Strânljurk
| strânljurk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Eremophila alpestris atlas | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Eremophila alpestris | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De strânljurk of berchljurk (Eremophila alpestris) is in fûgelsoarte yn it skaai strânljurken (Eremophila) út de famylje ljurkfûgels (Alaudidae). De fûgel hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet yn sawol de Nije Wrâld as yn Euraazje en Noard-Afrika.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De 16 oant 19 sm lange fûgel is boppe griisbrún en ûnder wyteftich. Dêr binne gjin grutte ferskillen tusken mantsjes en wyfkes, mar de tekening fan 'e kop makket dat mantsjes en wyfkes simmerdeis maklik te ûnderskieden binne. Yn 'e briedtiid hat it mantsje op 'e krún swarte fearkes mei langere fearkes, dy't twa hoarntsjes foarmje. Dêrûnder rint oer de foarholle in giele bân. By it each en op 'e wangen is de kop wer swart. De kiel is giel en oer it boppeboarst rint in swarte bân. Winterdeis misse syn hoartsjes en binne de kopmarkearingen minder skerp. It wyfke hat simmerdeis gjin hoarntsjes en it giel is fealer, foar in part sels griis. Ek hat se in smellere boarstbân. Winterdeis hat it wyfke op 'e krún in dúdlik patroan fan streken en de wangen binne allyksa.
Der binne mear as fjirtich ferskillende ûndersoarten dy't yn 'e koptekening en it formaat fan inoar ferskille. By de ûndersoarten út 'e Nije Wrâld en de Euraziatyske ûndersoarten E. a. flava, E. a. brandti en E. a. atlas en Noard-Afrika bestiet gjin ferbining tusken it swart op 'e wangen en de swarte boarstbân by de oare ûndersoarten út Súdeast-Europa en Aazje is dat wol sa. Ek ha guon ûndersoarten in wite grûnkleur op 'e kop yn stee fan in giele grûnkleur. Fûgels yn it Midden-Easten ha waarmere, readbrune tinten op 'e boppedielen. By mantsjes fan 'e Europeeske ûndersoarte E. a. flava binne de swarte hoarntsjes yn it simmerkleed goed ûntwikkele, mar der binne ek ûndersoarten mei minder ûntwikkele hoarntsjes.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De strânljurk is ien fan 'e meast fersprate ljurken en toant in soad morfologyske fariaasje. It is ek de iennige ljurk dy't him op natuerlike wize bûten de Alde Wrâld ferspraat hat. De fûgel briedt yn Noard-Europa, yn 'e bergen fan Súdeast-Europa, yn it noardwesten fan Afrika, yn Aazje en yn Noard-Amearika. De E. a. peregrinais is in isolearre populaasje op in heechplateau yn Kolombia yn Súd-Amearika.
Yn 'e súdliker gebieten is de soarte meast in stânfûgel, mar de noardlike populaasjes binne trekfûgels dy't yn 'e winter nei it suden lûke. In soad populaasjes lûke nei kustgebieten om te oerwinterjen. De Skandinavyske fûgels oerwinterje ûnder oaren oan 'e Waadsee.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Strânljurken wurde meast tusken ein septimber en oant healwei april yn lytse oantallen waarnommen. De oantallen binne it heechte fan oktober oant jannewaris. De measte fûgels bliuwe oan 'e kust, fral de Waadeilannen en de Fryske en Grinslânske Waadkust, dêr't se op kwelders, diken en ikkers nei iten sykje. Mei't de winters minder strang wurde, nimt ek it oantal oerwinterjende strânljippen yn Nederlân ôf.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De strânljurk wurdt yn in tige grut oantal ûndersoarten ferdield. De oergongen tusken de measte ûndersoarten fan 'e wrâldpopulaasje binne klinaal, benammen yn Noard-Amearika dêr't tuskenfoarmen faak foarkomme. De folgjende list mei ûndersoarten en fersprieding folget de AviList:
- E. a. atlas - De hege plato's fan Marokko
- penicillata -groep

- E. a. balcanica - súdeastlik Europa
- E. a. kumerloevei - westlik en sintraal Lyts-Aazje
- E. a. bicornis – westlik Turkije (Taurusberchtme) oant Libanon en Palestina
- E. a. penicillata - bercheftige regio's fan Lyts-Aazje, de Kaukasus en westlik Iran
- E. a. albigula – bercheftige regio's fan noardlik en eastlik Iran oant de bergen fan Pamir, Afganistan en westlik Sina
- elwesi groep

