant Blau Hûs by de Keningin Wilhelminawei. De fytspaden waarden yn 1952/53 oanlein. De eastlike sleat lâns de wei waard doe dimpt. It westlike fytspaad waard yn 1963 ferfongen troch in sekundêre wei. It rykstolhûs stie foar 1842 op in terrein dat yn 2008 heardt ta de tún fan Blau Hûs ( eardere ferpleechynrjochting en no kantoar fan yngenieursbureau Oranjewoud) en is ferpleatst nei it begjinpunt fan de Keningin Julianawei (einpunt Boargemaster Falkenawei). Tusken 1920 en 1930 is it ôfbrutsen omdat it moderne ferkear yn de wei stie. Flak dêrnjonken – oan de oerside fan de destiidske Oranjewâldster sânwei, no 'Keningin Julianawei' – stie it partikuliere tolhûs foar dy wei. Dit húske stiet der noch en is bekend troch syn pylders. Beide tollen binne yn de njogentiger jierren fan de 19e iuw opheft.
  • Tormentil - Nederlânske namme foar weewoartel, in plantsje dat ta de roaseftigen heart en op skrale grûn groeit.
  • Toricellistyrjitte – sjoch by Aldskoat
  • Trambaan – de wei folget it trasee fan de lêstbrûkte baan fan de tram It Hearrenfean-De Gordyk..
  • Trambrêge – brêge tusken Hearrewâl en Fok foar de flat Trambrêge oer. De tram nei De Gordyk ried hjir ynearsten oer. Letter is de baan nei it suden ferpleatst.
  • Trekker – ôflieding fan de trekkerstinte, in houten tinte dy’t yn de feanterijen stie, wêryn de arbeiders de hiele wike wennen. In trekkerstinte wie ferpleatsber sadat er fan it iene nei it oare plak brocht wurde koe, tichtby it feanterijwurk.
  • Trekpaad - fytspaad yn útwreidingsplan Nijehaske.
  • Trekskûte – in trekskûte w ie in skûte dy’t troch in hynder oan in line foarútlutsen waard en eartiids in soad foar persoaneferfier brûkt waard.
  • Tsjalk – Nederlânske namme foar skûtsje.
  • Tsjerkestrjitte – Yn ien fan de âldste gedieltes fan It Hearrenfean, hjir waard yn 1613 it earste Hearrenfeanster tsjerkje boud. Neffens oerlevering is de earste skoalle oan de Tsjerkestrjitte boud op it tsjerkhôf dat der by hearde. Soks is lykwols net oannimlik, de measte âlde Hearreneanster famyljes lieten har deaden ommers begrave yn Terbant of Aldskoat.
  • Tsjotter – ferwizing nei tsjotter as rûne sylboat mei in lytse djipgong.
  • Tureluurstrjitte – Nederlânske namme foar de tsjirk. In lûdroftige waad/greidefûgel mei helderreade poaten en snaffel.
  • Turfskip – yn in turfskip (meastentiids preammen) waard eartiids de turf ferfierd.
  • Turfstekker – de man dy’t de turf ôfstekt.
  • Tusken de Fjilden – fytspaad ûnder de A32 troch as ferbining tusken de sportlfjilden.
  • Tuymelaarstrjitte - Leden fan de famylje Tuymelaar hawwe op It Hearrenfean - soms yn kompanjonskip mei leden fan de famylje Van der Sluis – houtseachmoles eksploitearre en wienen fierders kassier, manufakturier, lid fan de Keamer fan Keaphannel en soksoarte mear. De famylje wurdt al foar 1790 op It Hearrenfean neamd. As earste kin neamd wurde Hindrik Tuymelaar (1756 - 1829), wenjende op de 'Kom' yn It Oranjewâld. De namme Tuymelaarsbosk (hoeke 'Van Limburg Stirumwei' en 'Marijkemuoiwei') herinnert nei alle gedachten oan dizze Hindrik. In soan wie Siebe Hindrik, houthanneler, dy’t wenne yn it grutte pân oan it Breedpaad. Dy syn soannen wienen Cornelis Jepke en Hindrik.
  • TwinteleaneTwinte is in diel fan Oerisel.

U[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Uhlwei – nei Antoon Reinard Uhl, (1841 -1925), riedslid fan Skoatterlân.
  • Uleflecht – yn dit gebiet kamen fanâlds ûlen foar dy’t hjir harren jachtgebiet hienen.
  • Uraniumwei - nei it elemint uranium neamde wei op it yndustryterrein.

