Súdamerikaanske mangrovereager
| Súdamerikaanske mangrovereager | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Butorides striata | ||||||||||||
| Linnaeus | ||||||||||||
| IUCN-status: gjin status
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Súdamerikaanske mangrovereager (Butorides striata), ek streke reager, is in fûgel yn it skaai reiddompreagers (Butorides ) út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fearrekleed fan 'e 35 oant 48 sm lange Súdamerikaanske mangrovereager is tige fariabel. In folwoeksen fûgel hat in griisblauwe rêch in wite ûnderkant, in swarte mûtse en giele poaten.
Jonge fûgels binne bruner fan kleur en oan 'e ûnderkant streke.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel komt yn Súd-Amerikaanske wiete gebieten fan Panama oant Argentynje foar, fral yn tropyske en subtropyske gebieten, mar ek yn minder waarme dielen. De reager hat in foarkar foar sompen mei tichte begroeiïng lykas mangroves oan kusten en tichte bosken oan rivieren en marren. Fierder komme se oan rivieren, kanalen, sâltflakten, op riffen en yn reid- of gerslân foar.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Genetyske stúdzjes út 2023 en morfologyske ferlikeningen wiisden út dat it skaai Butorides in ferdieling yn fjouwer dúdlike klades rjochtfeardiget: Galapagosreagers, griene reagers, mangrovereagers yn Súd-Amearika en de mangrovereagers yn 'e rest fan 'e wrâld. Neffens de analyse fan nukleêr DNA is de lêstneamde klade ek de sustergroep fan 'e Súdamerikaanske mangrovereager en is de Galapagosreagers it meast besibbe oan 'e griene reager en net oan 'e Súdamerikaanske mangrovereagers. Dêrnjonken heart de ljochte populaasje op 'e eilannen net lykas earder tocht ta striata, mar ta de Galapagosreager, dy't dus in polymorfe soarte is. De fjouwer klades ferskille yn 'e lingte fan 'e tarsus en de Galapagosreager hat in unike sterke snaffel, nei alle gedachten troch de oanpassing oan in oar dieet mei in grutter oandiel skaaldieren.
It ûndersyk late der ta dat it skaai yn fjouwer soarten waard ûnderferdield: de Galapagosreager, de griene reager, de Súdamerikaanske reager en de mangrovereager. De lêste krige de nije wittenskiplik soartenamme atricapilla. Sels de atricapilla besteane yn beheinde sin mooglik út ferskillende soarten, mar de resultaten dêrfan binne net ienriedich en dêr is mear ûndersyk nedich.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]BirdLife International behannelet de soarten yn it skaai Butorides noch as ien soarte, dy't as net bedrige klassifisearre wurdt. Der is gjin aparte status foar de Súdamerikaanske mangrovereager.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Reiddompreager
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Suriname

