Springe nei ynhâld

Streke tigerreiddomp

Ut Wikipedy
Streke reiddomp
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaiAmerikaanske tigerreiddompen (Tigrisoma)
soarte
Tigrisoma fasciatum
Such, 1825
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De streke reiddomp (Tigrisoma fasciatum) is in fûgelsoarte út de famylje reagerfûgels (Ardeidae). It is ien fan it skaai Amerikaanske tigerreiddompen, dy't allgear in bandearre fearrekleed ha.

It is mei in lingte fan 58 oant 64 sintimeter de lytste fan 'e trije. De krún fan 'e fûgel is swart en de wangen binne laaigriis. De hals en boppedielen ha ljochte gielbrune streken tsjin in donkere eftergrûn. De poaten binne relatyf koart en de snaffel is koarter en steviger as by de oare tigerreiddompen mei in swarte boppekant en in gielgriene ûnderkant.

Juvenyl.

Jonge fûgels binne kanielkleurich mei ûnregelmjittige swarte bannen en binne hast net te ûnderskieden fan 'e Tigrisoma lineatum, útsein troch de spesifike kar foar habitat.

Fersprieding en habitat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De streke reiddomp komt yn in breed gebiet fan Midden-Amearika oant Súd-Amearika foar mei in pear, ynklusyf lannen as Kosta Rika, Panama, Kolombia, Perû, Bolivia, Brazylje en Argentynje. It habitat bestiet út heuveleftige gebieten oan rotseftige iggen fan hurdstreamende rivieren mei in soad begroeïïng.

Der wurde trije ûndersoarten erkend:

  • Tigrisoma fasciatum fasciatum— súdeastlik Brazylje oant noardeastlik Argentynje
  • Tigrisoma fasciatum pallescens — noardwestlik Argentynje
  • Tigrisoma fasciatum salmoni — fan Kosta Rika oant Fenezuëla en noardeastlik Bolivië

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De streke reiddomp foerazjearret allinnich en wachtet oant in proai oan 'e wetterkant ferskynt. Hy yt benammen lytse fiskjes en ynvertebraten (lykas ynsekten en oare lytse wetterdieren), dy't er mei syn krêftige snaffel pakt.

Neffens de Reade list fan 'e Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan ’e Natuer (IUCN) is de streke reiddomp klassifisearre as net bedrige (Least Concern), om't de soarte in grut ferspriedingsgebiet en der gjin grutte delgong konstatearre wurdt.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: