Streekte goudspanner
| streekte goudspanner | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Strepe goudspanner oan 'e Westerdyk yn Ryptsjerk. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Camptogramma bilineata | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De streekte goudspanner (wittenskiplike namme: Camptogramma bilineata), yn 'e natoergids Nachtflinters fan Sake P. Roodbergen oantsjut as de strepe goudspanner, is in nachtflinter út de famylje fan 'e lânmjitters (Geometridae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De flinter hat in wjukspanne fan 20 oant 25 millimeter. De foarwjukken binne opfallend goudgiel oant ljochtbrún mei ferskate fine, weagjende, wite en donkere dwersstreken. Troch dizze karakteristike strepen is de soarte meastentiids maklik te ûnderskieden fan oare spanners. De flinter is oerdeis ek faak aktyf en fleant maklik út it gers of fan strûken op as er fersteurd wurdt. By wyfkes binne faak twa oan 'e wite dwersstreken grinzgjende (donker)brune dwersbannen te sjen, wylst it mantsje dêr effener giel is.
De flinter fleant fan maaie oant augustus en de soarte bringt ien of twa generaasjes fuort.
De oant 24 mm lange rûpen libje op ferskate lege planten, lykas Galium, Rumex en fûgelwikje (Vicia cracca). Rûpen binne meastentiids ljochtgrien, gielgrien of bleekbrún. Oer de rêch rint in donkere faak dizige lingtestreek. Dêrnjonken hat de rûp oan 'e sydkanten faak ljochte, witige of giele lingtestreken. De oergongen tusken de segminten kinne giel of rôzich wêze.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn hast hiel Europa, fan it noarden fan Skandinaavje oant hielendal yn it suden op Malta. Bûten Europa rint it ferspriedingsgebiet fierder troch nei Noard-Afrika, Lyts-Aazje (Turkije), it noarden fan Iran en Turkmenistan en nei it easten ta oer Sibearje oant it Altai-berchtme.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Flintersoarte
- Goudspanner
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Algerije
