Lombokstrjitte
Appearance
(Trochferwiisd fan Strjitte Lombok)
Lombokstrjitte | ||
geografy | ||
type wetter | see-ingte | |
lokaasje | tusken Baly en Lombok | |
lân | Yndoneezje | |
ûnderdiel fan | Yndyske Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 60 km | |
maks. breedte | 18 km | |
djiptegemiddelde | 250 m | |
djipste punt | 1.000 m |
De Lombokstrjitte of de Strjitte fan Lombok is in Indonezyske seestrjitte tusken de eilannen Bali en Lombok. De seestrjitte foarmet de grins tuske de Yndonezyske provinsjes Bali en West-Nusa Tenggara en ferbynt de Balisee mei de Yndyske Oseaan.
Op it smelste plak is de seestrjitte mar 18 km, oan de noardkant is de iepening 40 km. Meidat de Lombokstrjitte djipper is as de Strjitte fan Malakka wurdt sy brûkt troch skippen dy't gruuter binne en djipper stekke as de Malaccamax-noarm (djipgong fan maksimaal 25 meter).
Strjitte Lombok is part fan de Wallaceline, dy't de soögeografyske regio's fan Aazje en Australaazje fan elkoar skiedet. Troch Lombokstrjitte komt ek in soad wetter fan de Stille Oseaan nei de Yndyske Oseaan.