Enoch Kry Naasje Reservaat 135

Ut Wikipedy
Enoch Kry Naasje Reservaat 135
Enoch Cree Nation 135 Reserve
polityk
haadplak Enoch (Alberta)
stamme Enoch Kry Naasje
lân Kanada
provinsje Alberta
sifers
ynwenners 987 (2011)
oerflak 51,61 km²
bef.tichth. 19,1 / km²
oar
stifting 1884
tiidsône UTC –7
simmertiid UTC –6
webside www.enochnation.ca
kaart
Enoch Kry Naasje Reservaat 135 (Alberta)
Enoch Kry Naasje Reservaat 135
De lizzing fan it reservaat yn Alberta.

It Enoch Kry Naasje Reservaat 135 (Ingelsk: Enoch Cree Nation 135 Reserve), foarhinne it Stony Plain Reservaat 135 (Ingelsk: Stony Plain 135 Reserve) is in reservaat fan 'e Enoch Kry Naasje (Enoch Cree Nation), in erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta. It waard yn 1884 stifte as útfloeisel fan it Ferdrach Nû. 6, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Enoch Kry Naasje Reservaat 135 is sitewearre yn it sintrale diel fan Alberta, grinzgjend oan 'e westlike stedsrâne fan Edmonton, de provinsjale haadstêd. Oan alle oare kanten wurdt it reservaat omsletten troch Parkland County. It leit dêrmei yn 'e Haadstedske Regio fan Edmonton. It reservaat beslacht in oerflak fan 51,61 km², en is dêrmei fierwei it grutste fan 'e beide reservaten fan 'e Enoch Kry Naasje (it oare is it ûnbewenne Enoch Kry Naasje Reservaat 135A).

In plattegrûn fan it Enoch Kry Naasje Reservaat 135.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie it Enoch Kry Naasje Reservaat 135 doe 987 permaninte bewenners, dy't yn 378 ûnderskate wenten libben. De befolkingstichtens bedroech sadwaande 19,1 minsken de km². De bewenners fan it reservaat binne sa goed as allegearre leden fan 'e Enoch Kry Naasje. Hja binne etnyske Kry (Cree), in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep fan Kanada is. It haadkertier fan it Enoch Kry Naasje Reservaat 135 is it doarp Enoch, dat frijwol synonym is mei it reservaat.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn oktober 2006 iepene de Enoch Kry Naasje it River Cree Casino and Resort, in kasino, hotel en sportkompleks wêrfan't de bou C$210 miljoen koste hie. It stiet yn 'e noardeasthoeke fan it Enoch Kry Naasje Reservaat 135, en grinzget oan 'e stêd Edmonton.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.