Streekte jakhals
| streekte jakhals | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lupulella adusta | ||||||||||||
| Sundevall, 1847 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De streekte jakhals (wittenskiplike namme: Lupulella adusta of miskien Schaeffia adusta; foarhinne: Canis adustus) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e Afrikaanske jakhalzen (Lupulella). Dit bist komt foar yn grutte dielen fan Afrika besuden de Sahara. Oars as de besibbe sealjakhals (Lupulella mesomelas), dy't op 'e iepen flakten libbet, is de streekte jakhals yn it foarste plak in bewenner fan ûnticht bosklân en kriten mei in protte strewelleguod. It is in nachtdier mei in tige adaptyf omnivoar dieet. De streekte jakhals kin sawol solitêr libje as foarkomme yn lytse famyljeridels. De IUCN klassifisearret dit bist as net bedrige.
Taksonomy en evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De streekte jakhals waard foar it earst yn 1847 wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske soölooch Carl Jakob Sundevall. Hy joech it bist de wittenskiplike namme Canis adustus, dat safolle betsjut as "skroeide hûn", ferwizend nei de streek dy't it bist oer de siden rint. Dêrmei pleatste Sundevall de streekte jakhals yn it taksonomyske skaai fan 'e hûnen (Canis), dêr't ek û.o. de wolf (Canis lupus) en de hûn (Canis familiaris) diel fan útmeitsje. Yn 1906 sloech de Dútske soölooch Max Hilzheimer foar om 'e streekte jakhals ynstee yn it monotypyske skaai fan 'e streekte jakhalzen (Schaeffia) te pleatsen, ûnder de wittenskiplike namme Schaeffia adusta. Dat útstel krige doe gjin neifolging.

Yn 2019 stelde de Spesjalistegroep oangeande Hûneftigen fan 'e gesachhawwende Ynternasjonale Uny foar Behâld fan 'e Natoer (IUCN) fêst dat de streekte jakhals en de dêr nau mei besibbe sealjakhals (foarh. Canis mesomelas) genetysk safolle fan 'e oare hûnen ferskille dat se yn in eigen skaai pleatst wurde moasten. De hyenahûn (Lycaon pictus) en de Aziatyske wylde hûn (Cuon alpinus), dy't al fan âlds yn eigen skaaien pleatst wiene, kamen genetysk nammentlik mear oerien mei de hûnen as dat de streekte jakhals en de sealjakhals mei de hûnen oerienkamen. Dêrom besleat de IUCN om it foarstel fan 'e Spesjalistegroep op te folgjen en dy beide soarten yn it skaai fan 'e Afrikaanske jakhalzen (Lupulella) te pleatsen. (Dat skaai wie yn 1906 troch Hilzheimer yntrodusearre foar de sealjakhals.)
Sûnt 2019 is út ferskate ûndersiken bleken dat it gebit fan 'e streekte jakhals oansjenlik ôfwykt fan dat fan 'e sealjakhals. Guon saakkundigen pleitsje der dêrom no wer foar om 'e streekte jakhals yn in eigen monotypysk skaai te pleatsen ûnder de namme Schaeffia adusta, sa't Hilzheimer as yn 1906 hawwe woe.
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op basis fan opdobbe fossilen wurdt ornearre dat de streekte jakhals al bestie yn it Plioseen (5,3–2,6 miljoen jier lyn). De streekte jakhals is de iennichste oerlibjende soarte fan in klade, wêrfan't de Hottentothûn (Eucyon khoikhoi) út it Ier-Plioseen it âldste (bekende) Afrikaanske lid is. De ûntdekking fan 'e Hottentothûn, in mear as 5 miljoen jier âld fossyl wêrfan't de wittenskiplike beskriuwing yn 2022 plakhie, ûnderstipet in foarsleine fersprieding fan it skaai fan 'e oerhûnen (Eucyon) mei de âldste, de woeste wolf (E. ferox) yn Noard-Amearika, letter de davishûn (E. davisi) earst yn Noard-Amearika en letter yn Sina, dêrnei de debonishûs (E. debonisi) yn West-Jeropa en úteinlik de Hottentothûn (E. khoikhoi) yn Súdlik Afrika.

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De streekte jakhals hat in útstrutsen ferspriedingsgebiet yn Afrika besuden de Sahara, dat begjint mei de Sahelsône fan súdlik Mauretaanje oant súdlik Sûdaan. Dit bist ûntbrekt yn it gebiet súdlik dêrfan inkeld yn it tichtste reinwâld yn it suden fan West-Afrika en it Kongobekken, de drûchste woastinen yn 'e Hoarn fan Afrika (Ogaden) en Súdlik Afrika (Kalahary, Namyb en Karoo) en teffens yn 'e koele klimaatsône yn Súd-Afrika. Foarhinne kaam de streekte jakhals ek foar yn Noard-Afrika, mar dêr binne no inkeld noch in pear isolearre en hast útstoarne populaasjes yn Marokko en Tuneezje fan oer.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De streekte jakhals is in middelgrutte hûneftige. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 69–81 sm, mei in sturtlingte fan 30–41 sm en in gewicht fan 61/2–14 kg. De skofthichte bedraacht 35–50 sm. De streekte jakhals hat in ranke lichemsbou, mar is trochinoar justjes grutter as de nau besibbe sealjakhals (Lupulella mesomelas). De plasse is fierhinne gelikens, mar wat platter as dy fan 'e sealjakhals, mei in langere en smellere snút. Ek it gebit fan 'e streekte jakhals wykt ôf fan dat fan 'e sealjakhals; dat wurdt feroarsake troch it mear omnivoare dieet fan 'e streekte jakhals en it mear karnivoare dieet fan 'e sealjakhals.
De pels fan 'e streekte jakhals is bêzje-grizich, mei mear bêzje op 'e ûnderste lichemsdielen en mear griis op 'e boppeste. De rêch is hast dûnkergriis, en de sturt is swart mei in grize, suver sulverne punt. Syn namme tanket dit bist oan 'e wite streek, mei oan 'e ûnderkant in swarte râne, dy't yn 'e lingterjochting oer de siden rint. De ôftekening dêrfan is dizenich en wurdt nei it efterliif ta wat langer wat ûndúdliker. De sichtberens fan 'e streek ferskilt fan yndividu nei yndividu, mar is by folwoeksen bisten grutter as by healwoeksen eksimplaren.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De streekte jakhals is in bewenner fan iepen bosklân en gebieten mei in protte opgeand strewelleguod. Oars as de besibbe sealjakhals (Lupulella mesomelas), dy't op 'e iepen flakten libbet, is de streekte jakhals sadwaande folle minder faak dúdlik waar te nimmen. Dat sil grif de reden wêze dat dit bist safolste minder bekend is as syn sibbe. Streekte jakhalzen hawwe gjin muoite mei bercheftich terrein en komme bygelyks ek yn it Etiopysk Heechlân foar. De drûchste woastinen en ticht tropysk reinwâld mije se lykwols.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De streekte jakhals is in nachtdier, dat foar it meastepart aktyf is by nacht en yn 'e krepuskulêre perioaden (jûnsskimer en moarnsdage). Guon streekte jakhalzen libje in solitêr bestean, mar it komt ek foar dat se yn in lytse ridel libje fan 2–7 yndividuën. Sa'n famyljegroep bestiet út in pearke fan in rikel en in teef dy't har fuortplantsje, oanfolle mei healwoeksen jongen út it foargeande jier. It pearke foarmet in bân foar it libben en bliuwt monogaam.
De peartiid ferskilt foar de streekte jakhals nei regio. Yn Súdlik Afrika rint dy perioade fan juny oant en mei novimber. De draachtiid duorret 57–70 dagen, wêrnei't de teef in nêst fan 3–6 jongen smyt. Dy binne yn 't earstoan foar fersoarging folslein ôfhinklik fan 'e âlden. De jongen wurde mei 56–70 dagen ôfwûn. Mei 6–8 moannen binne se geslachtsryp. Fan 'e leeftyd fan 11 moannen ôf begjinne se oer it algemien by de âlden wei te gean. De streekte jakhals hat yn it wyld in libbensferwachting fan 10 jier, hoewol't er yn finzenskip wol 12–14 jier libje kin.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De streekte jakhals is in opportunistyske omnivoar, dy't him foar wat syn dieet oangiet, goed oanpasse kin oan feroarjende omstannichheden. Yn ferliking mei de nau besibbe en mear karnivoare sealjakhals (Lupulella mesomelas) is de streekte jakhals folle minder ôfhinklik fan fleis. Dizze soarte fret yn 'e reintiid in protte wringeleas dierte, lykas termiten, wylst der yn 'e drûge tiid mear lytse sûchdieren op it menu steane, lykas de springhazze (Pedetes capensis) en de Eastafrikaanske springhazze (Pedetes surdaster), en soms nijberne antilopejongen. Dêrnjonken fret de streekte jakhals ek ies, lykas bisten dy't troch gruttere rôfdieren deade binne. Fierders foarmje plantaardige materialen, lykas fruchten in wichtich ûnderdiel fan it dieet.
Typearjend foar it minder rôfsuchtige aard fan 'e streekte jakhals wie in eksimplaar dat op in pleats in hok binnenkrong dêr't nuete einen holden waarden. Dy jakhals negearre de einen en friet ynstee it foar harren klearsette einefretten op.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e streekte jakhals binne gruttere rôfdieren, lykas de liuw (Panthera leo), de bûnte hyena (Crocuta crocuta), de hyenahûn (Lycaon Pictus) en it loaihoars (Panthera pardus). Dy meitsje oer it algemien gjin jacht op streekte jakhalzen om't se dy as proai sjogge, mar om't se der in lytser rôfdier yn werkenne en om't se de konkurrinsje útskeakelje wolle. Jongen binne fierders ek kwetsber foar grutte rôffûgels, lykas de fjochtearn (Polemaetus bellicosus).

Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De streekte jakhals hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 7 (stân fan saken yn 2005) erkende ûndersoarten fan 'e streekte jakhals (Lupulella adusta):
- L. a. adusta (de nominaat; West-Afrika en de westkust fan Sintraal- en Súdlik Afrika)
- L. a. bweha (Kisumu yn Kenia en omkriten)
- L. a. centralis (Sintraal-Afrika)
- L. a. grayi (de Magreb: inkele isolearre populaasjes yn Marokko en Tuneezje; hast útstoarn)
- L. a. kaffensis (Etiopysk Heechlân)
- L. a. lateralis (dielen fan East- en Sintraal-Afrika)
- L. a. notatus (de Loitaflakte yn Kenia, en dêrwei súdoan by de eastkust fan Afrika lâns)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Afrikaanske jakhals
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Algerije

