Stoomboatmaatskippij

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ien fan de Stânfries-boaten oan de Willemskade yn Ljouwert, 1890

De Friesch-Noordhollandsche Stoombootmaatschappij farde sûnt 1876 mei fjouwer skippen ( Friesland I-IV ) fan Ljouwert op en del nei Amsterdam. Dêrneist rjochten yn 1898 de op Hollân farrende Fryske beurtskippers meiïnoar in rederij op, de Leeuwarder Stoombootmaatschappij mei trije skippen ( Stânfries, I-III). Nei fûle konkurrinsje fusearren dizze beide yn 1901 ta de Nieuwe Leeuwarder Stoombootmaatschappij, mei sân skippen yn deitsjinst op Amsterdam en de Saanstreek.

Ek de Franeker Stoombootmaatschappij ( jirpelferfier ) waard koart nei 1901 troch de Nieuwe Leeuwarder Stoombootmaatschappij oernomd. Yn 1911 krige dizze in spesjale tsiisboat, de Stânfries IX. Wyls ferfierde sûnt 1855 út Rotterdam de NV Saint Martin & Co mei de stoomboaten Leeuwarden I en II earst meast flaaks en lynsied foar eigen hannel, letter alderlei guod ek foar tredden. Dizze NV naam yn 1868 de fergunning fan Y. van der Meulen út Ljouwert oer ta in stoomboattsjinst foar fracht en fee op Rotterdam en Amsterdam ( nei 1888 ek ôffearten fan Snits en Dokkum). Dizze, letter yn Ljouwert fêstige NV Saint Martin fusearre yn 1912 mei de Nieuwe Leeuwarder Stoombootmaatschappij ta de Scheepvaartmaatschappij Holland-Friesland. Dizze farde mei 25 stoom- en motorboaten.

Om Fryske konkurrinsje foar te kommen binne ± 1919 mear oandielen yn hannen fan Fryske keaplju komd. Yn 1933 naam de stoomboatmaatskippij de namme oan fan de âlde boaten fan de Ljouwerter stoomboatmaatskippij: Rederij Stânfries. Se farde mei 19 stoomboaten, 7 motorboaten en motordekskûten en sân lichters en dekskûten. Sûnt 1935 ûnderhâldt de Stânfries ek autotsjinsten. Se is yn 1937 oernomd troch de Rotterdamske rederij Van der Schuyt-Van den Boom-Stânfries-Reederij NV. (SBS) yn Rotterdam. Troch de âlde rederij Van der Schuyt wie foar 1940 ek oernomd troch de firma Van der Wal (passazjierstsjinst, troch de Ofslútdyk ferrûn).

De stoomboat "S.van Hasselt" fersoarge it ferfier tusken Inkhuzen en Starum.

De skiednis fan de Harnzer binnenfeartmaatskippijen is net sa dúdlik. Yn 1875 farde de Stoombootmaatskippij Harlingen mei de Willem III oer Inkhuzen op Amsterdam. Sûnt 1851 wienen der al twa fêste stoomboattsjinsten op , sûnt 1883 ( iepening Inkhuzen - Starum) hurd weromrinnend, nei 1935 net mear útkinnend.
De ferbining De Lemmer - Amsterdam wurdt ûnderhâlden troch de Groninger-Lemmer Stoombootmaatschappij NV , sûnt 1910. Dizze maatskippij ûntstie út jierrenlange gearwurking (1873-1910) tusken de Lemster binnen- en bûtendiensten (resp. nei Grins en Amsterdam) en de Groninger Stoombootmaatschappij fan 1870 ( Amsterdam-De Lemmer-Grins ).

Bûtenlânske stoomboatferbinings wurde út Harns sûnt 1853 ûnderhâlden op Londen, sûnt 1884 op Hull, sûnt 1896 op Goole. Fan de tsjinsten op Londen en Hull hienen hiel lang resp. I. en S. Wiarda en de Bruorren Schreuer de agintskippen foar Ingelske firma's. Yn de santiger jierren fan de 19e ieu is der besocht konkurrinsje tusken dizzen te oerwinnen yn in op te rjochtsjen Noordnederlânske Stoomboatmaatskippij mar dat slagge net. De tsjinsten op Hull en Goole binne 1935 yn inoar opgien. Dêrnei bestienen der dus twa maatskippijen: de General Steam Transport Cy en de Scheepvaart- en Steenkolenmij.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: