Stinswier oan de Murnserdyk by Murns
Appearance
Oan de Murnserdyk by Murns, yn de hjoeddeiske gemeente De Fryske Marren, lei in stinswier.
Op de kaarten fan 1718 en 1739 fan de Schotanusatlas wurdt benoarden de Murnserdyk, tusken it doarp en de Braamberch, in stinswier werjûn. Dit is ien fan de fjouwer stinzen, dy't by Murns stien hawwe moatte. By de wier wurdt yn de direkte omkriten lykwols gjin hûs oanjûn.
Op de Kadastrale kaart út 1832 is it plak fan dizze wier noch te werom te kennen as in lyts, mearhoekich perseel, mar fan in wier is gjin sprake mear. Wol wurdt der tusken dit perseel en de dyk in lyts húske oanjûn. Sawol it perseel, dêr 't de wier wie en dit húske wiene doe eigendom fan de herfoarme diakony fan Bakhuzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|