V[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Van Aerssenstrjitte – Willem van Aerssen wie jachtopsjenner fan It Oranjewâld (±1680) en yn tsjinst fan de Fryske Nassau’s
  • Van Berkenstrjitte - Daniël van Berken wie yn 1721-1722 feint en fan 1728 ôf hovenier yn tsjinst fan de Fryske Nassau’s.
  • Van Burmaniastrjitte - Gemme Onuphrius fan Burmania wie ± 1750 oerhofmaster yn tsjinst fan de Fryske Nassaus.
  • Van Beyma thoe Kingmawei - Jonkhear Mr. Frederik Hessel van Beyma thoe Kingma (1818 - 1899) wie fan 1851 ôf boargemaster fan Aenjewier en hat gemeente-sekretaris en lid fan Provinsjale Steaten west. Hy wie boppedat skoalopsjenner. Hy hat syn hiele libben warber west foar de ferheffing fan it ûnderwiis. Benammen foar de materiële fersoarging fan de learkrêften sette er him yn. Hy is mei-oprjochter fan de feriening ‘Folksûnderwiis' (1866).
  • Van Cuyckstrjitte – nei Johan van Cuyck ien fan de trije kompanjons fan de Feankompanjy.
  • Van Dapperenstrjitte - Jan Hendrik van Dapperen (1821 - 1897), waard yn 1842 oansteld as muzykûnderwizer op It Hearrenfean. Hy krige hjirfoar f 150,- jiers út de gritenilkas. Boppedat waard er tsjerke-organist en lieder fan de doe besteande orkestferiening. Mear as in heale iuw wie er ien foan de meast foaroansteande minsken ýn it Feanster muzyklibben. Fan 1870-1897 hie er de lieding fan it Mingd Koar.
  • Van DekemaleanePiter Dekema wie ien de oprjochters fan de Feankompanjy op It Hearrenfean.
  • Van der Sluisleane - Jan van der Sluis (1870-1958) wie boer op it âlde spultsje oan dizze wei en syn lân as bouterrein ferkocht hat. De leane stiet sûnder namme al oanjûn op de gemeentekaart fan Eekhof fan 1848.
  • Van Goghleane – nei keunstskilder Vincent van Gogh (1853-1890)
  • Van Harenspaad – nei de bekende famylje Van Haren.
  • Van Helomaleane – It geslacht Van Heloma wenne al yn in 1565 in dizze omkriten. Yn 1565 wie der yn Aldskoat in notabele, mei namme Tjaerdt Galesz. Tjaerdt Michiels van Hele(o)ma wie rekkenmaster fan Fryslân en grytman fan Aenjewier fan 1652-1657, wêrnei’t dizze funksje troch syn broer Nicolaas oernomd waaard (dy’t lykwols yn itselde jier (1657) ferstoarn is). Letter komme noch inkele militêren foar mei de namme Van Heloma. Yn 1755 wurdt foar it earst melding makke fan in Van Heloma op huzinge 'Voormeer', nammentlik Nicolaas, dy’t boaske mei Anna Maria de Jongh, in dochter fan de eigener fan 'Voormeer' en sadwaande foar syn geslacht eigener waard fan it koart dêrfoar ferboude (fergrutte) hûs. Fermoedlik is it hjir stifte troch ien fan de oprjochters fan de Kompanjy, letter wurdt it yn kohieren fermelden as 'Heleoma-huis'. Nicolaas van Heloma wie sekretaris fan Skoatterlân, wylst in soan, Tjaert, dizze funksje beklaaide fan 1780-1795. Marcus van Heloma, broer fan Tjaert, wie yn 1791 kommys fan it distrikt en noch ûnder de Bataafske Republyk sekretaris boelguod-ûntfanger. Hy wie boppedat drost yn it 4e Drostamt yn Fryslân. Hy ferstoar yn oktober 1805 yn huzinge 'Voormeer'. Syn soan Marcus waard nei syn ferstjerren nl. yn 1806 berne. Dizze helle de graad master yn de rjochten en hy wie de earste foarsitter fan de iisferiening 'Thialf' (1855 - 1875), dy’t yn 1955 har 100-jierrich bestean betocht. Op 22 juny 1880 fierde dizze Marcus syn 'Gouden' brulloft op huzinge 'Voormeer'. Ta gelegenheid dêrfan waard it breidspear in serenade brocht. Syn zoon, mr.M.van Heloma Mzn., wie foarsitter fan 'Thialf' fan 1880-1900. Dizze beide lêstneamde Van Heloma’s wienen doedestiids kantonrjochter Op It Hearrenfean.