- E. a. longirostris - noardwestlike Himalaya
- E. a. teleschowi - berchkriten fan westlik Sina (meast súdeastlik Xinjiang)
- E. a. khamensis – Súdwest-Sina (Kham-regio fan westlik en súdlik Sichuan)
- E. a. przewalskii - noardwestlik Qinghai yn it westen fan Sina
- E. a. nigrifrons – Koko Nor nei westlik Gansu yn westlik Sina
- E. a. argalea - Súdwest-Xinjiang oant noardwestlik Yndia (Kasjmir oant Ladakh)
- E. a. elwesi – súdlik Qinghai en súdlik Tibet oant noardlik Sikkim
- E. a. brandti – steppes fan Sintraal-Aazje oant bercheftige regio's fan westlik Mongoalje en noardlik Sina
- E. a. flava – noardlik Paleärktysk gebiet
- alpestris groep
- E. a. hoyti - Arktyske kust fan Noard-Amearika oant súdlik Kanada, oerwinteret yn it noarden fan 'e Feriene Steaten
- E. a. alpestris – Arktysk noardeastlik Kanada oant Nijfûnlân, oerwinteret oan 'e kust fan it súdeasten fan 'e Feriene Steaten
- E. a. praticola – súdeastlik Kanada oant sintraal en east-sintraal Feriene Steaten
- E. a. giraudi - kustprêrje fan súdeastlik Teksas oant eastlik Meksiko (noardeastlik Tamaulipas)
- occidentalis groep

- E. a. arcticola – noardlik Alaska oant bercheftige regio's fan Britsk-Kolumbia en noardlik Washington
- E. a. alpine – arktyske en alpine toppen yn it noardwesten fan 'e Feriene Steaten (Mount Rainier en Mount St. Helens)
- E. a. leucolaema – súdlik Kanada oant súdwestlik Feriene Steaten en noardwestlik Teksas, oerwinteret oant noardwestlik Meksiko
- E. a. enthymia – Grutte Flakten fan sintraal Kanada oant sintraal Feriene Steaten, oerwinterje oant noardlik Meksiko
- E. a. merrilli – Eastlike hellingen fan 'e Cascades en oangrinzgjende leechlannen fan Britsk-Kolumbia oant noardeastlik Kalifornje
- E. a. lamprochroma – súdeastlik Oregon oant súdwestlik Idaho, noardeastlik Kalifornje en westlik Nevada
- E. a. utahensis – súd-sintraal Idaho oant east-sintraal Nevada en west-sintraal Utah
- E. a. ammophila - woastinen fan súdwestlik Nevada en súdeastlik Kalifornje, oerwinterje oant noardwestlik Meksiko
- E. a. leucansiptila – Koloradowoastyn (súdwestlik Nevada, westlik Arizona, noardeastlik Baja California, en noardwestlik Sonora)
- E. a. occidentalis – noardlik en sintraal Arizona oant noard-sintraal Nij-Meksiko, oerwinteret yn noardlik Meksiko
- strigata- groep
- E. a. strigata - fochtige kustkrite fan súdwestlik Britsk-Kolumbia en noardwestlik Feriene Steaten westlik fan 'e Cascades
- E. a. sierrae – bercheftige regio's fan noardeastlik Kalifornje (súdlike Cascades en noardlike Sierra Nevada)
- E. a. rubea - sintraal Kalifornje (Sacramento Valley)
- E. a. actia - kustberchregio's fan Kalifornje oant noardlik Baja California
- E. a. insularis – Channel Islands
- E. a. adusta – súdlik Arizona (súdlik fan Tucson) oant súdwestlik Nij-Meksiko en noardlik Sonora
- E. a. enertera – west-sintraal Baja California en kusteilannen súdlik fan Magdalena Bay
- chrysolaema -groep

- E. a. aphrasta - noardwestlik Meksiko (Chihuahua)
- E. a. lactea - noardeastlik Meksiko (Coahuila)
- E. a. diaphora - noardeastlik Meksiko (Tamaulipas, Hidalgo en noardeastlik Puebla)
- E. a. chrysolaema - súdlik Meksikaansk plato (Jalisco nei Michoacán, Puebla en Veracruz)
- E. a. oaxacae – súdlik Meksiko (eastlik Oaxaca)
- E. a. peregrina - Eastlike Andes fan Kolombia
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn it noardlike ferspriedingsgebiet komt er foar op iepen toendra en yn berchgebieten dêr't de beamgrins einiget. Yn syn súdlike ferspriedingsgebiet wurdt er op berchhellingen op hegere nivo's en op ûnfruchtbere hege plato's waarnommen. Winterdeis wurdt de fûgel meast oan see sjoen.
It nêst wurdt op 'e grûn boud en it wyfke leit meastal twa oant fjouwer aaien, dy't se yn tsien oant alve dagen útbriedt. Sadree't de jongen útkomme, soargje de âlden tegearre foar har en se kinne nei 16 oant 18 dagen fleane.
It iten bestiet út sied, oanfolle mei ynsekten yn it briedseizoen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantallen ôfnimt, mar net sa slim dat de soarte as bedrige beskôge wurde moat. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern 2019). In rûge rûzinig út 2016 giet fan in wrâldpopulaasje fan mear as 140 miljoen folwoeksen fûgels út. De Europeeske populaasje wurdt op 2,1 oant 6,5 miljoen briedpearkes rûsd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Strânljurk
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
