Streekkopboskiisfûgel
| Streekkopboskiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Actenoides princeps | ||||||||||||
| Reichenbach, 1851 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De streekkopboskiisfûgel (Actenoides princeps) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). It is ien fan 'e soarten yn it skaai fan 'e boskiisfûgels (Actenoides).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Streekkopboskiisfûgels ha in lingte tusken 24 en 25 sm. Tusken de mantsjes en wyfkes bestiet in swak seksuëel dimorfisme. By mantsjes is de kop blauswart en de kiel en kraach binne krêmkleurich. It boarst en de búk binne ljochte mei hjir en dêr donkere fearkes, de rest fan 'e fearren binne yn brúke kleuren streke, mei hjir en dêr ljochte einen op 'e fearren. De wyfkes ha itselde patroan as de mantsjes mar ha in giele wynbraustreek en in giele snorstreek. De boppe- en ûndersnaffel is by mantsjes en wyfkes gieleftich. De iris is swartbrún en de poaten binne gielbrún.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet yn tichte begroeiing tusken 900 en 2000 m yn it berchlân en is endemysk op Selebes. De fûgel wurdt ferdield yn trije ûndersoarten*.
- Actenoides princeps princeps: noardeastlik Selebes.
- Actenoides princeps erythrorhamphus: noardwestlik en sintraal Selebes.
- Actenoides princeps regalis: súdeastlik Selebes.
(Guon taksonomisten beskôgje de Actenoides princeps regalis as in aparte soarte. De International Ornithologists’ Union behannelet de soarte lykwols as in ûndersoarte fan 'e Streekkopboskiisfûgel.)
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't de soarte net maklik waarnommen wurdt, is der ek net in soad oer it hâlden en dragen bekend. De fûgels ite krobben, ynsekten en lytse hagedissen en de nêsten wurde oan 'e ein fan tunnels yn ierden iggen boud. In lechsel bestiet út fjouwer aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne gjin spesifike rûzings oer de populaasje, mar de soarte is net algemien. In grut part fan it ferspriedingsgebiet is lykwols net tagonklik en de soarte is boppedat net maklik waar te nimmen. De populaasje is moat neffens in foarsichtige rûzing teminsten boppe de 10.000 folwoeksen fûgels lizze. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
