Streuperij

De streuperij of it streupen is it yllegaal (d.w.s. ûnfergund) bejeien, fangen en/of deadzjen fan wylde bisten. Dat is in misdriuw en wurdt ek as sadanich bestraft en/of beboete. Immen dy't him dêroan skuldich makket is in streuper. Yn it ferline wie soks yn 'e Westerske wrâld in aktiviteit foar de ferearmoede plattelânsbefolking om it krappe menu oan te foljen troch ynbrek te meitsjen op 'e privileezjes op it mêd fan 'e jacht dy't yn 'e hannen wiene fan 'e aristokrasy of de oerheid. Ut 'e earste helte en de midden fan 'e tweintichste iuw besteane datoangeande yn 'e Fryske literatuer romantisearre ferhalen oer streupers út 'e Wâlden yn 'e boeken fan û.o. Rink van der Velde. Soks waard soms fan oerheidswegen gedoogd en de natoer waard der wêzentlik gjin skea troch tabrocht.
Dy sitewaasje bestiet lykwols al lang net mear. Moderne streuperij hâldt in grutskalige oereksploitaasje fan 'e natoer yn, wêrby't it fuortbestean fan bistesoarten op in neat ûntsjende wize yn gefaar brocht wurdt, mei tige neidielige gefolgen foar it wrâldwide bioferskaat. Fral yn ûntwikkelingslannen, dêr't de alderearmsten troch streuperij op in frij ienfâldige wize grou jild fertsjinje kinne, is soks skearing en ynslach. Moderne streupers hearre faak ta organisearre binden. Se binne gauris bewapene mei fjoerwapens lykas mitrailleurs en skrilje der net foar tebek om parkwachters en plysjes om hals te bringen as dy besykje om harren yn te rekkenjen.
Motiven foar streuperij binne yn hege mjitte finansjeel. Ivoar, bygelyks, fan 'e slachtosken fan oaljefanten en de hoarnen fan noashoarnen, bringt op 'e swarte merk noch altyd in tige hege priis op, benammen yn East-Aazje. Oaljefante-ivoar wurde keunstige fykwurken fan makke, wylst noashoarnivoar oer it algemien fermeald wurdt, krekt as de bonken fan tigers en loaihoarsen, om't it resultearjende poeier in afrodisiakum (lust- en libidoferheegjend middel) wêze soe (hoewol't wittenskiplik oantoand is dat dat net sa is). Teffens wurde lichemsdielen fan wylde bisten yn Sina en oare Aziatyske lannen en territoaria brûkt foar de tradisjonele genêskunde, om't se in genêskrêftige wurking hawwe soene. Ek wurde bisten streupt om opiten te wurden troch de streuper en syn húshâlding, of om it fleis te ferkeapjen op 'e swarte merk (yn Afrika hjit sok fleis bushmeat, "boskfleis").
Njonken earmoede binne der noch oare motiven foar streuperij. Rike Westerske toeristen jouwe har yn Afrika en oare gebieten oer oan streuperij om jachttrofeeën te bemachtigjen. Feehâlders sjitte yllegaal rôfdieren dea om harren fee te beskermjen tsjin predaasje. Bouboeren sjitte grutte herbivoaren (lykas oaljefanten) om foar te kommen dat dy harren rispingen opfrette, wat ta gefolch hawwe soe dat de bouboeren honger lije moatte.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|
