Strânljippen
Appearance
| Strânljippen | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | wilstereftigen (Charadriiformes) | |
| famylje: | strânljipfûgels (Haematopodidae) Gray, 1840 | |
| skaai: | strânljippen (Haematopus) | |
| Linnaeus, 1758 | ||
De strânljippen (Haematopus) binne it iennichste skaai fan 'e famylje fan 'e strânljipfûgels (Haematopodidae) yn it skift fan de wilstereftigen (Charadriiformes). It binne grutte, opfallende en lûdroftige fûgels mei sterke snaffels dy't se brûke om skulpdieren iepen te krijen.
De fûgels lykje in protte op inoar. Se binne allegear swart of bûnt (swart mei wyt). Der binne 12 soarten strânljippen.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Afrikaanske swarte strânljip (Haematopus moquini)
- Amerikaanske bûnte strânljip (Haematopus palliatus)
- Australyske bûnte strânljip (Haematopus longirostris)
- Australyske swarte strânljip (Haematopus fuliginosus)
- Chathamstrânljip (Haematopus chathamensis)
- Kanaryske swarte strânljip (Haematopus (ostralegus) meadewaldoi) (†; taksonomy ûndúdlik)[1]
- Magelhaenstrânljip (Haematopus leucopodus)
- Nijseelânske swarte strânljip (Haematopus unicolor)
- Nijseelânske bûnte strânljip (Haematopus finschi)
- Noardamerikaanske swarte strânljip (Haematopus bachmani)
- Strânljip (Haematopus ostralegus)
- Súdamerikaanske swarte strânljip (Haematopus ater)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
