Springe nei ynhâld

Stoomgemaal De Vier Noorder Koggen

Ut Wikipedy
Nederlânsk Stoommasinemuseum
  museum
Lokaasje
lânflagge fan Nederlân Nederlân
plak Medemblik
adresOosterdijk 5
koördinaten53°0' N 6°45' E
Arsjitektuer
type geboustoomgemaal
arsjitektBoote de Vries en Adriaan Kater
boujier1e faze: 1868-1869
2e faze: 1907-1908
monumint. statusryksmonumint
monumintnûmer28371
Offisjele webside
Stoommasinemuseum
Kaart
Stoomgemaal De Vier Noorder Koggen (Medemblik)
Stoomgemaal De Vier Noorder Koggen

It Stoomgemaal De Vier Noorder Koggen is in stoomgemaal oan 'e Oosterdijk súd fan Medemblik yn 'e provinsje Noard-Hollân. Sûnt 1985 is it in museum.

Mûnen by Medemblik.

Mei't de grûn fan 'e polders fan it wetterskip Vier Noorder Koggen beklonk, wiene der 23 poldermûnen nedich om it wetter nei de doetiidske Sudersee út te meallen. Fyftjin dêrfan stiene op 'e Oosterdijk by Medemblik. Yn 1869 waard in stoomgemaal boud, sadat der ek by brek oan wyn útmealle wurde koe.

De opdracht om it gemaal te bouwen waard oan Boote de Vries (1815-1874) jûn. It earste diel waard yn 1869 foltôge en it gemaal bestie doe út twa fizels en twa skeprêden, dy't it troch de mûnen opfierde wetter de Sudersee yn loasden. De kapasiteit waard yn 1897 fergrutte troch it setten fan fjouwer sintrifugaalpompen, dy't út it Feriene Keninkryk ymportearre waarden. Dêrmei wie der noch gjin ein oan 'e wetteroerlêst kommen en yn 1908 folge in útwreiding mei in troch in gasmotor oandreaune sintrifugaalpomp, dy't 400 m³ de minút ferwurkje koe. Sûnt dy tiid wiene de wynmûnen hielendal oerstallich woarn. Foar de útwreiding wie Adriaan Kater (1853-1943) ynhierd. Yn it ramt fan 'e ferfanging fan 'e gasmotor troch in nije stoommasine waard yn 1925 de hege skoarstien boud. Dêrmei krige it gemaal in kapasiteit fan 800 m³ de minút.

Yn 1939 waarden de stoommasines fan it âlde diel fan it gemaal ferfongen troch elektromotoren. It nije gemaal bleau oant 1971 gebrûk meitsjen fan stoom. Doe waarden de tsjettels troch it Stoomwezen ôfkart en in diselmotor set. It gemaal rekke oerstallich nei't yn 1975 in elektrysk gemaal yn Onderdijk iepene waard.

Yn 1985 waard it stoomgemaal, dat sûnt 1975 in ryksmonumint is, iepene as it Nederlands Stoommachinemuseum. In restauraasje fan it gebou folge nei't yn 2010 it Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier 6,8 miljoen euro beskikber stelde. By de restauraasje waard it gemaal wer sa restaurearre, dat it by in soad wetteroerlêst ek as needgemaal tsjinje kin. Op 29 juny 2013 waard it stoomgemaal nei de renovaasje wer ûnder stoom brocht en yn wurking steld.

Yn it kompleks is sûnt 1985 it Nederlânsk Stoommasinemuseum ûnderbrocht. It museum bringt de technyk fan stoommasines en de histoarsyke eftergrûn fan 'e yndustrialisaasje yn byld. Yn it gemaal binne likernôch tritich âlde stoommasines te sjen. De masines binne hast allegear yn Europa boud en brûkt. It museum restaurearret stoommasines en set se safolle mooglik oan it wurk. Dêrnjonken hat it museum in grutte kolleksje modelstoommasines, dy't byinoar útstald wurde en de skiednis fan 'e Yndustriële Revolúsje yllustrearje.

Grutte sintrifugaalpomp.

Hast alle grutte stoommasines binne ôfkomstich út de skipfeart en de yndustry. Op it hiem fan it museum binne ferskillende apparaten te sjen, dy't troch stoom oandreaun wurde kinne, lykas in stienbrekker en in jiskemasine. Se wurde bytiden ek oan it wurk set.

Underdiel fan it museum is ek de stoombaggermûne "Vooruit". Dat is in amerbaggermûne út 1941, dy't oant yn 'e jierren 1990 fral yn Fryslân wurke. Sechtich jier nei de bou waard de "Vooruit" yn 2004 troch in stifting kocht. De amerbaggermûne waard restaurearre en tafoege oan 'e kolleksje fan it museum.

Op it hiem is ek de stoomhyskraan "Boele 9" te sjen. De kraan is troch N.V. Boele's Scheepswerven en Machinefabriek yn Bolnes yn in searje fan fjouwer boud en diene fan 1945 oant likernôch 1985 tsjinst. De kraan hat in B-status yn it Nasjonaal Register Mobyl Erfgoed. In soartgelikens eksimplaar stiet by it Maritym Museum Rotterdam.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes: nl:Stoomgemaal Vier Noorder Koggen