  • Van Kleffensleane – nei minister Eelco Nicolaas van Kleffens (1894-?)
  • Van Leeuwenhoekwei – nei Anthony fan Leeuwenhoek, de útfiner fan de mikroskoop. Sjoch by Aldskoat.
  • Van Lidststrjitte – nei pastoar Abraham Josephus van Lidt. Hy wie in man mei in soad ynfloed, ek op oarstinkenden. Der giet in ferhaal fan him dat er by rebûlje fan de feanarbeiders fan de Kompanjy, dy’t op in snein tefolle dronken hawwe soenen en in ‘eksekuteur’ ûntwapene hienen, him allinnich tusken harren bejoech en harren wist te bewegen rêstich op hûs oan te gean. Op 8 april 1795 waard op It Hearrenfean –yn neifolging fan it yn oare plakke jûne foarbyld– in Boargersoasjeteit oprjochte, dy’t de namme krige: 'doorzoekt de schuld, geen onrecht duld'. 'Goede Vaderlanders', âlder as 18 jier, koenen lid wurde tsjin in 'entree' fan 2 karolusgûnen en in kontribúsje fan 10 stuorren it kwartaal, wylst behoeftigen frijsteld wienen. Der wienen 160 leden. Foarsitter wie Pastoor van Lidt, dy’t op de earste gearkomste (16 april 1795) yn ferheven bewurdingen in rede hold ta eare fan de 'afwerping van de ketens der dwinglandij'. Ien fan de earste dieden wie in adres oan de nije ried fan Skoatterlân de 'Wapenschilden der groten' út de tsjerken weihelje te litten. Letter kamen noch mear fan soksoarte maatregels, dy’t de pastoar fermoedlik te fier gienen, want yn 1797 bedankte hy as lid en as foarsitter. De soasjeteit ferrûn al frij gau, op 14 maart 1801 waard se opheft, wylst de eigendommen –benammen boeken en kranten- ûnderling by opbod ferkocht waarden. De neamde Roomske tsjerke stie oant 1842 yn It Mar, foar de earder Jiskebrêge oer (no "Jiskelânpaad"). It earder tsjerkhôf lei oan de súdside fan de feart.
  • Van Maasdijkstrjitte - nei Clement van Maasdijk (1885-1910), loftfeartpionier dy’t lykas oan de ein fan de strjitte stiet, as earste Nederlanner yn Nederlân flein hat, ûnder oare op de Thialfbaan tusken 31 july en 4 augustus 1910.
  • Van Oenemastrjitte – nei Amelius van Oenema, grytman fan Skoatterlân.
  • Van RiesenstrjitteAndries van Riesen, (Rinsumageast, 1845 - It Hearrenfean, 1902) wie riedslid en wethâlder fan Skoatterlân. Hy hy in houthannel en wie eigener fan in houtseachmole. Hy wie ek bestjoerslid fan iisklub Thialf en wenne oan de Dracht .
  • Vederkruid – Nederlânske namme foar fearkrûd, in wetterplant mei blêden yn krânsen en blommen yn ieren.
  • Venaugestrjitte - Venauge wie om 1710 sekretaris yn tsjinst fan de Fryske Nassaus.
  • Vermeerstrjitte – nei keunstskilder Johannes Vermeer út Delft (1622 - 1675).
  • Vlierbes – Nederlânske namme foar de flearbeibeam
  • Vliet – Nei de wetternamme It Fliet.
  • Voltaleane – sjoch by Aldskoat
  • Voornestrjitte – nei Voorne as ûnderdiel fan Voorne-Putten yn Súd-Hollân

W[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Waadpaad – fuotpaad by de Amelânleane.
  • Walcherenstrjitte – nei it Siuwske eilân Walcheren
  • Waling Dykstrastrjitte – nei de Fryske skriuwer Waling Dykstra
  • Wanneltún - in ferfallen tún. Mids 19e iuw waard it âlde begraafplak by it gasfabryk oanlein op in eardere, troch Roodbaard oanleine wanneltún. Yn 1828 kochten Grytman en Assessoaren fan Skoatterlân fan de famylje Sirtema van Grovestins it slot op It Hearrenfean om dit ta gritenijhûs ynrjochtsje te litten. It wie yn 1640 boud troch de grytman Amel of Amelius van Oenema. By it hûs hearde frijwat grûn dat foar it meastepart ferhierd wie as grientetún oan de húswarder Rinse Barends. In diel fan de grûn wie siertún mei opgeande beammen. Omtrint 1850 naam de gritenij hjir in stik of foar it begraafplak, yn 1863 wer in stik foar it gasfabryk en fan 1904 o/m 1906 hat Theodoor Leenes dit stik brûke mocht oan de sleat fan it tsjerkhôf ta. It oare waard yn 1907 brûkt foar de bou fan in nije skoalle en oanlis fan it skoalplein.
