Streekte gril
| streekte gril | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Folwoeksen fûgel yn briedkleed. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Calidris melanotos | ||||||||||||
| Vieillot, 1819 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De streekte gril (Calidris melanotos) is in fûgel út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte liket op 'e yn itselde ferspriedingsgebiet foarkommende Sibearyske gril (Calidris acuminata), dy't lykwols net ta deselde klade yn it skaai heart. De streekte gril is in frij grutte gril fan 19 oant 23 sm lang mei in wjukspanwiidte fan 37 oant 46 sm en in griisbrune rêch, dy't simmerdeis it meast brún is by it mantsje en winterdeis grizer. De streekte gril hat in griis boarst dat oan 'e ûnderkant skerp is ôftekene. De poaten binne gieleftich en de snaffel is oliifkleurich mei in donkere punt. Mantsjes binne trochstrings swierder as wyfkes. Yn it briedkleed ha mantsjes boppedat in swarter boarst mei wite plakjes.
Jonge fûgels ha in opfallender patroan op 'e boppekant, mei oranjebrune tinen en wite streken op 'e mantel.
De soarte is te ûnderskieden fan 'e Sibearyske gril troch de skerp ôftekene boarstbân, de minder opfallende wynbraustreek en de brunere, minder readbrune krún.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De streekte gril briedt yn noardlik Sibearje, westlik en noardlik Alaska en noardlik Kanada. It is in trekfûgel dy't oerwinteret yn Austraalje, Nij-Seelân en Súd-Amearika. It leefgebiet yn 'e simmer bestiet út de arktyske, fochtige en ryk begroeide tûndra. Yn 'e oerwinteringsgebieten ferbliuwt de fûgel yn in grut tal soarten somp-lannen, sawol mei sâlt as brak wetter, lykas waad, sompen lâns rivieren en marren, wiete greiden, lagunes en ouwers fan marren op heechflakten oant op 4500 m boppe seenivo.
Yn Jeropa is de soarte in regelmjittige dwaalgast. Yn Nederlân is it oantal waarnimmingen by de trek fan 'e fûgel (foaral yn 'e moannen maaie en septimber en oktober) de lêste desennia tanommen. De measte fûgels wurde yn 'e kustgebieten sjoen.
Briedgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Streekte grillen briede yn 'e koarte Sibearyske simmer fan juny oant augustus en meitsje ûndjippe, mei gers en blêd beklaaide, kûltsjes as nêst. Se sitte goed ferburgen yn 'e grûn en binne dreech te sjen yn it lânskip. In lechsel bestiet út fjouwer aaien, dy't troch it wyfke útbret wurde. De piken wurde ek troch it wyfke grutbrocht.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje waard yn 2023 op 4.000.000 oant 15.000.000 folwoeksen fûgels rûsd. It is net bekend hoe't de populaasje him ûntwikkelet, mar de IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Gril
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn Austraalje
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bermuda
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn de Cookeilannen
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen
- Lânseigen fauna yn Fidzjy
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Polyneezje
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûam
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kiribaty
- Lânseigen fauna yn de Marshalleilannen
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân)
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Naurû
- Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje
- Lânseigen fauna yn Nij-Seelân
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Niûé
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen
- Lânseigen fauna yn Palau
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Samoä
- Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Helena
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn East-Timor
- Lânseigen fauna yn Tokelau
- Lânseigen fauna yn Tonga
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn Tûvalû
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Fanûatû
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Wallis en Fûtûna
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Lytse Ofhandige Eilannen yn de Grutte Oseaan
