Strjitte fan Magelhaen
Strjitte fan Magelhaen | ||
![]() | ||
geografy | ||
type wetter | seestrjitte | |
lokaasje | tusken Patagoanje en Fjoerlân | |
lân | ![]() ![]() | |
koördinaten | 54° S, 71° W | |
ûnderdiel fan | Atlantyske / Stille Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 570 km | |
maks. breedte | 32 km | |
djipste punt | 1.080 m | |
![]() | ||
In satellytfoto fan 'e Strjitte fan Magelhaen. |
De Strjitte fan Magelhaen is in seestrjitte yn it meast súdlike diel fan Súd-Amearika; it wetter leit tusken Patagoanje yn it noarden en Fjoerlân yn it suden. Hy is neamd nei de Portegeeske ûntdekkingsreizger Ferdinand fan Magelhaen, dy't der yn 1520 foar it earst trochhinne fear by syn reis om de wrâld yn tsjinst fan de Spaanske Kroan.
De strjitte is in lytse 600 kilometer lang, en hat in protte eilannen. De ouwers binne Sileensk grûngebiet.
Oant it Panamakanaal iepene waard, wie de strjitte in wichtige rûte foar skippen ûnderweis nei de Stille Oseaan. Yn it tiidrek fan de sylskippen koe de trochfeart tige dreech wêze fanwege de sterke streamings en de fûle winen, dêr't min wat fan te sizzen wie, dy't dêr hearskje kinne, boppedat wie it lestich manoevrearjen yn de nauwe passaazje. Yn it earstoan wie de rûte allinne bekend by de Portugezen en Spanjerts, mar letter wisten ek Ingelsen en Nederlanners fan de trochgong. Oant de ûntdekking fan Kaap Hoarn en de Drakestrjitte troch Le Maire en Schouten yn 1616 wie de Strjitte fan Magelhaen tige fan belang om de Stille Oseaan te berikken, mar ek yn de 21e iuw is der noch in protte skipsferkear.
Iere trochfearten nei Magelhães
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1526 García Jofre de Loaísa fear yn 122 dagen troch de strjitte.
- 1540 Francisco de la Ribera: in skip fan syn float fear troch de strjitte.
- 1559 Juan Fernández Ladrillero wie de earste dy't strjitte hinne en wer trochkrúste.
- 1578 Francis Drake die 16 dagen oer de strjitte.
- 1584 Pedro Sarmiento de Gamboa fear yn 34 dagen fan west nei east.
- 1587 Thomas Cavendish fear yn 49 dagen troch de strjitte,
- 1594 Richard Hawkins die der 46 dagen oer.
- 1599 Simon de Cordes út de float fan Jacques Mahu fear yn 4 moannen troch de strjitte.
- 1600 Olivier fan Noort fear troch de strjitte yn in 116 dagen.
- 1615 Joris fan Spilbergen die der 34 dagen oer om de strjitte troch te reitsjen
Stavering
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krekte stavering fan de namme fan de seestrjitte leit net fêst. Strjitte (fan) Magelhaen of Strjitte (fan) Magellaan (ek Magelhaenstrjitte of Magellaanstrjitte) wurdt it measte brûkt. Dêrneist wurde ek de nammen Strjitte (fan) Magelhães, Strjitte (fan) Magallanes en fariaasjes dêrop wol brûkt.
Gallery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Strjitte fan Magelhaen moarns ier
-
Strjitte fan Magelhaen by sinne-ûndergong
-
Strjitte fan Magelhaen
-
Campana de Roldan is op dizze kaart fan Battista Agnese út 1544 te sjen as tredde lofts fan ûnderen