  • Wetterbiis – nei de sompeplant wetterbiis mei in bytsje ûntwikkele blêden dêr’t de blom as in ierke útstekt.
  • Waterranonkel – Nederlânske namme foar kikkertsblom, in wetterplant mei wite blomkes.
  • Wederik – Nederlânske namme foar wylgeblom, dy ’t op fochtige plakken groeit.
  • Weegbree – Nederlânske namme foar de wetter- en moerasplant weversblêd.
  • Weinmakker – nei de houtferwurkjende beroppen dy’t yn dizze omjouwing wienen.
  • WestergoaWestergoa wie ien fan de trije Fryske goaën yn it noardwesten en westen fan Fryslân. Foel letter yn de Midsiuwen útien yn ‘Fiif Dielen’’ (sintrum Frjentsjer), 'Wildinge' (sintrum Boalsert) en 'Wijmertse' (sintrum Snits).
  • Wettertoer – op dit plak stie earder de wettertoer fan It Hearrenfean.
  • Wetterwille – nei jachthaven ‘De Welle’
  • Wjukslach – fan de Alde Feanskieding nei de Swannedrift.
  • Wielen – in wiel is in wetternamme: bg. Langwarder Wielen.
  • Wylch – in wylch groeit in soad yn wetterryk gebiet en sleatskanten.
  • Willem de SwijerleaneWillem fan Oranje waard ek wol Willem de Swijer neamd. Te’n ûnrjochte want hy koe omraak prate.
  • Willem Frederikleane - Willem Frederik, greve fan Nassau-Dietz (1613-1664) wie in broer fan Hendrik Casimir. Hy wie steedhâlder fan Fryslân yn 1640, fan Grinslân en Drinte yn 1650; Hy hie in soad spul mei Freark Hindrik en mei de reginten en fâdessen fan Willem III, dy’t hy besocht te ferdringen. Hy wie troud mei in dochter fan Frederik Hendrik, Albertine Agnes.
  • Willem LoadewykleaneWillem Loadewyk fan Nassau (1560-1620), soan fan Jan VI de Alde fan Nassau en fan Elisabeth Leuchtenburg.
  • Wynas – dearinende wei op yndustryterrein Ljouwerterstrjitwei krekt besuden it eardere jiskelân. De namme hâldt ferbân mei de skipsbou en de skipshelling dy’t hjir siet. In wynas wurdt brûkt om skippen de helling op te lûken.
  • Winde – Nederlânske namme foar de slingerplant spûkeblom (ek: pispôt) mei klokfoarmige blommen.
  • Wolframweiwolfram is in skiekundich elemint.
  • Woltmanstrjitte – rint oer it eardere terrein fande eardere oaljeslaggerij fan de Fa. Woltman. Durk Woltman, (Terbant, 19 septimber 1836 – It Hearrenfean, 28 maaie 1908 ) wie oaljeslagger op de ‘Fok’ en boargemaster fan Aenjewier. Famyljelid Jan Woltman wie sekretaris generaal op it Departemint fan Oarloch.
  • Wâldsingel – Troch de oanlis fan plan Ten Woude ferfoel in stik fan de Wâldsingel.
  • Wâldsterwei – de namme wurdt al sûnt 1875 brûkt, dêrfoar wie it de Prinseleane en rint fan De Kom nei De Knipe. Eartiids rûn de wei oer de eigendommen fan de steedhâlder, dy binne yn 1813 ferkocht. Yn 1870 waard de wei fan De Knipe nei It Oranjewâld ferbettere.
  • Wylpstrjitte – in wylp is in pleviersoarte mei lange poaten en in lange bûgde snaffel.

Y[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ykema’s leantsje – boskleantsje yn plan De Heide. Neamd nei de eardere bewenners (trije generaasjes) fan de pleats oan de Rottumerwei, de famylje Ykema.

Z[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Zegge – Nederlânske namme foar sigge, ek wol trijekantgers of hurdgers neamd.
  • Zilverlinde – nei in frieteit fan de linebeam.
  • Zwartstrjitte - nei Servaas Zwart, arsjitekt en opsjenner fan it 4e en 5e feandistrikt

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: