Springe nei ynhâld

Streekte iisfûgel

Ut Wikipedy
Streekte iisfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai echte beamiisfûgels (Halcyon)
soarte
Halcyon chelicuti
Stanley, 1814
IUCN-status: net bedrige

De streekte iisfûgel (Halcyon chelicuti) is in fûgel fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Streekte iisfûgel yn Kenia.

De streekte iisfûgel is in 16 oant 18 sm lange fûgel. De soarte hat in griisbrune rêch mei blau en swart op 'e wjuk, stút en sturt. It boarst en de búk binne brutsen wyt mei brune streekjes. De kop is ljocht mei donkere brune streken en in swarte eachstreek. De soarte hat in swarte boppesnaffel en in oranjereade ûndersnaffel.

Streekte iisfûgels komme yn Afrika besuden de Sahara foar, oant yn it noardwesten fan Namybje en it noardeasten fan Súd-Afrika. It biotoop fan 'e soarte bestiet út healiepen bosk, savanne's en agraryske gebieten. De soarte komt net yn reinwâlden foar, mar mear yn drûge gebieten.

It skaai is te ferdielen yn twa ûndersoarten:

De wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar de soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is en der is gjin bewiis foar ôfname of earnstige bedriging. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige op 'e Reade list.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op nl:Gestreepte ijsvogel