Springe nei ynhâld

Strûkbrûnswjukdo

Ut Wikipedy
Strûkbrûnswjukdo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaibrûnswjukdowen (Phaps)
soarte
Phaps elegans
Temminck, 1809
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     ferspriedingsgebiet

De strûkbrûnswjukdo (Phaps elegans) is in fûgel de famylje dowen (Columbidae) en is endemysk yn Austraalje en wurdt yn twa ûndersoarten ferdield. De soarte waard foar it earst yn 1809 troch Temminck beskreaun.

De soarte is wat formaat oanbelanget te ferlikenjen mei de gewoane brûnswjukdo (Phaps chalcoptera), mar hy is koarter en steviger fan uterlik. Se binne relatyf lyts en fariearje yn grutte fan 25 oant 33 sm. Beide skaaien binne donker-oliifbrún oan 'e boppekant, ha rike readbrune kleuren by de nekke en skouders lâns mei in blaugrize ûnderkant. De strûkbrûnswjukdo hat irisearjende balken fan blau en grien oer de binnenste sekundêre fearren fan eltse wjuk.

Strûkbrûnswjukdowen binne endemysk foar Austraalje en se libje yn it súdwesten en súdeasten fan it fêstelân mei populaasjes yn Queensland, Nij-Súd-Wales, Fiktoaria, Súd-Austraalje, West-Austraalje en ek Tasmaanje.

De fûgel hat in foarkar foar tichte kustheide en bosken mei hurdblêdige strûken.

De soarte wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:

  • Phaps elegans elegans: komt foar yn it súdwesten fan Austraalje
  • Phaps elegans occidentalis: komt fan súdeastlik Queensland oant súd-sintraal Austraalje en Tasmaanje foar.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte yt sied, beien en lytse ynsekten en foerazjearje fral op 'e grûn. Lokale migraasjes ha meast te meitsjen mei de beskikberens fan iten. Lykas de gewoane brûnswjukdo drinkt de soarte yn 'e moarntiid of by it skimerjen en se naderje de wetterplakken hoeden nei't er op in koarte ôfstân dêrfan lâne is.

In lechsel bestiet meastentiids út twa aaien, dy't yn sawat 17 dagen útbret wurde. Nei 16 oant 20 dagen fleane de jonge fûgels út. Folwoeksen pearkes sille 3 oant 4 wiken nei't de jongen harren sels rêde op 'e nij briede.

Dizze fûgels wurde selden yn groepen sjoen en libje leaver allinnich, yn pearkes of yn lytse famyljegroepen; de grutste registrearre groep wie in groep fan acht fûgels.

De soarte stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (LC, 2024) yn alle Australyske steaten dêr't er foarkomt. Lykas in protte oare grûnbewenjende fûgelsoarten wurdt de fûgel troch yntrodusearre rôfdieren lykas katten en foksen bedrige en der wurdt oannommen dat de oantallen ôfnimme.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: